Singin' in the Rain (film)
Singin' in the Rain is in Amerikaanske romantyske komeedzje yn 'e foarm fan in filmmusical yn Technicolor út 1952 ûnder rezjy fan Gene Kelly en Stanley Donen. De haadrollen waarden fertolke troch Kelly en Debbie Reynolds, mei Donald O'Connor en Jean Hagen yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Oan it Sjongen yn 'e Rein", en wie oernommen fan it it bekendste liet yn 'e film. It ferhaal folget filmstjer Don Lockwood, dy't fereale rekket op it talintearre dûnsereske Kathy Selden. Harren relaasje is pleatst tsjin 'e eftergrûn fan in lichtfuottige ôfskildering fan 'e filmyndustry fan Hollywood oan 'e ein fan 'e 1920-er jierren, doe't de filmstudio's frij hommels oerskeakelje moasten fan stomme film nei lûdsfilm. Singin' in the Rain krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar wie mar in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Tsjintwurdich wurdt de film faak beskôge as de bêste filmmusical ea makke en ien fan 'e bêste Amerikaanske films ea makke. Yn 1989 waard Singin' in the Rain foar preservearring opnommen yn it National Film Registry.
Singin' in the Rain | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Gene Kelly Stanley Donen | |
produsint | Arthur Freed | |
senario | Betty Comden Adolph Green | |
kamerarezjy | Harold Rosson | |
muzyk | Lennie Hayton (filmmuzyk) Nacio Herb Brown (lieten) Arthur Freed (lietteksten) | |
filmstudio | Metro-Goldwyn-Mayer | |
distribúsje | Loew's Inc. | |
spilers | ||
haadrollen | Gene Kelly Debbie Reynolds | |
byrollen | Donald O'Connor Jean Hagen Millard Mitchell Douglas Fowley | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 27 maart 1952 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | histoaryske romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 103 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $2,5 miljoen | |
opbringst | $5,6 miljoen | |
prizen | 1 × Golden Globe |
Plot
bewurkje seksjeDon Lockwood is yn 1927 in populêre stjer fan 'e stomme film, dy't himsels opwurke hat fan stuntman en noch earder hantsjemuoisfeint. Mei syn bêste freon Cosmo Brown hat er him jierren lyn op 'e syk nei wurk by de filmstudio Monumental Pictures jûn, dêr't Cosmo komponist, pianist en orkestlieder wurden is. Foar de publisiteit wurdt Don troch de studio keppele oan aktrise Lina Lamont, dy't yn in hiele rige films syn tsjinspylster is. Foar de bûtenwrâld lykje se it perfekte Hollywoodpearke te wêzen, mar eins kin Don de idele, oerflakkige, gemiene en oaljedomme Lina net útstean. Sy is der lykwols fan oertsjûge rekke dat it toanielstikje dat se foar de media opfiere, wier is, en dat Don smoarfereale op har is. Hoe't er ek op har ynpraat, dat kriget er har net út 'e holle.
Op 'e reade loper by de premiêre fan syn nijste film, The Royal Rascal, wurdt Don ynterviewd troch Dora Bailey, in liedende sjoernaliste fan 'e rabbersparse, oan wa't er op temûk sarkastyske wize in folslein oerdreaune ferzje fan syn libben ferteld, wêrby't syn wurden op humoristyske wize tsjinsputsen wurde troch flashbacks. As Don en Cosmo nei de premiêre ûnderweis nei in feest midden yn 'e stêd in lekke bân krije, wurdt Don bestoarme troch jonge froulike fans, dy't him letterlik de klean fan it liif begjinne te skuorren. Om te ûntsnappen spingt er yn in passearjende auto, dy't bestjoerd wurdt troch de jonge dûnseresse Kathy Selden.
Sy ken him earst net werom en mient dat er har auto stelle wol, mar as er har gerêststeld hat, biedt se him in lift oan nei syn hûs yn Beverly Hills. Underweis besiket Don har te fersieren, en om dat ôf te warren, beart Kathy dat se mar ien fan syn films sjoen hat om't se stomme films eins mar ûnnoazel fermaak fynt. Sels beweart se in toanielaktrise te wêzen en op it toaniel, hat men èchte akteurs, sa't eltsenien wit. Yn syn wjuk sketten jout Don syn besykjen ta fersieren op. Tsjin 'e tiid dat Kathy him thús ôfset, hawwe se rúzje krigen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nei't er him omklaaid hat, bejout Don him dochs noch nei it feest by R.F. Simpson thús, de direkteur fan Monumental Pictures. Dy lit dêr in koarte demonstraasje sjen fan in lûdsfilm, dêr't syn gasten lykwols de gek mei hawwe en beslist net fan ûnder de yndruk binne. It hichtepunt fan it feest is as der in grutte sabeare taart binnenriden wurdt, dêr't Kathy útspringt om mei in tal oare dûnsereskes in liet te sjongen foar de gasten. Don fynt dat prachtich nei har grutte wurden fan earder, en pleaget har der op ûnmeilydsume wize mei. As Kathy úteinlik har nocht hat, pakt se in echte taart, dy't se him yn it gesicht klappe wol, mar hy sjocht it oankommen en dûkt fuort, sadat de taart ynstee yn Lina har gesicht bedarret. Dy is poer, en Kathy naait út.
Neitiid siket Don har wikenlang, en syn maat Cosmo kriget op 't lêst foar it ferstân dat Don fereale rekke is op Kathy. Under de opnamen fan in nije stomme film, The Dueling Cavalier, makket Lina triomfantlik bekend dat sy derfoar soarge hat dat Kathy har baan kwytrekke en út 'e filmyndustry ferdwûn is. Don wurdt dêr alhiel breinroer oer, en wylst se in romantyske sêne opnimme wêryn't de achttjinde-iuwske Frânske ealman dy't er spilet de tsjeppe mar bleue frelle it hof makket dy't Lina spilet, byt er har mei in oanbiddende glimk op syn gesicht ta hoe bot oft er har hatet.
Uteinlik is it Cosmo dy't Kathy weromfynt. Hja wurket mei oan in oare produksje fan Monumental Pictures dêr't se net witte wa't sy is. As Don ferskynt, mient Kathy dat er har ferriede sil en bychtet se har geheim oan Simpson op, mar ta har ferheardens falt Don har by. Simpson, dy't sjoen hat dat se wier talint hat, beslút om har yn 'e tsjinst te hâlden, salang't se dat mar foar Lina geheim hâlde. Neitiid bekent Kathy dat se dochs altyd al in fan fan Don west hat.
Nei't de rivalisearjende filmstudio Warner Bros. in ûnbidich súkses hat mei de earste lûdsfilm, The Jazz Singer, hat Simpson gjin oare kar as om mei te gean mei de tiid en tenei ek lûdsfilms te produsearjen. Hy beslút dat The Dueling Cavalier, fan regisseur Roscoe Dexter, mei Don en Lina yn 'e haadrollen, de earste lûdsfilm fan syn studio wurde moat. Dat smyt lykwols withoefolle swierrichheden op, te begjinnen mei Lina har heechtoanige snerpende stimlûd en har swiere New Yorkske aksint. De studio hiert de foaroansteande logopediste Phoebe Dinsmore yn om har alteast normaal Amerikaansk-Ingelsk by te bringen, mar dat is om 'e nocht om't Lina it ferskil yn útspraak net heart. By de opnamen ferjit se boppedat hieltyd wêr't de mikrofoan sit, sadat se oanhâldend hiel lûd of frijwol net te hearren is, ta argewaasje fan regisseur Dexter.
In preview fan The Dueling Cavalier rint út op in fiasko. Lina har stim is folslein ûngaadlik foar in lûdsfilm, troch de fluktuëarjende sterkte fan it lûd is se amper te folgjen en ek de oare akteurs binne soms net te hearren. Don, dy't út gewoante wei op eigen manneboet syn dialooch oanpast hat, om't dat earder nea wat útmakke om't it dochs net te hearren wie, wurdt troch it bioskooppublyk útlake as er de tekst "Ik hâld fan dy" oan ien wei troch werhellet. Midden yn 'e film reitsje ta oermjitte fan ramp it byld en it lûd net mear syngroan, mei hilaryske gefolgen as Lina skodhollet wylst de smjunt syn swiere stim seit: "Ja! Ja! Ja!", wêrnei't de smjunt knikt en Lina har heech lûd seit: "Nee! Nee! Nee!"
As se neitiid trijeresom by Don thús it spul beprate, komme Don, Kathy en Cosmo op it idee om The Dueling Cavalier te feroarjen yn in filmmusical mei as titel The Dancing Cavalier. In probleem bliuwt wol Lina har ferskriklike stim. Cosmo betinkt dêr in oplossing foar: wat as se noris Lina har rol neisyngronisearje mei Kathy har stimlûd? Se lizze harren ideeën foar oan Simpson, dy't it geniaal taliket, mar harren op it hert drukt om net oan Lina te fertellen dat se neisyngronisearre wurde sil en alhielendal net mei waans stimlûd. Lina har freondinne Zelda Zanders bringt it geheim lykwols oan har út, en Lina is spinnidich. Se driget om Simpson foar de rjochter te slepen en twingt sa ôf dat Kathy gjin fermelding op 'e ôftiteling fan The Dancing Cavalier kriget. Dêropta easket se dat Kathy no foar altyd ynset wurde sil as har 'stim', en dat de bûtenwrâld dêr nea wat oer gewaarwurde sil. Simpson stimt dêr mei tsjinnichheid mei yn nei't er derop wiisd is dat Lina har kontrakt mei Monumental Pictures in klausule befettet, dy't stelt dat de studio der ferantwurdlik foar is dat de aktrise altyd posityf yn 'e media komme sil.
De premiêre fan The Dancing Cavalier is in ûnbidich súkses. Pas neitiid ûntdekke Don, Kathy en Cosmo wat Simpson mei Lina ôfpraat hat. Earder hie Don nei premiêres altyd in taspraak foar it publyk holden, mar no't it súkses Lina nei de holle stige is, stiet se derop dat se de oanwêzigen diskear sels tasprekke sil. Har hege en aaklik skerpe stimlûd liedt lykwols ta spottende reäksjes fan it publyk, dat begjint te roppen om har yn it echt sjongen te hearren. Don, Cosmo en Simpson mûskopje even wat mei-inoar, wêrnei't se Kathy opdrage om efter de gerdinen Singin' in the Rain te sjongen, sadat Lina, foar de gerdinen, it liet playbacke kin. Kathy, dy't dat as ferrie fan Don beskôget, docht mei tsjinnichheid wat har sein wurdt.
As it ferske healwei is, lûke Don, Cosmo en Simpson mei suver boasaardige wille de gerdinen iepen, sadat eltsenien sjen kin wa't der wier sjongt. Dat liedt ta hilariteit mank it publyk. Lina flechtet yn fernedering fuort en Kathy, dy't net beseft dat de mannen har no krekt foargoed fan 'e ynfloed fan Lina befrijd hawwe, naait ek oerstjoer en yn triennen út. Don hellet har lykwols werom en presintearret har oan it publyk as "de wiere stjer" fan 'e film. Letter tútsje Don en Kathy inoar foar it reklameboerd fan harren nije film, Singin' in the Rain.
Lieten
bewurkje seksjeSingin' in the Rain wie oarspronklik bedoeld as in fehikel foar it recycljen fan lieten dy't tekstskriuwer Arthur Freed en komponist Nacio Herb Brown foar eardere filmmusicals fan Metro-Goldwyn-Mayer út 'e perioade fan 1929 oant 1939 skreaun hiene. De film kin sadwaande beskôge wurde as in jukeboxmusical.
- Fit as a Fiddle (and Ready for Love) (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Al Hoffman en Al Goodhart; oarspronklik útbrocht yn 1932)
- Temptation (yn Singin' in the Rain inkeld yn ynstumintele útfiering; skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Going Hollywood út 1933)
- All I Do is Dream of You (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik yn stadiger ferzje brûkt yn Sadie McKee út 1934)
- Make 'Em Laugh ( skreaun en komponearre troch Betty Comden en Adolph Green; orizjineel foar Singin' in the Rain, hoewol't it liet in opfallende likenis fertoand mei Be a Clown fan Cole Porter út The Pirate)
- Beatiful Girl Montage
- I've Got a Feelin' You're Foolin’ (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Broadway Melody of 1936 út 1935)
- The Wedding of the Painted Doll (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn The Broadway Melody út 1929)
- Should I? (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Lord Byron of Broadway út 1930)
- Beautiful Girl (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Stage Mother út 1933)
- You Were Meant for Me (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn The Broadway Melody út 1929)
- Moses Supposes ( skreaun troch Betty Comden en Adolph Green; komponearre troch Roger Edens; orizjineel foar Singin' in the Rain)
- Good Morning (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Babes in Arms út 1939)
- Singin' in the Rain (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn The Hollywood Revue of 1929 út 1929)
- Broadway Melody
- The Broadway Melody (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn The Broadway Melody út 1929)
- Broadway Rhythm (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Broadway Melody of 1936 út 1935)
- Would You? (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn San Francisco út 1936)
- Singin' in the Rain (reprize)
- You Are My Lucky Star (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Broadway Melody of 1936 út 1935)
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Don Lockwood | Gene Kelly |
Kathy Selden | Debbie Reynolds |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Cosmo Brown | Donald O'Connor |
Lina Lamont | Jean Hagen |
R.F. Simpson | Miljard Mitchell |
regisseur Roscoe Dexter | Douglas Fowley |
Zelda Zanders | Rita Moreno |
frou yn griene jurk yn Broadway Melody-sêne | Cyd Charisse |
p.r.-man Rod | King Donovan |
Dora Bailey | Madge Blake |
Phoebe Dinsmore | Kathleen Freeman |
Lockwood syn útspraakcoach | Bobby Watson |
Olga Mara | Judy Landon |
hierknipster | Mae Clarke |
man dy't de wurking fan lûdsfilms demonstrearret | Julius Tannen |
regisseur Sid Philips | tommy Farrell |
Hoewol't de film mei it idee omboartet dat Lina Lamont (Jean Hagen) yn lûdsfilms neisyngronisearre wurdt mei de stim fan Kathy Selden (Debbie Reynolds), waard Reynolds foar de nûmers Would You en You Are My Lucky Star eins sels neisyngronisearre mei it stimlûd fan Betty Noyes. En yn 'e sêne dêr't Kathy de dialooch fan Lina neisyngronisearret yn 'e film The Dancing Cavalier ("Nothing can keep us apart, our love wil last 'til the stars turn cold"), waard eins de normale stim fan Jean Hagen brûkt, om't dy foller wie as Reynolds har jeugdige lûd.
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjePreproduksje
bewurkje seksjeIt idee foar Singin' in the Rain kaam fan Arthur Freed, it haad fan 'e saneamde 'Freed Unit' by filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), dy't begjin 1950-er jierren al goed tweintich jier ferantwurdlik wie foar de produksjes fan filmmusicals. Hy woe dat der in jukeboxmusical makke waard dy't gebrûk makke fan 'e ûnbidich grutte fûnskatalogus fan musicalferskes skreaun troch himsels en komponearre troch Nacio Herb Brown. De studio liek dat in geweldich (want goedkeap) idee ta, en liet senarioskriuwers Betty Comden en Adolph Green út New York nei Los Angeles oerkomme om in skript te betinken dat in stikmannich âlde ferskes oaninoar reau.
Comden en Green fielden dêr earst neat foar, om't harren ferteld wie dat yn har kontrakt stie dat se foar eltse musical sels nije ferskes skriuwe mochten, útsein as de âlde ferskes fan Irving Berlin, Cole Porter of Rodgers en Hammerstein wiene. Doe't harren nije ympressario Irving Lazar it kontrakt trochljochte, die lykwols bliken dat dy klausule troch harren âlde ympressario fan begjin oant ein út 'e tomme sûgd wie. Sadwaande setten Comden en Green har oan it wurk.
Om't in protte fan 'e ferskes fan Freed en Brown skreaun wiene yn 'e jierren dat de filmyndustry fan Hollywood frij hommels oerstapte fan stomme film op lûdsfilm, besleaten Comden en Green om 'e nije film yn dy tiid te pleatsen. Al rillegau kamen se op it idee fan in held út histoaryske romantyske stomme films mei in eftergrûn yn vaudeville, dy't de oergong nei lûdsfilms oerlibbet troch werom te fallen op syn talinten foar sang en dûns. Dat wie in personaazje dat Gene Kelly op it liif skreaun wie, mar dyselde wie op dat stuit mei goreograaf Stanley Donen oant kop en earen behelle yn 'e produksje fan An American in Paris en wie sadwaande net te beroppen.
Comden en Green sette dêrom op eigen manneboet fierder en betochten trije mooglike begjinnen fan 'e film: de premiêre fan in stomme film; in fraachpetear mei in Hollywoodstjer; en in stjer-moetet-fanke- en stjer-rekket-fanke-kwyt-ferhaal. Se kamen der net út hokker se kieze moasten en stiene op it punt om 'e opdracht (en it foarskot op harren salaris dat se ûntfongen hiene) werom te jaan oan MGM, doe't Comden har man út New York arrivearre en frege wêrom't se de trije ideeën net kombinearren. It senario mei it werskreaune, kombinearre begjin waard goedkard troch Freed en Dore Schary, it haad produksje fan MGM.
Produksje
bewurkje seksjeTsjin dy tiid wiene Kelly en Donen klear mei An American in Paris, en koene se troch Freed by Singin' in the Rain belutsen wurde. Se wiene fuortendaliks entûsjast en joegen har by Comden en Green, dy't âlde freonen wiene, om oanpassings yn it skript oan te bringen. De film waard ko-regissearre troch Kelly en Donen. Freed wie as produsint by it projekt belutsen. Foar de film wie in budget beskikber fan $2,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Harold Rosson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lennie Hayton. De opnamen fûnen plak yn 'e MGM Studios yn Culver City.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Singin' in the Rain waard fersoarge troch Loew's Inc. De film gie op 27 maart 1952 yn New York yn premiêre. Yn 1992 waard Singin' in the Rain útbrocht as VHS-keapfideo. Yn 2002 ferskynde de film op dvd (wêrfoar't er folslein digitaal reparearre waard), en yn july 2012 folge de earste útjefte op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Singin' in the Rain oer it algemien tige positive resinsjes, lykas fan Bosley Crowther yn The New York Times en Richard L. Coe yn The Washington Post. Pauline Kael fan it tydskrift The New Yorker omskreau de film as in "útskroevene en pleachsike satire op Hollywood oan 'e ein fan 'e 1920-er jierren" en fûn it "sa'n bytsje de bêste Hollywoodmusical aller tiden". Yn 1999 neamde de foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert Singin' in the Rain "in ûnderfining dy't alles te boppen giet en dy't gjin inkele filmleafhawwer misse mei."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Singin' in the Rain in perfekt goedkarringspersintaazje fan 100%, basearre op 60 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er fernimstich, skerpsinnich en grappich is, kin [de film] beskôge wurde as in masterwurk fan 'e musical fan Klassyk Hollywood." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Singin' in the Rain in goedkarringspersintaazje fan 99%, basearre op 17 resinsjes.
Tsjintwurdich hat Singin' in the Rain in suver legindaryske status berikt. De film wurdt no faak beskôge as de bêste filmmusical dy't ea makke is, en teffens as ien fan 'e bêste Hollywoodfilms aller tiden. Yn 1989 wie Singin' in the Rain ien fan 'e earste 25 films dy't troch de Library of Congress omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde útornearre waarden foar preservearring yn it Amerikaanske National Film Registry.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeSingin' in the Rain brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $3.263.000 op, en yn alle oare lannen en territoaria $2.367.000. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $5.630.000. Ofset tsjin it budget fan $2.500.000 betsjut dat in winst fan $3.130.000. Dêrmei wie it de op njoggen nei meast opbringende film fan 1952. Fan dat bedrach moasten lykwols de marketingkosten noch ôflutsen wurde, sadat de film MGM úteinlik mar $666.000 skjinne winst oplevere.
Prizen
bewurkje seksjeJean Hagen waard foar har fertolking fan 'e oaljedomme en dochs fileine Lina Lamont yn Singin' in the Rain nominearre foar de Oscar foar bêste byrol fan in aktrise. Donald O'Connor wûn de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur mei syn optreden as Cosmo Brown. Betty Comden en Adolph Green wûnen in Writers Guild of America Award mei harren senario.
Adaptaasjes
bewurkje seksjeSingin' in the Rain waard yn april 1952 adaptearre ta in stripalbum (Eastern Color Movie Love #14).
De film waard (folle letter) ek adaptearre ta in toanielmusical mei deselde namme, dy't yn 1983 iepene yn it Londenske West End en yn 1985 op Broadway yn New York.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|