Mark Kermode
Mark Kermode (folút: Mark James Patrick Kermode, útspr.: [ˈkɜːmoʊd], likernôch "kuh-mood"; berne as Mark James Patrick Fairey; Barnet, 2 july 1963) is in Ingelsk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, presintator, en muzikant. Hy is de haadfilmkritikus fan 'e foaroansteande krante The Observer en presintearret tillefyzjeprogramma's en radioprogramma's foar de BBC. Kermode, dy't de kontrabas bespilet, is ek ien fan 'e oprjochters fan 'e skiffleband The Dodge Brothers.
Mark Kermode | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mark James Patrick Kermode | |
oare namme | Mark James Patrick Fairey | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 2 july 1963 | |
berteplak | Barnet (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist, presintator, muzikant | |
aktyf as | filmkritikus | |
jierren aktyf | mids 1980-er jierren – no | |
offisjele webside | ||
Mark Kermode op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeKermode waard yn 1963 berne as Mark James Patrick Fairey yn Barnet, yn it Ingelske greefskip Hertfordshire. Hy genoat ûnderwiis oan 'e Haberdashers' Aske's Boys' School, in priveeskoalle foar jonges yn Elstree, ek yn Hertfordshire. Hy waard grutbrocht as metodist, mar waard letter lid fan 'e Tsjerke fan Ingelân. Syn âldelju skieden doe't er yn 'e tweintich wie, en neitiid feroare er syn efternamme Fairey yn 'e famkesnamme fan syn mem, Kermode. Hy studearre Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Manchester, dêr't er yn 1991 promovearre op in proefskrift oer horrorfiksje.
Karriêre
bewurkje seksjeKermode sette syn karriêre mids 1980-er jierren útein as sjoernalist fan 'e skriuwende parse. Yn 't earstoan wurke er foar City Life, in tydskrift út Manchester, en letter fûn er wurk by de blêden Time Out en NME yn Londen. Hy skreau ek foar The Independent, Vox, Empire, Flicks, Fangoria en Neon.
Yn 1993 kaam Kermode as radiopresintator foar de BBC te wurkjen, wêrby't er yn syn programma Cult Film Corner films bespriek. Tegearre mei Mary Anne Hobbs presintearre er ek in filmrubryk dy't Cling Film hiet. Fan 1992 oant 1993 wied er fierders as fêste filmkritikus ferbûn oan it programma Morning Edition fan Danny Baker. Sûnt 2001 besprekt er mei Simon Mayo films yn it bekroande radioprogramma Kermode and Mayo's Film Review.
Yn it ramt fan 'e skriuwende parse wie Kermode oant septimber 2005 de fêste filmkritikus fan 'e krante New Statesman. Sûnt 2009 skriuwt er filmresinsjes foar de krante The Observer, dêr't er yn 2013 haadfilmkritikus waard doe't Philip French mei pinsjoen gie. Ut en troch ferskine der ek artikels fan syn hân yn it blêd Sight and Sound, it orgaan fan it Britsk Filmynstitút (BFI).
Op 'e tillefyzje fersoarget Kermode filmrubriken op Film4 en Channel 4. Hy is ek presintator fan The Culture Show op BBC 2. Fierders skriuwt er senario's foar en presintearret er dokumintêres oer de filmyndustry foar BBC 4 ûnder te titel Mark Kermode's Secrets of Cinema. Kermode is in lid fan 'e Britske Akademy foar de Film- en Tillefyzjekeunsten (BAFTA), dy't elts jier de bekende BAFTA Awards útrikt.
Njonken syn karriêre as sjoernalist en presintator is Kermode ek aktyf as muzikant. Yn 'e iere 1990-er jierren spile er kontrabas foar de skiffle/rockabilly-band The Railtown Bottlers, dy't fan 1993 ôf ek de hûsband wie foar it BBC-programma Danny Baker After All. Yn 2001 rjochte Kermode mei trije oaren de skiffleband The Dodge Brothers op, wêryn't er op 'e nij kontrabassist is.
Priveelibben
bewurkje seksjeKermode troude yn 1991 mei Linda Ruth Williams, in heechleararesse filmkeunst oan 'e Universiteit fan Exeter. Mei har hat er twa bern. Yn 'e 1980-er jierren hold Kermode der kommunistyske tinkbylden op nei en ûnderhold er bannen mei de Revolúsjonêre Kommunistyske Groep (RCG). Hy is noch altyd in republikein. Kermode is ek in feminist en in peskataarjer (hy yt fisk, mar gjin fleis) en ien dy't sneins nei tsjerke giet. Yn febrewaris 2010 publisearre er by Random House syn autobiografy It's Only a Movie, dy't er sels omskreau as "ynspirearre troch wiere foarfallen".
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Mark Kermode op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Mark Kermode yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|