Strânwacht

In strânwachttoer op it Ala Moana-strân, by Honolulu, yn Hawaï.

In strânwacht is in lid fan in helptsjinst dy't simmerdeis de wacht hâldt oer it strân as der in protte baaigasten binne. Se hâlde de lju yn 'e rekken dy't de see yn geane om te swimmen, surfen of oan oare foarmen fan wettersport te dwaan, en geane sokke lju efternei om se te rêden as se yn 'e problemen komme. Yn 'e Feriene Steaten hawwe strânwachten op drokke strannen om 'e pear hûndert meter in útsjochtoer, sadat se fan in ferheging ôf it spul better yn 'e rekken hâlde kinne. Dêrnjonken sprekke strânwachten baaigasten ek oan op harren hâlden en dragen. As der bgl. in soad wyn stiet, en it gefaarlik is om 'e see yn te gean, sprekke strânwachten de baaigasten oan dy't dat dochs fan doel binne en wize harren op 'e gefaren.

Strânwachten moatte kundich wêze op it mêd fan earste help by ûngelokken, wêrûnder fral reänimaasje en mûle-op-mûlebeäzeming, mei't dêr it measte ferlet fan is yn gefallen dat in swimmer of wettersporter hast ferdrinkt. Dêrnjonken moatte se ek ferstân hawwe fan 'e fersoarging fan iepen wûnen en oare medyske needgefallen, lykas hertoanfallen. Yn bgl. de Feriene Steaten en Austraalje is it ek de taak fan strânwachten om te warskôgjen as der har haaien deunby it strân ophâlde. Yn 'e 1990-er jierren rekke de funksje fan strânwacht by in breder publyk bekend troch de populariteit fan 'e Amerikaanske tillefyzjesearje Baywatch.

Yn Nederlân wurdt de funksje fan strânwacht frijwol altyd ferfolle troch frijwilligers. Strânwachten binne yn Nederlân feriene yn 'e Koninklijke Nederlandsche Bond tot het Redden van Drenkelingen (KNBRD), yn 'e folksmûle almeast de Rêdingsbrigade neamd. Dy organisaasje bestiet út mear as twahûndert teams fan yn totaal mear as 5.000 frijwilligers. Behalven oan it strân fan 'e see, binne se ek aktyf by oare oerflaktewetters dêr't swommen wurdt, lykas marren en puollen. Dêrnjonken fersoargje se ek training, bgl. op it mêd fan reänimaasje. De KNBRD wurket nau gear mei de Keninklike Nederlânske Rêdingmaatskippij (KNRM), dy't ferantwurdlik is foar rêdingswurk fierder op see.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.