Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs (Ingelsk: Palm Springs International Film Festival), soms ôfkoarte ta PSIFF, is in filmfestival dat elts jier yn jannewaris holden wurdt yn 'e stêd Palm Springs, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. De earste edysje fan it evenemint waard organisearre yn 1989. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs leit him benammen ta op it ûnder de oandacht bringen fan útlânske films by it Amerikaanske publyk. Der komme elts jier sa'n 135.000 besikers op it filmfestival ôf, wêrfan't 70% bestiet út lju dy't net yn Palm Springs en omkriten wenje.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan Palm Springs
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Riverside County
plak Palm Springs
tiid fan it jier jannewaris
bysûnderheden
ôfkoarting PSIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1989 – no
org. troch PSIFS
offisjele webside
www.psfilmfest.org

Skiednis bewurkje seksje

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs waard foar it earst holden yn 1989. It waard oarspronklik promoate troch Sonny Bono, dy't doe boargemaster fan Palm Springs wie. Letter gie it festival in sponsorskipsrelaasje oan mei it tillekommunikaasjebedriuw Nortel.

Organisaasje bewurkje seksje

De organisaasje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs is yn 'e hannen fan 'e Palm Springs International Film Society (PSIFS), in selskip fan leafhawwers fan bûtenlânske films. Dyselde feriening organisearret elt jier yn juny ek it Ynternasjonaal Festival foar Koarte Films fan Palm Springs (ek bekend as ShortFest).

Films bewurkje seksje

De films dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs toand wurde, binne benammen bûtenlânske films (d.w.s. fan bûten de Feriene Steaten). Foar it meastepart binne dy net-Ingelsktalich. In lyts diel fan it filmoanbod bestiet lykwols út Amerikaanske ûnôfhinklike films. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs is opmerklik mei't it faak it meastepart fan 'e ynstjoerings sjen lit dy't meitingje nei de útrikking fan 'e Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film, letter yn it jier.

Prizen bewurkje seksje

De prizen dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs útrikt wurde, kinne ûnderferdield wurde yn 'e galaprizen en de festivalprizen.

Galaprizen bewurkje seksje

  • Sonny Bono Visionary Award
  • Career Achievement Award (oeuvrepriis)
  • Desert Palm Achievement Award (oeuvrepriis)
  • Director of the Year Award
  • Frederick Loewe Award for Film Composing
  • Icon Award
  • Chairman's Award
  • Ensemble Performance Award
  • Spotlight Award

Festivalprizen bewurkje seksje

  • FIPRESCI Prize for Best Foreign Language Film (foar bêste net-Ingelsktalige film)
  • FIPRESCI Prize for Best Actor in a Foreign Language Film (foar bêste akteur yn in net-Ingelsktalige film)
  • FIPRESCI Prize for Best Actress in a Foreign Language Film (foar bêste aktrise yn in net-Ingelsktalige film)
  • New Voices New Visions Award
  • John Schlesinger Award
  • CV Cine Award
  • Ricky Jay Magic of Cinema Award
  • GoE Bridging the Borders Award
  • Audience Award for Best Narrative Feature (publykspriis foar bêste langspylfilm)
  • Audience Award for Best Documentary Feature (publykspriis foar bêste dokumintêre)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.