Etmel

(Trochferwiisd fan 24 oeren)

In etmel of etmiel (Noardfrysk: eetlem) is in perioade fan 24 oere, benammen de 24 oere fan in dei, dêr't dei yn de betsjutting fan net nacht brûkt wurdt.

As tiidoantsjutting is in etmel presyser as in dei; in dei letter jout eigentlik mear oan dat der in nacht foarby is, wylst in etmel letter ek betsjut dat it likernôch op itselde oere is.