Eachskaad
Eachskaad is in soarte make-up en kosmetikaprodukt yn 'e foarm fan kleure poeier of krêm. It wurdt brûkt om 'e minsklike skientme te fergrutsjen troch it op 'e eachlidden te smaren en sa de eagen te ferfraaien troch dy opfallender te meitsjen of grutter of breder lykje te litten. Eachskaad wurdt oanbrocht mei in kwastke, in spesjaal spûnske of mei de fingertop. It wurdt faak yn in inkele kleur ferkocht yn lytse doaskes dy't maklik by jin te dragen binne, mar it is ek te krijen yn gruttere doaskes mei ferskillende kleuren dy't 'palets' neamd wurde, nei it palet fan in keunstskilder.
Eachskaad wurdt benammen brûkt troch froulju, faak yn kombinaasje mei oare kosmetikaprodukten, lykas in wynbraupotlead om 'e wynbrauwen oan te setten, eyeliner om 'e rânen fan 'e eagen dûnker te kleurjen en maskara om 'e eachteisters langer en foller lykje te litten. Behalven op 'e eachlidden kin eachskaad ek ûnder it each, op it wang, of boppe de wynbrau, op 'e legere foarholle, oanbrocht wurde. Yn 'e Westerske wrâld wurdt eachskaad sjoen as in produkt foar froulju, en wannear't manlju it brûke, wurdt dat ornaris beskôge as in teken fan froulikheid of travesty. In útsûndering is de Gothic-subkultuer, wêryn't sawol froulju as manlju swart of alteast tige dûnker eachskaad brûke. Yn it Alde Egypte en beskate oare beskavings út 'e Aldheid wie it foar sawol manlju as froulju wizânsje om 'e eagen op te meitsjen mei in iere foarm fan eachskaad dy't kohl hiet.
It gebrûk fan eachskaad giet milennia tebek. It ierste direkte argeologyske bewiis foar it gebrûk fan soksoarte kosmetika datearret út it Predynastike Tiidrek fan it Alde Egypte (likernôch 5.000 oant 4.000 f.Kr.). Ferskate foarmen fan eachskaad bleaune yn gebrûk en wiene faak populêr troch de hiele minsklike skiednis hinne. Yn it Fiktoriaanske Tiidrek (1837-1901) brûkten alle froulju eachskaad, ynsafier't se dêr finansjeel it frij ta hiene. Hoefolle men der fan op die, joech yn dy tiid jins maatskiplike status oan, mei't in protte eachskaad sjoen waard as ordinêr, wylst froulju út 'e hegerein harren eachmake-up sa subtyl mooglik oanbrochten. Dat ûnderskie libbet yn mindere mjitte ek hjoed de dei noch. Yn syn moderne foarm, as kommersjeel produkt, kaam eachskaad yn 1914 op 'e merk troch tadwaan fan sakefrou Elizabeth Arden. Har bedriuw, Elizabeth Arden, Inc. yntrodusearre ek de namme 'eachskaad' foar dizze foarm fan kosmetika. Oare produsinten, lykas Max Factor sr. en Helena Rubinstein namen dy oantsjutting yn 'e 1920-er jierren oer.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|