Publykspriis
In publykspriis is in priis wêrby't de winner útornearre wurdt troch it publyk, ynstee fan troch in faksjuery. Dêrby kin men yn 'e regel kieze út in stikmannich nominearre kandidaten. Soms wurdt fan 'e útornearring fan publyksprizen in spesjale live tillefyzje-útstjoering makke, lykas yn Nederlân foarkomt by de takenning fan 'e Gouden Loeki foar it bêste reklamespotsje. Under sa'n útstjoering kinne de sjoggers dan tillefoanysk stimme. De nominearre dy't oan 'e ein fan 'e útstjoering de measte stimmen krigen hat, wint de priis. By prizen dy't yn ferskate kategoryen útrikt wurde, lykas in protte literatuer- en filmprizen, komt it wol foar dat der sawol publyksprizen besteane as kategoryen wêryn't de priis útrikt wurdt troch in faksjuery.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |