Groepsferkrêfting

In groepsferkrêfting is in foarm fan ferkrêfting wêrby't in persoan troch mear as ien oare persoan mei geweld of op in oare manear tsjin har/syn wil twongen wurdt ta seksuële mienskip. Yn 'e regel moatte der teminsten trije dieders wêze foar't in ferkrêfting in groepsferkrêfting neamd wurdt. Nei groepsferkrêftings as maatskiplik ferskynsel is noch net in protte wittenskiplik ûndersyk dien.

In groepsferkrêfting útbylde fan Utagawa Kuniyoshi (±1797-1861)

Ien stúdzje, fan S.E. Ullman, út 1999, liket út te wizen dat sawol dieders as slachtoffers fan groepsferkrêftings oer it algemien jonger binne as dieders en slachtoffers fan yndividuële ferkrêftings, en dat beiden in hegere kâns hawwe om wurkleas te wêzen. In oare stúdzje, fan C.A. Gidycz en M.P. Koss, út 1990, hat útwiisd dat groepsferkrêftings oer it algemien gewelddiediger binne as yndividuële ferkrêftings, en by it slachtoffer in fûleindiger ferset oproppe. Ek soene slachtoffers fan groepsferkrêftings earder oanjefte dwaan by de plysje, selsmoard yn har omgean litte, en psychologyske help sykje as slachtoffers fan yndividuële ferkrêftings.

Hoewol't groepferkrêfting oeral op 'e wrâld foarkomt, rinne guon lannen derút. Sa bliek yn 2010 by in troch de Súdafrikaanske oerheid bekoste stúdzje fan 'e Medical Research Foundation, dat fan 1500 ûnderfrege skoalbern yn 'e swarte township Soweto, ûnder de reek fan 'e metropoal Jehannesburch, 25% fan 'e jonges oanjoech jackrolling (in sprektaalterm foar groepsferkrêfting) "moai wurk" ("fun") te finen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gidycz, C.A.; Koss, M.P., A Comparison of Group and Individual Sexual Assault Victims, yn: Psychology of Women Quarterly 14 (3), s. 325-342, 1990.
  • Ullman, S.E., A Comparison of Gang and Individual Rape Incidents, yn: Violence and Victims 14 (2), s. 123-133, 1999.