Jeremy Renner (folút: Jeremy Lee Renner; Modesto (Kalifornje), 7 jannewaris 1971) is in Amerikaansk akteur en muzikant. Hy begûn syn karriêre mei fertsjinstlike rollen yn ûnôfhinklike films, lykas Dahmer en Neo Ned. Dêrtroch wist er oan byrollen yn gruttere produksjes te kommen, lykas S.W.A.T. en 28 Weeks Later. Fan 2011 ôf fertolke er de rol fan Hawkeye yn in rige superheldefilms fan 'e Marvel Studios, wêrûnder Thor, The Avengers en Captain America: Civil War. Hy wie ek te sjen yn twa Mission: Impossible-films, The Bourne Legacy, Hansel and Gretel: Witch Hunters, American Hustle en Wind River. Foar syn rol yn The Hurt Locker waard er yn 2010 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste akteur. Foar syn rol yn The Town waard er yn 2011 nominearre foar in Oscar foar bêste byrol fan in akteur.

Jeremy Renner
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeremy Lee Renner
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 jannewaris 1971
berteplak Modesto (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
Panameesk
Skotsk
Sweedsk
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
Jeremy Renner op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Renner waard yn 1971 berne yn Modesto, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan Lee Renner en dy syn frou Valerie Tague Cearley. Renner is de âldste fan sân bern. Syn âldelju trouden doe't se tiners wiene en skieden doe't Renner tsien jier wie. Syn heit wie bedriuwslieder fan 'e McHenry Bowl, in bowlingbaan yn Modesto. Renner is fan mingd etnysk komôf, mei Dútsk, Iersk, Ingelsk, Panameesk, Skotsk en Sweedsk bloed. Hy slagge yn 1989 foar syn eineksamens op 'e Fred C. Beyer High School, wêrnei't er ynformatika en kriminology studearre oan it Modesto Junior College. Doe't er dêr op in stuit toaniel as byfak nommen hie, bliek dat him sa goed te befallen, dat er besleat om in wurkpaad as akteur te begjinnen.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

In dreech begjin

bewurkje seksje

Renner makke syn debút as filmakteur yn 1995 as in ûnfoldwaande prestearjende studint yn 'e komeedzjefilm National Lampoon's Senior Trip. Hoewol't de resinsinten neat fan dy film hawwe moasten, slagge it Renner om gastrollen te bemachtigjen yn 'e tillefyzjesearjes Deadly Games (1995) en Strange Luck (1996). Ek hied er yn 1996 in lytse byrol yn 'e tillefyzjefilm A Friend's Betrayal as de freon fan it personaazje spile troch Brian Austin Green. De folgjende jierren spile Renner benammen gastrollen yn tillefyzjesearjes as Zoe, Duncan, Jack and Jane (1999), The Net (1999), The Time of Your Life (1999), Angel (2000) en CSI: Crime Scene Investigation (2001). Yn dy tiid wurke Renner njonken syn aktearkarriêre as fisazjist om himsels bedrippe te kinnen.

Iere súksessen

bewurkje seksje

Yn 2002 hie Renner de titelrol yn 'e ûnôfhinklike biografyske film Dahmer, as de searjemoardner Jeffrey Dahmer, dy't santjin minsken fermoarde ear't er troch de plysje oppakt waard. Renner fûn it dreech om mei dy rol te libjen nei't de film útkommen wie, nettsjinsteande dat (of miskien wol omdat) er fan alle kanten lof taswaaid krige foar syn aktearprestaasje. Hy waard nominearre foar in Independent Spirit Award yn de kategory bêste manlike haadrol. Yn 2003 wurke er mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Trouble, fan sjongster Pink, dêr't er in knappe sheriff yn spile. Datselde jiers wied er yn 'e film S.W.A.T. te sjen as de eardere plysjepartner fan it personaazje fan Colin Farell.

Nei in rol yn 'e film The Heart Is Deceitful Above All Things, yn 2004, spile Renner yn 2005 mei Julia Stiles en Forest Whitaker yn A Little Trip to Heaven. Ek wied er dat jiers te sjen yn films as North Country, 12 and Holding en mei Gabrielle Union as in neo-nazistyske skinhead dy't yn in psychiatrysk sikehûs opnommen wurdt yn Neo Ned. Foar dy lêste rol wûn er de priis foar bêste akteur op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach. Renner hie in lytse rol (dy't op 'e ôftiteling net neamd wurdt), as de manager fan it personaazje fan Emile Hirsch yn 'e skateboardfilm Lords of Dogtown (2005).

 
Jeremy Renner by de premiêre fan The Bourne Legacy, yn Sydney, yn 2012.

Yn 2006 spilen Renner en Ginnifer Goodwin de haadrollen yn 'e film Love Comes to the Executioner. Yn 2007 fertolke er de byrol fan Wood Hite, de neef fan 'e bandyt Jesse James (spile troch Brad Pitt), yn 'e mei loovjende kritiken ûntfongen westernfilm The Assassination of Jesse James by the Coward Robert Ford. Datselde jiers hied er de rol fan sersjant Doyle yn 'e film 28 Weeks Later, wied er de tsjinspiler fan Minnie Driver yn Take, en hied er in gastrol yn 'e sikehûssearje House as in dryste rockmuzikant. Ek hied er in rol yn 'e pilotôflevering fan The Oaks, mar dy searje waard troch gjin inkele Amerikaanske tillefyzjestjoerder oppikt.

Heechtijdagen

bewurkje seksje

Yn 2008 krige Renner in protte lof foar syn rol as sersjant William James, in dryst lid fan 'e eksplosive-oprommingstsjinst fan it Amerikaanske Leger ûnder de Irakoarloch, yn 'e film The Hurt Locker, fan regisseur Kathryn Bigelow. Hy wûn foar dy fertolking ferskate mindere prizen yn 'e kategory bêste akteur, en skreau ek nominaasjes foar de Screen Actors Guild Award en de Oscar yn dy kategoryen op syn namme. Yn 2009 spile Renner mei Dallas Roberts yn 'e komeedzjedramafilm Ingenious en hied er ek in haadrol yn 'e tillefyzjesearje The Unusuals, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie. De rol fan Jem Coughlin yn 'e film The Town, regissearre troch Ben Affleck, smiet Renner in nominaasjes op foar de Oscar, Golden Globe en Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur.

Fan 2011 ôf fertolke Renner de rol fan Hawkeye yn 'e superheldefilms fan Marvel Studios. Dat begûn mei in cameoroltsje, dêr't er gjin fermelding op 'e ôftiteling foar krige, yn Thor (2011). Hy spile dy rol op 'e nij yn 'e films The Avengers (2012), Avengers: Age of Ultron (2015), Captain America: Civil War (2016) en Avengers: Endgame (2019). Yn 2011 wie Renner ek te sjen yn in aksjefilm fan 'e Mission: Impossible-filmsearje, te witten: Mission: Impossible – Ghost Protocol. Yn 2012 spile Renner fierders de rol fan Aaron Cross yn 'e fjirde film fan 'e Bourne-franchise: The Bourne Legacy. Cross wie in nij haadpersonaazje dat yn it plak kaam fan Jason Bourne (spile troch Matt Damon), dêr't de earste trije Bourne-films oer giene.

Yn 2013 wie Renner te sjen yn 'e aksje-horrorfilm Hansel & Gretel: Witch Hunters. Dêryn spilen hy en Gemma Arterton de rollen fan Hâns en Grytsje (Ingelsk: Hansel en Gretel), dy't fyftjin jier nei harren ûntsnapping oan 'e boaze hekse yn it bekende mearke op heksejacht geane. Datselde jiers wie Renner ek te sjen as in gûchelder yn The Immigrant, en mei Christian Bale, Bradley Cooper, Amy Adams en Jennifer Lawrence yn it komeedzjedrama American Hustle, oer in (wierbarde) FBI-operaasje út 'e 1970-er en 1980-er jierren. Dy lêste film waard nominearre foar in Oscar foar bêste film en wûn in Screen Actors Guild Award foar bêste cast.

 
Jeremy Renner by de premiêre fan Hansel and Gretel: Witch Hunters, yn 2013.

Renner spile yn 2014 de rol fan sjoernalist Gary Web yn 'e film Kill the Messenger, nei Webb syn eigen boek Dark Alliance. Foar dy film wie Renner ek ko-produsint. Itselde jiers wied er as útfierend produsint belutsen by de film The Throwaways. Yn 2015 kearde Renner werom nei de Mission: Impossible-rige mei in rol yn Mission: Impossible – Rogue Nation. As tsjinspiler fan Amy Adams wied er yn 2016 te sjen yn 'e science fiction-film Arrival. Dat jiers produsearre er de film The Founder (mei yn 'e haadrol Michael Keaton) oer Ray Kroc, de man dy't fan McDonald's de grutste fastfoodrestaurantkeatling fan 'e wrâld makke.

Yn 2017 fertolke Renner yn 'e neo-western Wind River, fan regisseur Taylor Sheridan, de rol fan in spoarsiker fan 'e U.S. Fish and Wildlife Service dy't yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming mei in FBI-aginte (spile troch Elizabeth Olsen) de moard op in jonge Yndiaanske frou besiket op te lossen. Datselde jiers briek er syn rjochterearmtakke en lofterpols by de opnamen fan 'e film Tag, dy't yn 2018 útkaam. Trochdat er oare ferplichtings hie, koe Renner yn 2018 net yn 'e rol fan William Brandt weromkeare yn Mission: Impossible Fallout. Yn 2019 wied er as stimakteur belutsen by de tekenfilm Arctic Dogs.

Muzykkarriêre

bewurkje seksje

Njonken syn aktearjen is Renner ek sjonger, gitarist, toetsenist en drummer. Ier yn syn karriêre wied er lid fan 'e band Sons of Ben. Hy hat lieten songen foar de soundtracks fan ferskaten fan syn films, lykas I Drink Alone foar North Country; American Pie foar Love Comes to the Executioner; en Good Ole Rebel foar The Assassination of Jesse James by the Coward Robert Ford. Fierders hat er meiwurke oan 'e fideoklips fan 'e hits Trouble, fan Pink, en Scenes on Sunset, fan Brother Sal.

Priveelibben

bewurkje seksje

Renner wennet yn Washoe County, yn 'e Amerikaanske steat Nevada, dêr't er mei syn bêste freon en kollega-akteur Kristoffer Winters ek in bedriuw hat dat huzen opkeapet en renovearret. Hy is in beoefener fan arnis en muay thai, dat fjochtsporten binne út 'e Filipinen, resp. Tailân. Dêr begûn er oarspronklik mei as tarieding op syn rollen yn 'e Mission: Impossible- en Avengers-films.

Renner is fierders in fan fan it Amerikaansk fuotbalteam de San Francisco 49ers út San Francisco. Hy die de voice-over foar de yntroduksjefideo foar de iepening fan it Levi's Stadium fan 'e 49ers en ek fan 'e Timeline-ôflevering oer de histoaryske rivaliteit tusken syn team en de Dallas Cowboys út Dallas.

Op 13 jannewaris 2014 troude Renner mei it Kanadeeske model Sonni Pacheco. Mei har krige er in dochter, Ava Berlin (berne op 28 maart 2014). Binnen in jier nei de brulloft, op 30 desimber 2014, frege Pacheco al in skieding oan, om't der ûnoerkomlike ferskillen tusken har Renner bestean soene. Hja diele sûnt de fâdij oer harren dochter.

Op 1 jannewaris 2023 rekke Renner swierferwûne by in ûngemak mei syn eigen motorisearre snieskower (fan 6,5 ton) op 'e Mt. Rose Highway yn westlik Nevada. Hy rûn dêrby in boarsttrauma op, feroarsake troch stompe krêft, en waard mei de helikopter nei it sikehûs brocht. In wurdfierder fan it sikehûs omskreau syn tastân letter as "krityk, mar stabyl". Op 17 jannewaris makke Renner bekend dat er út it sikehûs ûntslein wie om thús fierder op te betterjen, wêrby't er ek fernijde dat er by it ûngelok mear as 30 bonken brutsen hie. Op 6 april makke Renner bekend dat er, tsien wiken nei it ûngelok, genôch opbettere wie om op eigen krêft yn 'e hûs mei in kruk te rinnen.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1995 Deadly Games Tod ôflevering Boss
1996 Strange Luck Jojo Picard ôflevering Blinded by the Son
1996 A Friend's Betrayal Simon tillefyzjefilm
1997 A Nightmare Come True Steven Zarn tillefyzjefilm
1998 Te Have & to Hold Ted Fury ôflevering Tangled Up in You; net fermeld op 'e ôftiteling
1999 The Net Ted Nida ôflevering Chem Lab
1999 Time of Your Life Taylor ôflevering The Time the Truth Was Told
2000 Angel Penn ôflevering Somnambulist
2001 CSI: Crime Scene Investigation Roger Jennings ôflevering Alter Boys
2003 The It Factor himsels realitytillefyzjesearje
2007 House Jimmy Quidd ôflevering Games
2009 The Unusuals resjersjeur Jason Walsh 10 ôfleverings
2011 Robot Chicken sersjant William Jones ôflevering Fool's Goldfinger; as stimakteur
2012 Saturday Night Live n.f.t. as presintator
2014 The World Wars n.f.t. 3 ôfleverings; voice-over
2014 Louie Jeff Davis ôflevering In the Woods
2021 What If...? Clint Barton / Hawkeye gastrol as stimakteur
2021 Hawkeye Clint Barton / Hawkeye minysearje
2021–no Mayor of Kingstown Mike McClusky fêste rol
2023 Rennervations n.f.t. presintator fan in dokumintêresearje
films
1995 National Lampoon's Senior Trip Mark "Dags" D'Agostino
1996 Paper Dragons Jack
2001 Fish in a Barrel Remy
2002 Dahmer Jeffrey Dahmer
2002 Monkey Love Dil
2003 S.W.A.T. Brian Gamble
2004 The Heart Is Deceitful Above All Things Emerson
2005 A Little Trip to Heaven Fred
2005 North Country Bobby Sharp
2005 12 and Holding Gus Maitland
2005 Neo Ned Ned
2005 Lords of Dogtown manager fan Jay Adams net fermeld op 'e ôftiteling
2006 Love Comes to the Executioner Chick Prigusivac
2007 The Assassination of Jesse James by the Coward Robert Ford Wood Hite
2007 28 Weeks Later sersjant Doyle
2007 Take Saul
2008 The Hurt Locker sersjant William James
2009 Ingenious Sam
2010 The Town James "Jem" Coughlin
2011 Mission: Impossible – Ghost Protocol William Brandt
2011 Thor Clint Barton / Hawkeye cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
2012 The Avengers Clint Barton / Hawkeye
2012 The Bourne Legacy Aaron Cross
2013 Hansel & Gretel: Witch Hunters Hansel
2013 The Immigrant Orlando de Gûchelder
2013 American Hustle Carmine Polito
2014 Kill the Messenger Gary Webb ek produsint
2015 Mission: Impossible – Rogue Nation William Brandt
2015 Avengers: Age of Ultron Clint Barton / Hawkeye
2016 Captain America: Civil War Clint Barton / Hawkeye
2016 Arrival Ian Donnelly
2017 The House Tommy Papouli cameo
2017 Wind River Cory Lambert
2018 Tag Jerry Pierce
2019 Avengers: Endgame Clint Barton / Hawkeye
2019 Arctic Dogs Swifty as stimakteur
2021 Black Widow Clint Barton / Hawkeye stimcameo
2021 Back Home Again luitenant Timber as stimakteur
2022 Glass Onion: A Knives Out Mystery himsels cameo
extended plays (EP's)
  • 2020 – The Medicine
  • 2020 – Live for Now
singles
  • 2019 – Main Attraction

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.