De Prix Aurora, foarhinne de Canadian Science Fiction and Fantasy Award, is in Kanadeeske priis dy't elts jier útrikt wurdt foar de as bêste beoardiele wurken op it mêd fan 'e science fiction en fantasy fan it foargeande jier. Der binne ferskate kategoryen, mei dêrûnder Ingelsk- en Frânsktalige literatuer, omslachûntwerpen en aktiviteiten fan fans. De prizen wurde sûnt 1980 útrikt troch de Canadian SF and Fantasy Association (CSFFA) op 'e saneamde Canvention, de Kanadeeske nasjonale science fiction- en fantasykonvinsje. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Prix Aurora
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar SF- & fantasyliteratuer
útrikt troch CSFFA
frekwinsje 1x jiers
datum tusken maaie en novimber
plak wikselet
ynsteld 1980
1e útrikking 1980
offisjele webside
www.prixaurora.ca
profesjonele prizen foar Ingelsktalich wurk (Prix Aurora)
profesjonele prizen foar Frânsktalich wurk (Prix Aurora Boréal)
  • bêste Frânsktalige roman
  • bêste Frânsktalige koarte fiksje
  • bêste Frânsktalige grafyske roman
  • bêste Frânsktalige poëzij/liet
  • bêste Frânsktalige besibbe wurk
fanprizen (foar sawol Ingelsk- as Frânsktalich wurk)
  • bêste publikaasje troch (in) fan(s)
  • bêste tydskrift troch (in) fan(s)
  • bêste filk-liet troch (in) fan(s)
  • bêste besibbe wurk troch (in) fan(s)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.