Dizze side giet oer trailer yn 'e sin fan promoasjefilmke. Foar de oanhingwein fan in truck, sjoch: oplizzer.

In trailer is in foarm fan kommersjele reklame en promoasje foar in spylfilm, tillefyzjeprogramma of kompjûterspultsje, wêrby't de filmprodusinten besykje en meitsje it publyk waarm foar harren produksje troch in kompilaasje fan bylden út 'e oangeande film of tillefyzjesearje sjen te litten. Dat giet almeast mank mei in dramatyske voice-over dy't yn it koart wat oer de film of searje ferteld. Itselde kin dien wurde mei in kompjûterspultsje. It komt tsjintwurdich ek foar dat trailers makke wurde foar muzykfestivals en oare eveneminten.

De Ingelske oantsjutting 'trailer' (letterlik: "efterneikommer", frij fertaald: "folger") komt út 'e bioskoopsektor, dêr't it oarspronklik wizânsje wie om sokke filmkes nei de haadfilm te fertoanen. Dat barde foar it earst yn 1913. Dy praktyk duorre net lang, om't it bioskooppublyk yn 'e regel al ûnder de ôftiteling fan 'e haadfilm de filmseal ferlit. Dêrom lit men sokke reklame tsjintwurdich foarôfgeande oan 'e haadfilm sjen, as saneamde foarfilms. De oantsjutting 'trailer' bleau lykwols yn gebrûk.

Oars as 'foarfilm' kin de term 'trailer' ek brûkt wurde foar promoasjefilmkes dy't los fan in 'haadfilm' fertoand wurde, bygelyks op it ynternet, yn in filmrubryk op 'e tillefyzje of gewoan as oankundiging tusken de programma's troch op 'e tillefyzje. In teasertrailer (letterlik: "pleachtrailer") is in tige koarte trailer, dy't mar in hiel lyts bytsje priisjout oer de ynhâld fan 'e film, de searje of it oare dat oanpriizge wurdt, en dy't benammen bedoeld is om it produkt meer nammebekendheid te jaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.