Stikeltrie(d) of Skerp(e) trie(d) is in metaaltried mei stikels deroan. Fanwegen dy stikels kinne bisten, oars as by oar metaaltried, der net de bealch tsjinoan triuwe oan it tried stikken is. Likesa kinne minsken der net sa maklik oerhinne klimme om't hja de stikels mishâlde moatte.

Stikeltried
Rôle stikeltried

Stikeltriid is útfûn yn de Feriene Steaten yn it midden fan de 19e iuw. It earste patint wie yn 1867 foar Lucien B. Smith. Yn 1873 waard in ferbettere ferzje útfûn troch Joseph F. Glidden. Yn dy tiid waarden stikelhagen wol brûkt om ôfskiednigs foar it fee te meitsjen. Ofskiedings fan stikeltried koenen flugger oanlein wurde as stikelhagen, en ek fluch wer fuorthelle of ferplakke. Dat foardiel wie fan belang foar it feehâlden op grutte skeal yn de Feriene Steaten, dat him no flugger oan nije sitewaasjes oanpasje koe. Lykwols koe it fansels ek in neidiel wêze at immen in oar syn stikeltriedstek fuorthelle woe mei minder goede bedoelings.

Stikeltried is ornaris makke fan twa metaaltrieden dy't om elkoar hinne draaid binne, dêr't regelmjittich koarte triedden omhinne wûn binne mei skerpe einen, om beide triedden of om mar ien. De skerpe úteinen stekke út en foarmje sa in groepke fan stikels. Der is tried dêr't alle kearen mar ien koarte tried ornaris twa kear om de lange triedden hinne wûn is, foar groepkes mei twa stikels, mar oar tried hat groepkes makke fan twa triedjes, foar fjouwer stikels dy't sa bûgd binne dat hja allegear yn oare rjochtings útstekke.