Captain America: The Winter Soldier

Captain America: The Winter Soldier is in Amerikaanske superheldefilm út 2014 ûnder rezjy fan 'e bruorren Anthony en Joe Russo, mei yn 'e haadrollen Chris Evans, Scarlett Johansson en Samuel L. Jackson. De titel betsjut "Kaptein Amearika: De Wintersoldaat", en ferwiist sawol nei de superheld Captain America út 'e strips fan Marvel Comics, as nei de supersmjunt dy't er yn dizze film treft. It ferhaal folget Captain America en syn freonen Black Widow en Falcon as de ynternasjonale feilichheidstsjinst S.H.I.E.L.D. ynfiltrearre blykt te wêzen troch in âlde fijân. Tagelyk moatte se it opnimme tsjin in mysterieuze hiermoardner dy't de Wintersoldaat hjit. Captain America: The Winter Soldier krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 2 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Thor: The Dark World. De folgjende film fan 'e rige is Guardians of the Galaxy. Yn 'e ferhaalline fan Captain America folget Captain America: The Winter Soldier op The Avengers (2012) en giet er foarôf oan Captain America: Civil War, út 2016.

Captain America:
The Winter Soldier
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Anthony Russo
Joe Russo
produsint Kevin Feige
senario Christopher Markus
Stephen McFeely
basearre op Captain America fan
   Joe Simon en Jack Kirby
kamerarezjy Trent Opaloch
muzyk Henry Jackman
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Chris Evans
Scarlett Johansson
Samuel L. Jackson
byrollen Anthony Mackie
Robert Redford
Sebastian Stan
Frank Grillo
Cobie Smulders
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 maart 2014
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 136 minuten
budget en resultaten
budget $170 miljoen
opbringst $714,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Thor: The Dark World
● folgjend diel Guardians of the Galaxy

Twa jier nei it ôfslaan fan in bûtenierdske ynvaazje yn New York (sjoch: The Avengers) wurket Steve Rogers, alias de superheld Captain America, yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. foar de ynternasjonale geheime tsjinst S.H.I.E.L.D. Hy hat noch altyd swierrichheden om him oan te passen oan 'e moderne wrâld, om't er nei syn oerwinning op 'e geheime nazy-organisaasje Hydra, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, krapoan santich jier beferzen lein hat op 'e Noardpoal.

As in ûndersyksskip fan S.H.I.E.L.D. yn 'e Yndyske Oseaan kaapt wurdt troch seerôvers oanfierd troch de Frânske âld-kommando George Batroc, wurdt Rogers as Captain America útstjoerd om 'e gizelders te befrijen. Hy wurdt by dy rêdingsmisje stipe troch Natasha Romanoff yn har alter ego fan 'e superheldinne Black Widow en troch it S.T.R.I.K.E.-kommandoteam fan S.H.I.E.L.D. û.l.f. agint Brock Rumlow. Op it skip ûntdekt Rogers dat Romanoff eins in oare misje hat, nammentlik om safolle mooglik ynformaasje út it kompjûtersysteem fan it skip te heljen en op in USB-stick te laden. Dêrmei bringt se de rêdingsmisje yn gefaar.

Werom yn 'e Triskelion, it haadkertier fan S.H.I.E.L.D. yn Washington, D.C., sprekt Rogers de direkteur fan S.H.I.E.L.D., Nick Fury, dêrop oan. Fury bringt him dan op 'e hichte fan Projekt Ynsjoch: de bou fan trije nije 'fleandekkopters' (fleanende fleandekskippen), ferbûn mei in netwurk fan spionaazjesatelliten en bedoeld om bedrigings foar de wrâldoarder preëmptyf, dus foar't se gefaarlik wurde kinne, te eliminearjen. As Fury de ynformaasje op 'e USB-stick dy't er fan Romanoff krigen hat, besiket yn te sjen, wurdt him de tagong ûntsein. As er freget op waans autoriteit dat bart, antwurdet it programma dat it op Fury syn eigen autoriteit is. Om't er wit dat er himsels de tagong ta de ynformaasje net ûntsein hat, wurdt Fury erchtinkend oer it hiele Projekt Ynsjoch. Hy stapt nei de minister foar Ynterne Befeiliging Alexander Pierce ta, dy't it tafersjoch oer S.H.I.E.L.D. hat, om it projekt stil te lizzen.

Underweis nei in moeting mei syn fertrouling Maria Hill wurdt Fury neitiid ûnferhoeds mei swiere wapens oanfallen troch in grutte groep manlju dy't as plysjes ferklaaid binne. Hja wurde oanfierd troch in mysterieuze hiermoardner dy't foarhinne foar de Sovjet-Uny wurke en dy't bekendstiet as 'de Wintersoldaat'. Fury rekket ferwûne, mar wit fia it rioel te ûntsnappen. Hy bejout him nei it appartemint fan Rogers, de iennichste fan wa't er mei wissichheid wit dat er te fertrouwen is. Oan him langet er de USB-stick mei de kodearre ynformaasje oer. Nei't er Rogers op it hert drukt hat om nimmen te fertrouwen, wurdt er út in foaroerlizzend flatgebou wei delsketten troch de Wintersoldaat. Rogers set de efterfolging yn, mar de moardner ûntkomt. Fury wurdt halje-trawalje nei it sikehûs brocht, dêr't er op 'e operaasjetafel fertsjert. Rogers ferberget de USB-stick yn in snackautomaat yn it sikehûs.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis wurdt Rogers yn it Triskelion by Alexander Pierce roppen, dy't liket te witten dat Rogers de USB-stick fan Fury krigen hat. Rogers beart lykwols as wit er fan neat en slacht it bedutsen drigemint fan Pierce yn 'e wyn. Neitiid wurdt er yn in smoarfolle lift oan 'e bûtenkant fan it gebou oanfallen troch Rumlow en de leden fan it S.T.R.I.K.E.-team. Hy wit harren lykwols fan him ôf te slaan en te ûntkommen troch it rút fan 'e lift stikken te slaan en út it gebou te springen. Pierce merkt him oan foar in krimineel op 'e flecht. Rogers giet nei it sikehûs om 'e USB-stick op te heljen, dy't lykwols al út 'e snackautomaat mist. It docht bliken dat Romanoff it ding bemachtige hat. Hja stelt foar dat Rogers en sy de lapen gearsmite.

Romanoff kin de ynformaasje op 'e USB-stick ek net iepenje, mar it slagget har al en bepaal wêr't de ynformaasje wei komt. Dat is earne yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Twaresom reizgje Rogers en Romanoff dêrhinne en fine in âlde geheime S.H.I.E.L.D.-bunker. Dêr ûntdekke se in superkompjûter mei it preservearre bewustwêzen fan 'e nazy-wittenskipper dr. Arnim Zola, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch it brein efter de útfinings fan Hydra wie.

Zola fertelt Rogers en Romanoff dat er nei de oarloch omreden fan syn briljante ferstân yn Amerikaanske tsjinst kommen is. Yn it ferhoalene hat er ûnderwilens Hydra lykwols weroprjochte. S.H.I.E.L.D., dat koart nei de oarloch stifte waard, hat sadwaande fan it begjin ôf oan ynfiltrearre west troch Hydra. Neffens Zola wie de grutste flater fan Hydra dat it besocht de minsken harren frijheid ôf te nimmen sûnder foar it ferstân te hawwen dat minsken har dêrtsjin fersette soene. Hydra yn syn weroprjochte foarm hat dêrom trijefearnsiuw krewearre om safolle gaos en trelit yn 'e wrâld te feroarsaakjen as mar mooglik is, sadat de minsken úteinlik frijwillich ôfstân dwaan wolle fan harren frijheid yn ruil foar feilichheid. Oan 'e ein fan dy lange en ûnfrege útlis docht bliken dat Zola oan it tiidrekken wie, sadat S.H.I.E.L.D. in raket ôfsjitte koe dy't by de ynslach it hiele bunkerkompleks ferneatiget. Troch Rogers syn superkrêften oerlibje hy en Romanoff de oanfal lykwols.

Om't Pierce, nei de dea fan Fury, de iennichste binnen S.H.I.E.L.D. is mei it foech om it ôfsjitten fan sa'n raket te beoarderjen, beseffe Rogers en Romanoff dat hy oan it haad fan Hydra stean moat. Se dûke ûnder by Sam Wilson, in eardere pararêdingsman fan 'e Amerikaanske Loftmacht, mei wa't Rogers yn 'e ôfrûne moannen freonskip sletten hat. Dyselde biedt harren syn help oan (as Falcon) mei syn rêchwjukte wingsuit. Mei syn trijen nimme se S.H.I.E.L.D.-agint Jasper Sitwell finzen, dy't in mol foar Hydra is, en twinge him om út te lizzen wat Hydra by de ein hat. It docht bliken dat Zola in algoritme foar datamining ûntwikkele hat dat op basis fan eigenskippen en dieden út it ferline yndividuën identifisearje kin dy't yn 'e takomst in bedriging foar Hydra wurde sille. Mei de trije fleandekkopters fan Projekt Ynsjoch sille al sokke lju mei satellytstjoerde kanonnen yn ien klap fermoarde wurde.

Sitwell komt om as Rogers-en-dy yn in mûklaach rinne fan 'e Wintersoldaat. Wannear't dyselde by it dêropfolgjende gefjocht syn gesichtsbedekkend masker ferliest, ken Rogers him wer as syn bêste freon Bucky Barnes, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch by in oanfal op in trein fan Hydra yn in ravyn fallen is en dêrom dea waand waard (sjoch: Captain America: The First Avenger). No blykt dat er eins syn fal oerlibbe hat en troch Hydra finzen nommen is. Nei de oarloch waard er bleatsteld oan eksperiminten wêrby't syn lichem en geast oanpast waarden: syn lofterearm waard amputearre en ferfongen troch in metalen proteze, hy waard boppeminsklike sterk en syn ûnthâld waard wiske.

De Wintersoldaat en syn trewanten winne it gefjocht, dat lang om let wurde Rogers, Romanoff en Wilson finzen nommen. Rumlow en it S.T.R.I.K.E.-team nimme harren mei om har op in stil plak te fermoardzjen. Fury syn assistinte Maria Hill is lykwols yn it S.T.R.I.K.E.-team ynfiltrearre en wit it trio te rêden. Hja nimt harren mei nei in safehouse dêr't Fury, dy't syn eigen dea yn sêne set hat om oan Pierce-en-dy te ûntkommen, oan 'e opbetterjende hân is fan syn ferwûnings. Fury en Hill hawwe ûnderwilens in plan útdoktere om 'e fleandekkopters fan Projekt Ynsjoch te sabotearjen troch de kontrôlechips om te wikseljen foar guon dy't se sels produsearre hawwe.

Rogers en Wilson ynfiltrearje yn 'e Triskelion om 'e omwikseling fan 'e chips te berêden. Underwilens arrivearje fjouwer leden fan 'e Wrâldfeilichheidsried foar de lansearring fan 'e trije nije fleandekkopters. Rogers kaapt it lûdssysteem fan it gebou om eltsenien dêre op 'e hichte te bringen fan 'e gearspanning fan Hydra. Dat liedt ta tsjinwurking fan 'e lansearring fan 'e fleandekkopters troch S.H.I.E.L.D.-personiel dat te goeder trou is, mar it ferset wurdt op ûnmeilydsume wize de kop yndrukt troch it S.T.R.I.K.E.-team. Pierce besiket de Wrâldfeilichheidsriedsleden te gizeljen, mar ien fan harren blykt Romanoff yn momkape te wêzen, en hja ûntwapenet him. Fury arrivearret per helikopter en twingt Pierce ta meiwurking by it digitaal ûntskoatteljen fan 'e S.H.I.E.L.D.-database, sadat Romanoff geheime ynformaasje nei de media lekke kin en dêrmei it bestean fan Hydra bekend meitsje. Pierce besiket Fury te oermasterjen, mar dyselde sjit him dea.

Underwilens kringe Rogers en Wilson elts op spektakulêre wize ien fan 'e trije fleandekkopters binnen en wikselje de kontrôlechips om. Neitiid wurdt it wingsuit fan Wilson fernield troch de Wintersoldaat, sadat it op Rogers oankomt om 'e trêde chip te ferwikseljen. De Wintersoldaat besiket dat foar te kommen en yn harren gefjocht wurdt Rogers hindere troch it feit dat er syn âlde freon gjin kwea dwaan wol. Lang om let wit er de Wintersoldaat lykwols langernôch fan him ôf te slaan om 'e chip om te wikseljen. Dêrop nimt Hill de kontrôle oer de trije fleandekkopters oer, dy't krekt op it punt steane om alle minsken yn 'e stêdekloft fan Washington, D.C. te ferdylgjen, dy't Hydra as mooglike bedriging identifisearre hat (ûnder wa de presidint fan 'e Feriene Steaten). Op befel fan Hill nimme de trije loftskippen lykwols ynstee inoar ûnder fjoer, sadat se alle trije ferneatige wurde.

Nei't er de lêste chip omwiksele hat, wegeret Rogers om noch langer tsjin syn freon te fjochtsjen, mei as gefolch dat de Wintersoldaat him alhiel yninoar slacht. As de fleandekkopter dêr't hy him yn befynt, yn botsing komt mei de Triskelion, wat ta de ferneatiging fan it gebou liedt, falt in bewusteleaze Rogers út it loftskip yn 'e rivier de Potomac. De Wintersoldaat springt him efternei en skuort him út it wetter op it drûge, ear't er weiwurdt yn it strewelleguod op 'e igge.

Mei S.H.I.E.L.D. kompromittearre en dêrtroch fierhinne útskeakele, ferskynt Romanoff foar in kommisje fan 'e Amerikaanske Senaat om in tsjûgenis ôf te lizzen. Fury set ûnder dekking fan syn eigen ferstjerren ôf nei East-Jeropa om dêr de restearjende sellen fan Hydra op te spoaren en te eliminearjen. Rogers en Wilson geane op 'e siik nei de Wintersoldaat. Underwilens wurdt in swierferwûne Rumlow, dy't út 'e brokstikken fan it ynstoarte diel fan 'e Triskelion wei opdold is, op 'e intensive care-ôfdieling fan in pleatslik sikehûs opnommen sûnder as terrorist werkend te wurden.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, ferklearret baron Wolfgang von Strucker yn in laboratoarium fan Hydra yn it (fiktive) Eastjeropeeske lân Sokovia dat it "tiidrek fan wûnders" begûn is, wylst syn wittenskippers in fol mei enerzjy sittende skepter ûndersykje. (Dat is de Tesseract, dy't earder brûkt waard troch de god Loki yn The Avengers.) Under lieding fan Strucker syn haadwittenskipper, dr. List, brûke se de skepter om te eksperimintearjen op twa minsken: boer en suster Wanda en Pietro Maximoff. Wanda (Scarlet Witch) wurdt alsa bejeftige mei telekinetyske krêften, wylst Pietro (Quicksilver) boppeminsklike faasje taparte kriget.

Yn in sêne dy't oan 'e ein fan 'e ôftiteling folget, besiket de Wintersoldaat it tinkteken foar himsels yn it Smithsonian Ynstitút.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Chris Evans.
 
Scarlett Johansson.
 
Samuel L. Jackson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                  
Steve Rogers / Captain America Chris Evans
Natasha Romanoff / Black Widow Scarlett Johansson
Nick Fury Samuel L. Jackson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sam Wilson / Falcon Anthony Mackie
minister Alexander Pierce Robert Redford
Bucky Barnes / de Wintersoldaat Sebastian Stan
Brock Rumlow Frank Grillo
Maria Hill Cobie Smulders
Sharon Carter / Agent 13 Emily VanCamp
Peggy Carter Hayley Atwell
Jasper Sitwell Maximiliano Hernández
dr. Arnim Zola Toby Jones (allinne stim)
senator Stern Garry Shandling
Georges Batroc Georges St-Pierre
Jack Rollins Callan Mulvey
Wrâldfeilichheidsriedslid #1 Chin Han
Wrâldfeilichheidsriedslid #2 Jenny Agutter
Wrâldfeilichheidsriedslid #3 Alan Dale
Wrâldfeilichheidsriedslid #4 Bernard White
S.H.I.E.L.D.-technikus dy't meiwurking wegeret Danny Pudi
Apple Store-wurknimmer DC Pierson
fertelstim by tentoanstelling yn it Smithsonian Ynstitút Gary Sinise (stim)
nachtwachter yn it Smithsonian Ynstitút striptekener Stan Lee (cameo)
wittenskipper fan Hydra striptekener Ed Brubaker (cameo)
dokter regisseur Joe Russo (cameo)
ûnderfreger fan S.H.I.E.L.D. #1 senarioskriuwer Christopher Markus (cameo)
ûnderfreger fan S.H.I.E.L.D. #2 senarioskriuwer Stephen McFeely (cameo)
baron Wolfgang von Strucker Thomas Kretschmann (cameo)
dr. List Henry Goodman (cameo)
Wanda Maximoff / Scarlet Witch Elizabeht Olsen (cameo)
Pietro Maximoff / Quicksilver Aaron Taylor-Johnson (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Captain America: The Winter Soldier waard regissearre troch de bruorren Anthony Russo en Joe Russo nei in senario fan Christopher Markus en Stephen McFeely op basis fan 'e superheld Captain America fan striptekeners Joe Simon en Jack Kirby. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de filmstudio Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan $170 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Trent Opaloch, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Henry Jackman.

 
Leden fan 'e cast en crew fan Captain America: The Winter Soldier op 'e San Diego Comic-Con fan 2013. F.l.n.rj.: filmprodusint Kevin Feige; akteurs Emily VanCamp, Anthony Mackie, Cobie Smulders, Samuel L. Jackson en Scarlett Johansson; regisseurs Anthony en Joe Russo; en akteurs Chris Evans, Frank Grillo en Sebastian Stan.

Markus en McFeely begûnen oan it skript foar de film te wurkjen sadree't de foargeande film, Captain America: The First Avenger, yn 2011 yn premiêre gien wie. Se makken foar de ferfolchfilm gebrûkt fan 'e ferhaalline oer de Wintersoldaat út it wurk fan striptekener Ed Brubaker en linen teffens op gearspanningsfiksje út 'e 1970-er jierren, lykas de film Three Days of the Condor (1975). De bruorren Russo tekenen yn juny 2012 foar de rezjy, en de casting begûn in moanne letter.

De opnamen foar Captain America: The Winter Soldier setten op 1 april 2013 útein en duorren oant en mei 27 juny fan dat jier. De sênes op it skip yn 'e Yndyske Oseaan waarden eins filme op 'e Sea Launch Commander yn 'e haven fan Long Beach (Kalifornje). Yn Washington, D.C. waard op lokaasje filme op 'e National Mall, by it Willard Hotel en op 'e bekende rotonde Dupont Circle. De film waard lykwols foar it meastepart opnommen yn Cleveland (Ohio), dêr't filme waard yn of by û.m. de Iepenbiere Bibleteek fan Cleveland, de Steatsuniversiteit fan Cleveland, de Cleveland Arcade, it Tower City Center, it Cleveland Museum of Art en it Histoarysk Genoatskip fan it Westlik Reservaat. Foar binnendoarsênes waarden guon priveewenten en in tsjerkegebou yn Cleveland brûkt, wylst oare binnendoarsênes filme waarden yn 'e Manhattan Beach Studios yn Manhattan Beach (Kalifornje).

 
De filmset foar Captain America: The Winter Soldier op 'e National Mall yn Washington, D.C.

Om in protte fan 'e spektakulêre bylden yn 'e film te berikken, makke de regisseurs gebrûk fan sawol yntins stuntwurk, as fan 2.500 shots fan fisuele effekten, produsearre troch seis ûnderskate bedriuwen, dy't yn 'e postproduksje tafoege waarden.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Captain America: The Winter Soldier waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 13 maart 2014 yn it El Capitan Theatre yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 4 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 1 april 2014 by platemaatskippij Hollywood Records. Captain America: The Winter Soldier kaam op 19 augustus 2014 beskikber as digitale download en waard op 9 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Captain America: The Winter Soldier oer it algemien positive resinsjes. Sa beskôge Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times it as "alwer in poerbêst haadstik yn it ferhaal fan Marvel op it wite doek", al moast him fan it hert dat er de film minder fûn as The Avengers (2012), Iron Man (2008) en Iron Man 3 (2013). Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy dat de film "de dryste stap nimt (foar Marvel) om it special effects-spektakel ta in relatyf minimum te beheinen yn it foardiel fan […] aksje fan 'e âlde skoalle, ferrassende karakterûntwikkeling en yntrigearjende spanning."

 
Akteur Chris Evans (mei burd) op 'e reade loper by de Frânske nasjonale premiêre fan Captain America: The Winter Soldier yn Parys op 17 maart 2014.

Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly murk de aktuelens fan it ferhaal fan 'e film op, en ferliek Captain America: The Winter Soldier dêrom mei The Dark Knight (2008). Yn The Boston Globe koe Ty Burr wol wurdearje dat der "krekt ûnder it stripboekoerflak" yn 'e film "tsjuster en betizing" ferburgen sitte. Yn The Wall Street Journal priizge Joe Morgenstern de "emosjonele bânbreedte" fan Captain America: The Winter Soldier, dy't neffens him alle tekoartkommings fan Captain America: The First Avenger (2011) goedmakke. Joe Williams, fan 'e St. Louis Post Dispatch, fûn dan wer dat The Winter Soldier kânsen lizze liet en net yn it skaad stean koe fan The First Avenger.

Yn 'e Los Angeles Times wie Kenneth Turan hielendal net goed te sprekken oer Captain America: The Winter Soldier, dat neffens him karakterisearre waard troch in gebrek oan ynspiraasje. Yn The New York Times skreau Manohla Dargis dat de film it nei "in kinetyske start" sitte liet. De Britske resinsint Robbie Collin skreau yn The Daily Telegraph dat er teloarsteld wie oer it bytsje risiko's dat de filmmakkers ree west hiene om mei de film te nimmen, yn ferhâlding ta it "relatyf pittige útgongspunt". Yn 'e San Franciso Chronicle skreau Mick LaSalle dat er de film sels te lang fûn en in protte fan 'e aksjesênes net spannend en frijwol net nei te kommen. Neffens Jake Coyle fan it parseburo Associated Press (AP) waard it sa njonkelytsen "dreech om Marvel-films útinoar te hâlden."

 
In parsekonferinsje ta promoasje fan Captain America: The Winter Soldier yn Parys yn maart 2014. F.l.n.rj.: Samuel L. Jackson, Scarlett Johansson, Chris Evans en de bruorren Anthony en Joe Russo.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Captain America: The Winter Soldier in heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 305 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is sawol spannend as polityk by de tiid, en kin dêrom beskôge wurde as ien fan 'e bettere dielen fan 'e Avengers-kanon, dat trouwe fans perfoarst yn ferfiering bringe sil." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Captain America: The Winter Soldier in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 48 resinsjes.

Captain America: The Winter Soldier brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $259,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $454,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $714,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $170 miljoen betsjut dat in winst fan $544,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Captain America: The Winter Soldier de op seis nei meast opbringende film fan 2014, nei Transformers: Age of Extinction, The Hobbit: The Battle of the Five Armies, Guardians of the Galaxy, Maleficent, The Hunger Games: Mockingjay – Part 1 en X-Men: Days of Future Past.

Captain America: The Winter Soldier waard yn 2015 nominearre foar de Oscar yn 'e kategory bêste special effects. De film waard fierders nominearre foar 11 Saturn Awards: bêste ferfilming fan in strip, bêste regisseur, bêste akteur (Chris Evans), twa kear bêste byrol fan in akteur (Samuel L. Jackson en Anthony Mackie), bêste byrol fan in aktrise (Scarlett Johansson), bêste senario, bêste filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp en bêste special effects. Ek waard Captain America: The Winter Soldier nominearre foar 2 Critics' Choice Movie Awards, 6 People's Choice Awards, 2 MTV Movie Awards, 6 Teen Choice Awards en in Empire Award. De film wûn dêrfan inkeld de People's Choice Award foar favorite aksjefilmakteur, dy't nei Chris Evans gie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)