Catherine Louise (Katey) Sagal (Hollywood (Kalifornje), 19 jannewaris 1954) is in Amerikaansk aktrise en sjongster. Sy is it meast bekend fan har rollen yn de telefyzjerigen Married... with Children (as Peggy Bundy), Futurama (de stim fan Turanga Leela) en 8 Simple Rules (as Cate Hennessy).

Katey Sagal yn 1989

Sagal spile ek yn in tal Hollywoodfilms, sa as Mr. Headmistress, Trail of Tears, The good mother en A Chance of a lifetime.

Fan 2008 ôf spilet se in haadrol yn de misdiesearje Sons of Anarchy dêr't se yn 2011 in Golden Globe foar krigen hat.

Keppeling om utens bewurkje seksje