Robbie Collin (folút: Robert Collin) is in Britsk sjoernalist en filmkritikus dy't wurket foar de krante The Daily Telegraph.

Robbie Collin
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robert Collin
nasjonaliteit Britsk
berne 19??
berteplak ? (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
Robbie Collin op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Collin komt út Skotlân, dêr't er estetyk en filmfilosofy studearre oan 'e Universiteit fan St Andrews. Yn syn studintetiid wied er redakteur fan 'e universiteitskrante, The Saint.

Fan 2007 oant 2011 skreau Collin in wyklikse kollumn foar de krante News of the World, oant dy opdoekt waard omreden fan in ôflústerskandaal. Yn 2011 waard Collin nominearre foar de priis foar kritikus fan it jier by de British Press Awards.

Fan 2011 ôf wurket Collin as de haadfilmkritikus by de foaroansteande krante The Daily Telegraph. Dêrnjonken ferskynt er út en troch yn tillefyzjeprogramma's en radioprogramma's om films te besprekken, lykas yn 'e Vue Film Show op Channel 4, mei Edith Bowman, en yn 'e Arts Show op BBC Radio 2, mei Claudia Winkleman. Yn augustus 2013 wied er gastpresintator fan 'e filmrubryk út BBC Radio 4, en teffens hat er gastpresintator west fan Kermode and Mayo's Film Review op 'e BBC-radio.

Yn 2017 waard Collin foar de twadde kear nominearre foar de priis foar kritikus fan it jier fan 'e British Press Awards, diskear mei in loovjende oanrikkemandearring fan 'e sjuery. Yn 2018 stalde er foar The Daily Telegraph in list gear fan wat neffens him de hûndert bêste films aller tiden wiene, wêrby't er Singin' in the Rain (1952) it earste plak taparte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.