Arrival is in Amerikaanske science fiction-skrillerfilm út 2016 ûnder rezjy fan Denis Villeneuve, mei yn 'e haadrollen Amy Adams, Jeremy Renner en Forest Whitaker. De titel betsjut "Oankomst". De film waard loskes basearre op 'e bekroande novelle Story of Your Life fan Ted Chiang. It ferhaal folget Louise Banks, in foaroansteand taalkundige, wa har help troch it Amerikaanske Leger ynroppen wurdt as tolve bûtenierdske romteskippen de Ierde berikke. Yn 'e mande mei natuerkundige Ian Donnelly moat se mei de bûtenierdske wêzens sjen te kommunisearjen foar't de oprinnende spannings, dy't it ûnoankundige besyk op 'e wrâld feroarsaket, ta oarloch liede. Underwilens wurdt se teheistere troch oantinkens oan har jong ferstjerrende dochter. Arrival waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en krige fan 'e filmkritisy rûnom loovjende resinsjes. De film wie yn 'e bioskopen ek in grut kommersjeel súkses en waard nominearre foar 8 Oscars en 2 Golden Globes, en wûn in Oscar, in Hugo Award, in Nebula Award, in BAFTA en in Saturn Award.

Arrival
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Denis Villeneuve
produsint Shawn Levy
Dan Levine
Aaron Ryder
David Linde
senario Eric Heisserer
basearre op Story of Your Life
   fan Ted Chiang
kamerarezjy Bradford Young
muzyk Jóhann Jóhannsson
filmstudio FilmNation Entertainment
Lava Bear Films
21 Laps Entertainment
Stage 6 Films
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Amy Adams
Jeremy Renner
Forest Whitaker
byrollen Michael Stuhlbarg
Mark O'Brien
Tzi Ma
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 novimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-skrillerfilm
taal Ingelsk (ek wat Mandarynsk)
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $47 miljoen
opbringst $203,4 miljoen
prizen Oscar
Hugo Award
Nebula Award
BAFTA
Saturn Award

Hannah, de dochter fan taalkundige Louise Banks, komt mei tolve jier te ferstjerren oan in ûngenêslike sykte.

Op in dei arrivearje sûnder warskôging ynienen tolve reuseftige bûtenierdske romteskippen op 'e Ierde, dy't op tolve ferskillende plakken ferdield oer de hiele wrâld in lyts eintsje boppe de grûn sweven bliuwe. Dat bart yn de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Austraalje, Ruslân (2 kear, by de Swarte See en yn Sibearje), Sina, Japan, Pakistan, Sûdaan, Sierra Leöane, Fenezuëla en Grienlân. Dy lannen en territoaria stjoere wittenskippers en militêren om 'e skippen te ûndersykjen en yn 'e rekken te hâlden. Yn 'e Feriene Steaten, dêr't ien fan 'e romteskippen op in ôfhandige lokaasje op it plattelân fan Montana delkommen is, hat kolonel G.T. Weber fan it Amerikaanske Leger de lieding oer it projekt, yn gearwurking mei spesjaal agint Halpern fan 'e feilichheidstsjinst CIA. Hy rekrutearret Banks en natuerkundige Ian Donnelly om 'e bûtenierdske wêzens te bestudearjen en kommunikaasje mei harren mooglik te meitsjen.

De bûtenierdske wêzens jouwe in ymplisite útnûging ôf troch harren romteskip te iepenjen. Oan board komme Banks, Donnelly en harren militêre liifwachten ûnder lieding fan kaptein Marks telâne yn in romte dy't oanpast is oan 'e atmosfear fan 'e Ierde, wylst de bûtenierdske wêzens efter in trochsichtige wand bliuwe, dúdlik yn in oarsoartige atmosfear. Banks en Donnelly meitsje kontakt mei twa fan 'e wêzens, dy't noch it measte op reuseftige oktopussen lykje, mar dan mei sân lidden ynstee fan acht. Se beslute de wêzens 'heptapoaden' te neamen, fan 'e Grykske wurden foar "sân" en "skonk". Donnelly jout dizze spesifike wêzens de bynammeen Abbott en Costello (nei in wiidferneamd Amerikaanske komysk duo).

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei de earste moeting komt Banks al rillegau ta de konklúzje dat kommunikaasje fia sprutsen taal dreech wurde sil, mei't se gjin inkeld oanknopingspunt hat oer wat de lûden betsjutte dy't de wêzens fuortbringe, wylst dy lûden nea troch minsklike stimbannen produsearre wurde kinne sille. Se beslút dêrom dat skriftlike kommunikaasje it antwurd wêze moat. Mei Donnelly docht se ûndersyk nei de yngewikkelde skriftfoarm fan 'e heptapoaden, dy't opbout is út palindromyske frazen werjûn mei rûne symboalen. Banks beseft al rillegau dat de symboalen gjin spesifike lûden werjouwe, en dus los steane fan 'e sprutsen taal (krekt as by Sineeske karakters it gefal is). Banks en Donnelly diele harren befinings mei de wittenskippers út oare lannen. Wat langer oft Banks it skrift fan 'e heptapoaden bestudearret, wat mear flashback-eftige fizioenen se kriget oer har dochter.

Wannear't Banks in grut genôge dielde wurdskat mei Abbott en Costello opboud hat om freegje te kinnen hokfoar doel de heptapoaden hawwe om nei de Ierde ta te kommen, kriget se in antwurd dat neffens har beheinde kennis fan it bûtenierdske skrift "biedt wapen oan" betsjut. Yn Sina, dêr't ûnderwilens ferlykbere foarútgong boekt wurdt, krije de wittenskippers as antwurd op in soartgelikense fraach "brûk wapen". De Sineeske sterke man, generaal Shang, lit dêrop de kommunikaasje mei de heptapoaden ôfbrekke, en Ruslân, Pakistan en Sûdaan folgje dat foarbyld. Banks redendielt mei kolonel Weber en hâldt út dat it symboal dat oant no ta as "wapen" ynterpretearre is, likegoed "middel" of "wurktúch" betsjutte kin. In troch de CIA opfongen kommunikaasje fan generaal Shang liket derop te wizen dat de Sinezen harren kommunikaasje mei de heptapoaden basearje op it gebrûk fan mahjong, in tige kompetatyf spultsje, wêrby't de winner alles nimt en de ferliezer alles kwytrekket. Banks hâldt Weber foar dat er grif sels ek wol betinke kin hoe't dat ta ferkearde ynterpretearrings liede kin.

Underwilens kreëarje op sensaasje beluste media yn 'e Feriene Steaten mei opsetsin panyk yn ferbân mei de "meunsters" dy't de Ierde "binnenfallen" binne en dy't grif út binne op 'e útrûging of it ta slaaf meitsjen fan 'e minskheid. Kaptein Marks en ferskaten fan syn ûnderhearrigen litte har yn dy gekte meislepe en beslute dat der in die steld wurde moat. Se bringe dêrom temûk in bom oan board fan it bûtenierdske skip yn Montana. Banks en Donnelly geane alhiel sûnder euvelmoed it skip wer yn om fertsjutsking te freegjen foar it "biedt wapen oan"-antwurd, en krije dêrop in antwurd dat sa kompleks is, dat se it lang net neikomme kinne. Krekt foar't de bom ôfgiet, smyt ien fan 'e heptapoaden Banks en Donnelly út it skip en slút de tagong ôf, sadat de ûntploffing yn it skip bliuwt en harren net berikt. Nettsjinsteande dat rinne se allebeide in harsensskodding op en reitsje se bewusteleas. As se letter wer bykomme yn 'e sikeboech fan it kamp dat it Amerikaanske Leger by it bûtenierdske skip opslein hat, risselwearret it leger foar in evakuaasje út eangst foar ferjilding troch de heptapoaden, wylst it romteskip in ein opstige is sadat it no bûten berik is foar minsken.

Donnelly ûntdekt dat yn it lêste antwurd fan 'e heptapoaden it symboal foar it begryp "tiid" hieltyd weromkomt, en dat it skriuwen sekuer ien tolfde part yn beslach nimt fan 'e trijediminsjonale romte dêr't it yn projektearre is. Op basis dêrfan liket it Banks ta dat it folsleine boadskip opdield is yn tolven en dat de heptapoaden oan eltse groep wittenskippers dêr't se kontakt mei hawwe, in tolfde part fan it folsleine antwurd jûn hawwe. Se ornearret dat de bûtenierdske wêzens dêrmei de minskheid twinge wolle ta gearwurking. Underwilens stelt generaal Shang de heptapoaden in ultimatum, wêryn't er easket dat sy it grûngebiet fan Sina binnen 24 oeren ferlitte sille. Sa net, dan sil it Folksbefrijingsleger harren oanwêzigens as in ynvaazje beskôgje en ta de oanfal oergean. Ruslân, Pakistan en Sûdaan komme neitiid mei lyksoartige ultimata. De fjouwer lannen brekke fierdere kommunikaasje mei de oare lannen ôf. De CIA rikkemandearret it Amerikaanske regear oan om ek net mear mei it bûtenlân gear te wurkjen, en dat advys wurdt ta argewaasje fan Banks en Connolly oernommen. Al rillegau is der hielendal gjin ynternasjonale kommunikaasje mear.

Wylst de evakuaasje fan it kamp yn Montana fêste foarmen begjint oan te nimmen, pykt Banks út en giet allinne nei it plak ûnder it bûtenierdske skip ta. De heptapoaden litte dêrop in transportkokon sakje, dêr't sy yn plaknimt, en helje dy wer op. Foar it earst wurdt Banks yn deselde atmosfear brocht as de heptapoaden. Dy is nuver mar net giftich foar minsken. Se moetet Costello, dy't har fertelt dat Abott by de ûntploffing fan 'e bom omkommen is. Op har fraach wat de heptapoaden no eins fan wolle, antwurdet Costello dat se de minsken helpe wolle, om't se oer 3.000 jier sels ferlet hawwe sille fan 'e help fan 'e minskheid.

Banks kriget einlings foar it ferstân dat it "wapen", dat de heptapoaden de minskheid oanbiede wolle om te brûken, harren taal is. It oanlearen fan dy taal feroaret nammentlik de tinkprosessen fan it minsklik ferstân, sadat de minsklike persepsje fan tiid net mear lineêr (opienfolgjend) is, en minsken 'oantinkens' hawwe oan takomstige foarfallen. Dat ferklearret de betiizjende fizioenen dy't Banks de ôfrûne tiid ûnderfûn hat (dy't gjin flashbacks binne mar flashforwards) fan in dochter, Hannah, dy't se noch net krigen hat. As Banks weromkeart yn it kamp, is de evakuaasje yn folle gong. Se fertelt Donnelly dat de taal it "wurktúch" is dat de heptapoaden de minskheid tahawwe wolle, mar hâldt har reälisaasje oer wat dy taal mei de minsken dwaan sil foarearst geheim, om't se net foar gek ferklearre wurde wol.

Underwilens stiet Sina op it punt om it heptapoadyske romteskip oan te fallen dat noch altyd by Sjanghai yn 'e loft hinget. Banks kriget in oantinken oan in takomstige galajûn fan 'e Feriene Naasjes wêrby't de nijfûne ienheid en gearwurking fan 'e Ierde fierd wurdt. Dêr moetet se generaal Shang, dy't har betankje wol om't se de Sineeske oanfal op 'e heptapoaden tsjinkeard hat. Hy fertelt har dat se dat dien hat troch him op te skiljen op syn priveenûmer en him te fertellen wat de lêste wurden wiene dy't syn frou him yn it ear flústere foar't se ferstoar. Hy seit dat er no beseft dat it wichtich is dat se dat wit, en dêrom lit er har it tillefoannûmer sjen en flústeret er har sels de wurden yn it ear: "Oarloch makket gjin winners, allinne mar widdowen." *
*) Regisseur Denis Villeneuve keas derfoar om gjin ûndertiteling ta te foegjen foar dy wurden, sadat se yn 'e film inkeld yn it Mandarynsk te hearren binne. Senarioskriuwer Eric Heisserer wie dêr net sa lokkich mei, en makke (mei ynstimming fan Villeneuve) ein septimber 2016, by de fertoaning fan 'e film op it Alamo Drafthouse Fantastic Fest, bekend wat de lêste wurden fan Shang syn frou wiene.

Yn 'e tsjintwurdige tiid stelt Banks de satellyttillefoan fan agint Halpern en skillet generaal Shang op om dy wurden te werheljen. Der wurdt daliks opmurken dat immen yn it kamp in nûmer yn Sina skillet, dat Halpern en de militêre plysje sitte Banks al rillegau efter de hakken om't se miene dat sy steatsgeheime ynformaasje oan 'e Sinezen trochspylje wol. Donnelly helpt har en weaget syn libben om har te beskermjen, ek al kin se him op dat stuit net útlizze wêrom't dit tillefoantsje sa wichtich is. Koart nei't Banks har petear mei Shang beëinige en har oerjûn hat, lûkt Sina syn troepen by it bûtenierdske romteskip werom. It makket ek it tolfde part fan it boadskip fan 'e heptapoaden bekend dat se oan Sina jûn hawwe. Ruslân, Pakistan, Sûdaan en úteinlik ek de Feriene Steaten folgje dat foarbyld. De tolve bûtenierdske romteskippen sette op mysterieuze wize ôf en wurde wei.

Wylst it kamp yn Montana ôfbrutsen wurdt, fertelt Donnelly oan Banks dat er fan har hâldt. Se beprate de karren dy't se meitsje yn harren libbens en oft hy dy feroarje koe as er de takomst wist. Banks wit no dat se trouwe en in dochter krije sille, dy't se Hannah neame sille om't dy namme in palindroom is. Se sil dat dwaan nettsjinsteande it feit dat se al wit hoe't it einigje sil: Hannah sil mei tolve jier komme te ferstjerren oan in ûngenêslike sykte en Donnelly giet by har wei as se him fertelt dat se dat yn 't foar al wist.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Amy Adams.
 
Jeremy Renner.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise      
Louise Banks Amy Adams
Ian Donnelly Jeremy Renner
kolonel G.T. Weber Forest Whitaker


byrollen
personaazje akteur/aktrise
CIA-agint Halpern Michael Stuhlbarg
kaptein Marks Mark O'Brien
generaal Shang Tzi Ma
Hannah (8 jier) Abigail Pniowsky
Hannah (12 jier) Julia Scarlett Dan
Hannah (6 jier) Jadyn Malone

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Arrival waard regissearre troch de Kanadeeske filmmakker Denis Villeneuve nei in senario fan Eric Heisserer dat basearre wie op 'e novelle Story of Your Life, fan Ted Chiang út 1998. Heisserer wie tige oangrypt troch dat wurk en fan gefolgen woed er it adaptearje ta in ferfilmber skript. Doe't er mei de earste ferzje by de filmstudio's yn Hollywood del gie te suteljen, bliek der lykwols net folle belangstelling foar te bestean. Dat feroare pas nei't Heisserer it senario fan 'e súksesfolle film Hours, út 2013, skreaun hie. Uteinlik gied er yn see mei filmprodusinten Dan Levine en Dan Cohen fan 21 Laps Entertainment, dy't him holpen by it skriuwen fan in twadde, ferbettere ferzje. Sy behellen ek Villeneuve by it projekt, dy't altyd al in science fiction-film meitsje wollen hie, mar dêr nea it juste senario foar fûn hie.

Heisserer paste it ferhaal fan Story of Your Life op ferskate manearen oan 'e reäliteit fan it filmmeitsjen oan. Ien fan 'e wichtichste feroarings wie dat de heptapoaden yn 'e novelle mei 112 romteskippen by de Ierde arrivearje, dy't lykwols yn in baan om 'e planeet bliuwe, wylst se 112 'kommunikaasjespegels' nei it planeetoerflak stjoere. Heisserer brocht dat oantal werom ta 12 en liet de heptapoaden yn harren romteskippen sels nei it planeetoerflak ôfdale, sadat it mear in sitewaasje fan earste kontakt waard. Hy fûn dat dat foar in film nedich wie om spanning en konflikt te kreëarjen. Eardere ferzjes fan it skript hiene oare einen, wêrby't it ferskil him fral siet yn it geskink fan 'e heptapoaden oan 'e minskheid. Dat hie earder in blaudruk foar de bou fan in ynterstellêr romteskip wêze sillen, in "soarte fan ark", neffens Heisserer. Mar nei't de film Interstellar yn 2014 útkommen wie, waarden Heisserer en Villeneuve it iens dat soks tefolle op dy film liek, dat se besleaten dat it geskink "de krêft fan harren taal" wêze moast. It feroarjen fan 'e titel Story of Your Life yn Arrival wie in idee dat folslein út 'e koker fan Villeneuve kaam.

As produsinten wiene Levine, Shawn Levy, Aaron Ryder en David Linde by it projekt belutsen foar de filmstudio's 21 Laps Entertainment, FilmNation Entertainment, Lava Bear Films en Stage 6 Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $47 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bradford Young, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Iislânske komponist Jóhann Jóhannsson.

Bûtenierdske taal

bewurkje seksje

De bûtenierdske sprutsen taal fan 'e heptapoaden waard kreëarre mei special effects, wêrfoar't it advys socht waard fan 'e fonetikus Morgan Sonderegger. It bûtenierdske skrift fan 'e heptapoaden waard ûntwurpen troch keunstneresse Martine Bertrand, de frou fan produksje-ûntwerper Patrice Vermette, op basis fan in konsept dat betocht wie troch senarioskriuwer Eric Heisserer. Taalkundige Jessica Coon fan 'e McGill Universiteit yn Montreal, in ekspêr op it mêd fan 'e syntaksis fan lânseigen talen yn Kanada, wie as adviseur by de skepping fan it skrift belutsen.

De opnamen foar Arrival, dy't 56 dagen duorren en plakfûnen yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek, setten op 7 juny 2015 útein, fuort nei't haadrolspiler Jeremy Renner klear wie mei de opnamen fan 'e superheldefilm Captain America: Civil War. De binnendoarsênes waarden foar it meastepart opnommen yn studio's yn Montreal en Kebek-Stêd. Foar de wente fan Louise Banks waard in echt hûs yn Vaudreuil-Dorion brûkt, en de sênes op 'e universiteit dêr't Banks wurket, waarden filme op HEC Montréal. Foar de bûtendoarsênes op 'e lokaasje fan it romteskip fan 'e heptapoaden yn Montana waard in plak op it plattelân fan 'e Kebekaanske gemeente Saint-Fabien útkeazen. It terrein wie mei opsetsin flak mei't de produsinten foarkomme woene dat it romtseskip troch in eftergrûn fan bergen lytser lykje soe as it wie, en fruchtber grien begroeid om't se in keale oarde foar sa'n film in klisjee fûnen.

 
Saint-Fabien, yn Kebek, giet yn 'e film troch foar Montana.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Arrival waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film waard op 1 septimber 2016 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Letter wied er ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, it Filmfestival fan Telluride en it BFI Filmfestival fan Londen. Arrival gie op 11 novimber 2016 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Deutsche Grammophon. Arrival kaam op 31 jannewaris 2017 beskikber as digitale download en waard op 14 febrewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Arrival oer it algemien tige loovjende resinsjes. Ferskate kranten, tydskriften en websiden rôpen it út ta de bêste film fan 2016. Yn 'e Britske krante The Telegraph waard Arrival priizge troch Robbie Collin, dy't it "yntrospektyf, filosofysk en oerhingjend nei eksistinsjalisme" neamde, mar dochs "him ûntjaand yn in net ôflittende teneur fan sikestûkjende spanning." Brian Tallerico fan 'e webside RogerEbert.com parte Arrival 3 fan 4 stjerren ta en skreau: "It is in film dy't bedoeld is om tagelyk sjoggers út te daagjen, harren oan te gripen en harren oan 'e praat te krijen. Foar it meastepart slagget dat."

Yn it tydskrift Time neamde Sam Lansky Arrival "ferfine science fiction foar folwoeksenen: in film oer bûtenierdske wêzens foar minsken dy't net hâlde fan films oer bûtenierdske wêzens." Chris Tilly, dy't de film resinsearre foar de webside IGN, joech him in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Arrival is in taalles dy't him foardocht as in kaskreaker, hoewol folle fermaakliker as dat klinkt. […] It is fernimstige, ferfine science fiction dy't grutte fragen stelt en dêr hiele aardige antwurden foar betinkt."

In protte filmkritisy hiene fierders lof foar it aktearjen fan haadrolspylster Amy Adams. Sa neamde Kenneth Turan yn 'e Los Angeles Times Arrival "eins Adams har film". En yn 'e krante USA Today ferwiisde Brian Truitt nei Adams as "beslist in gadingmakster foar de Oscars".

Der wiene lykwols ek resinsinten dy't net bot oer Arrival te sprekken wiene. Yn it tydskrift Slate hie Forrest Wickman bgl. wol lof foar de kamerarezjy fan Bradford Young en de filmmuzyk fan Jóhann Jóhannsson, mar fierders fûn er dat de film tefolle liek op Interstellar fan regisseur Christopher Nolan, dy't er mei in wurdboarterij kwalifisearre as "only intermittently stellar" ("mar út en troch geweldich"). Ek typearre Wickman de dialooch yn Arrival as "knoffelich". Noch folle negativer wie Rex Reed yn The New York Observer, dy't oan Arrival mar 1 fan 4 stjerren joech en de film "de jongste oefening yn pretinsjeus snobisme" fan regisseur Denis Villeneuve neamde. Ek it gebrek oan aksje yn 'e plot siet him tige dwers.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Arrival in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 436 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] leveret in net te missen ûnderfining foar fans fan yntelliginte science fiction, dy't syn balstjurrige tematyk ferankeret mei oprjocht oangripende emoasje en in geweldige aktearprestaasje fan Amy Adams." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Arrival in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 52 resinsjes.

Arrival brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $100,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $102,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $203,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $47 miljoen betsjut dat in winst fan $156,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2017 waard Arrival by de Oscars nominearre foar prizen yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de Oscar foar bêste lûdsmontaazje (Sylvain Bellemare). By de Golden Globes waard Arrival nominearre yn 2 kategoryen, foar bêste aktrise yn in dramafilm (Amy Adams) en bêste orizjinele filmmuzyk, mar beide prizen waarden oars ferjûn. By de Saturn Awards waard Arrival nominearre yn 6 kategoryen, foar û.m. bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste aktrise (Adams), bêste filmmontaazje en bêste special effects. De film wûn de Saturn Award foar bêste senario.

De film wûn fierders de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm) en de Ray Bradbury Nebula Award foar treflike dramatyske presintaasje. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs waard oan Arrival de Priis fan 'e Foarsitter takend. De film waard ek nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise (Adams) en wûn de priis foar bêste adaptearre senario by de Writers Guild of America Awards. By de Critics' Choice Awards waard Arrival nominearre yn 10 kategoryen en wûn de film de prizen foar bêste science fiction- of horrorfilm en bêste adaptearre senario. By de Teen Choice Awards waard de film nominearre yn 3 kategoryen mar wûn er net ien dêrfan.

Om utens waard Arrival by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste rezjy, bêste aktrise (Adams), bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmuzyk, bêste filmmontaazje en bêste special effects. De film wûn de BAFTA foar bêste lûd. By de Britske Empire Awards waard Arrival nominearre yn 7 kategoryen, mar giene de prizen allegearre nei oare gadingmakkers. De film wûn fierders de Kanadeeske Prix Aurora foar bêste fisuele presintaasje. Ek waard de film nominearre foar de Gouden Liuw op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en foar 3 Australyske AACTA International Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.