Tatoeaazje

(Trochferwiisd fan Floral)

In tatoeaazje (of mei in Ingelsk wurd tattoo) is in foarm fan lichemsfersiering wêrby't mei in skerpe nulle ûnútwiskbere inket oanbrocht wurdt ûnder de minsklike opperhûd, om it pigmint dêrfan te feroarjen. Mei ûntelbere nulleprikken kinne op dy wize grutte 'tekeningen' op 'e hûd oanbrocht wurde. As foar it oanbringen fan tatoeaazjes gjin skjin ark brûkt wurdt, kin it ta earnstige hûdynfeksjes liede, mar ek ûnder mear fan de lever (hepatitis), tetanus-besmetting en HIV-besmetting.

In rêchtatoeaazje.

Tatoeëarjen komt út it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dêr't it û.m. tradisjoneel praktisearre waard troch de Maöary fan Nij-Seelân en oare Polynezyske folken, en teffens troch de Dajaks fan Borneo en Melanezyske folken as de Fidzjianen. De oarsprong fan it wurd 'tatoeaazje' is it Polynezyske tatau, dat "sekuer" of "ambachtlik" betsjut. It wie de Britske ûntdekkingsreizger James Cook dy't it wurd yn 1769, nei syn earste reis nei Tahity, yn 'e Ingelske taal yntrodusearre, en út it Ingelsk fersprate it him oer alle oare talen fan Jeropa. Sa naam it Frânsk it oer út it Ingelsk, it Nederlânsk naam it (foarsjoen fan it Frânske suffiks -age) oer út it Frânsk en it Frysk naam it wer oer út it Nederlânsk. It Ingelske wurd tattoo is eins in oerstallige werliening, mei't it Nederlânsk en Frysk dêr al in wurd foar hawwe.

Yn 'e Westerske kultuer wiene it oant yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw benammen seelju en soldaten dy't harsels tatoeëarje lieten. Lang koe men jin yn sjike fermiddens eins net mei in tatoeaazje fertoane, om't der op delsjoen waard as wat minderweardichs of sels barbaarsk. Fan 'e 1980-er jierren ôf binne tatoeaazjes lykwols frij algemien akseptearre rekke, en sjocht men fan ien of twa tatoeaazjes net mear op. Lju dy't har oer it hiele lichem of yn it gesicht tatoeëarje litte, kinne lykwols noch altyd rekkenje op beskate maatskiplike swierrichheden, dy't fuortkomme út de noch altyd stigmatisearjende wurking dy't soks hawwe kin.

Soarten tatoeaazjes

bewurkje seksje
 
In Auschwitz-oerlibbene lit syn identifikaasjetatoeaazje sjen.

Der besteane ferskate soarten tatoeaazjes:

Stilen tatoeaazjes

bewurkje seksje

Moderne Westerske tatoeaazjes binne der yn ferskate stilen:

  • floral: in tatoeaazje yn 'e foarm fan in blommemotyf;
  • tribal: in tatoeaazje yn abstrakte foarmen dy't basearre binne op 'e kulturele tatoeaazjes út Oseaanje en Súdeast-Aazje;
  • mouwetatoeaazje of sleeve tattoo: in tatoeaazje dy't de hiele earm bedekt, mar abrupt ophâldt dêr't de mouwe ophâldt, sadat men him by formele gelegenheden ûnder de klean ferbergje kin;
  • ûnderrêchtatoeaazje, ek wol in 'earsgewei' of in tramp stamp neamd, in langwerpige oerdwerse tatoeaazje fuort boppe de stuten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.