Pure Play Media, soms ôfkoarte ta PPM en inkeld ek wol (mis)stavere as Pureplay Media, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Chatsworth, in wyk fan Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje.

Pure Play Media
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Chatsworth (Kalifornje)
oprjochte 2002
offisjele webside
www.pureplaymedia.com

It bedriuw waard oprjochte yn 2002, mei as doel om 'e grutste talinten yn 'e Amerikaanske pornoyndustry byinoar te bringen. Dêrta loek it bedriuw û.o. pornoprodusint, -regisseur en -akteur Seymore Butts oan, dy't by in breder publyk bekend wurden is troch de mainsteam-realitysearje oer syn deistich libben, Family Business; Danni Ashe, earder neakenmodel en stripper en dêrnei de eigner fan 'e súksesfolste neakenfotografywebside fan it ynternet (Danni's Hard Drive); en Suze Randall, in ferneamd neakenfotografe, dy't de oerstap makke ta it regissearjen fan pornografyske films. Teffens wurket Pure Play Media gear mei de útjouwerijen fan neakenblêden Swank Digital en The Score Group, dy't as njonkenaktiviteit ek wol pornografyske dvd's útbringe.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: