Interstellar (film)
Interstellar is in Amerikaansk-Britske science fiction-film út 2014 ûnder rezjy fan Christopher Nolan, mei yn 'e haadrollen Matthew McConaughey, Anne Hathaway en Jessica Chastain. De titel betsjut "Ynterstellêr", wat ek oerset wurde kinne soe as "Tusken de Stjerren". It ferhaal is pleatst yn in dystopyske takomst, wannear't de Ierde fluch ûnbewenber rekket. In groep astronauten wurdt útstjoerd om troch in wjirmgat te reizgjen op 'e siik nei in nije planeet foar de minskheid. Interstellar krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Oscar foar bêste special effects, en teffens in BAFTA, seis Saturn Awards, twa Empire Awards en ferskate oare prizen.
Interstellar | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Christopher Nolan | |
produsint | Emma Thomas Christopher Nolan Lynda Obst | |
útfierend produsint |
Kip Thorne | |
senario | Jonathan Nolan Christopher Nolan | |
kamerarezjy | Hoyte van Hoytema | |
muzyk | Hans Zimmer | |
filmstudio | Legendary Pictures Syncopy Inc. Lynda Obst Productions | |
distribúsje | Paramount Pictures (Noard-Am.) Warner Bros. (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Matthew McConaughey Anne Hathaway Jessica Chastain | |
byrollen | Casey Affleck Matt Damon John Lithgow Michael Caine | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 26 oktober 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 169 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $165 miljoen | |
opbringst | $675,1 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × BAFTA 6 × Saturn Award 2 × Empire Award |
Plot
bewurkje seksjeYn 'e midden fan 'e ienentweintichste iuw bedriigje stofstoarmen en plantesykten yn lânbougewaaksen it fuortbestean fan 'e minskheid op 'e Ierde. Joseph Cooper, byneamd Coop, is in widner en earder testpiloat foar de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, dy't no boer wurden is, in bestean dêr't er in grouwéligen hekel oan hat. Hy bebuorket op it Amerikaanske plattelân in pleats dêr't er yn 'e mande mei syn skoanheit Donald, syn soan Tom en syn dochter Murph wennet. De maatskippij dêr't se yn libje is post-wierheid, en Coop wurdt dêrom by de direkteur fan Murph har skoalle op it matsje roppen foar in beskrobbing om't er har ferteld hat dat de Apollomisjes nei de moanne echt plakfûn hawwe: de prestaasjes fan it romtefeartprogramma binne nammentlik út 'e nije Amerikaanske refizjonistyske skiednisboekjes skrast.
Coop lit him lykwols net troch oaren foarskriuwe wat er al en net dwaan mei, dat hy fiteret Murph neitiid oan om neat klakkeleas fan oaren oan te nimmen, mar ynstee har eigen waarnimmings altyd soarchfâldich fêst te lizzen en dêr konklúzjes út te lûken. Underwilens fine der by harren yn 'e hûs, spesifyk yn Murph har sliepkeamer, riedseleftige ferskynsels plak. It giet yn 't earstoan om nuvere, geometryske patroanen yn 'e binnenwaaide moude, dy't dúdlik net tafallich ûntstien wêze kinne. Murph skriuwt dy yn it begjin ta oan 'e oanwêzigens fan in spûk, mar as se letter docht wat har heit har oanret hat, ûntdekt se dat de patroanen feroarsake wurde troch minuskule fariaasjes yn 'e swiertekrêft en dat se omset wurde kinne yn geografyske koördinaten.
Tegearre mei Murph bejout Coop him nei dy koördinaten, dêr't in geheime NASA-fasiliteit blykt te wêzen dy't ûnder lieding stiet fan professor John Brand, Coop syn âlde baas. Brand leit oan Coop út dat him 48 jier lyn in wjirmgat iepene hat yn 'e neite fan Saturnus, wêrmei't in rûte nei in fier stjerrestelsel ûntstien is mei tolve potinsjeel bewenbere planeten deunby in swart gat dat Gargantua doopt is. It wjirmgat kin net op natuerlike wize ûnstien wêzen; der wurdt teorisearre dat it makke is troch in ras fan heech ûntwikkele bûtenierdske wêzens dy't de minskheid in kâns jaan wolle om te oerlibjen. Tolve astronauten dy't har foar it projekt as frijwilliger oanmeld hiene, binne jierren lyn al útstjoerd nei dy planeten, en trije fan harren, Miller, Edmunds en Mann, hawwe positive resultaten weromstjoerd.
Op basis dêrfan hat Brand twa plannen betocht om it fuortbestean fan 'e minskheid te bewissigjen, dy't beide gebrûk meitsje fan it wjirmgat en de ferhuzing fan 'e minsklike beskaving nei ien fan 'e nije planeten yn 'e neite fan Gargantua. Yn elts gefal sil it romteskip de Endurance mei in bemanning fan fjouwer astronauten troch it wjirmgat reizgje om fierdere tariedings te meitsjen. Plan A draait om 'e ûntwikkeling fan in gravitaasje-oandriuwing dy't in massale eksodus fan alle minsken fan hjir nei dêr mooglik meitsje soe. Plan B is it nije begjinnen fan 'e minsklike beskaving mei de 5.000 beferzen minsklike embryo's oan board fan 'e Endurance, wylst frijwol alle libbene minsken by de Ierde efterbliuwe om te stjerren. Professor Band rekrutearret Coop as piloat fan 'e Endurance.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As it romteskip ôfsette sil, wegeret Murph har heit út te swaaien, ek al hat er har derfan bewissige dat er mei in pear jier werom wêze sil. Dêrop lit er syn horloazje foar har efter, sadat se harren relative tiid ferlykje kinne as er werom komt. Behalven út Coop bestiet de bemanning fan 'e Endurance út 'e wittenskippers dr. Amelia Brand (de dochter fan professor Brand), dr. Romilly en dr. Doyle en teffens út twa selsbewuste robots, TARS en CASE. Wylst se troch it wjirmgat reizgje, wurdt Amelia eat foarbygeands bûten de Endurance gewaar dat se ynterpretearret as in bûtenierdsk wêzen.
Nei't it romteskip yn it fiere stjerrestelsel oankommen is, hâlde se earst ho by de wrâld fan Miller. Wylst Romilly it swarte gat Gargantua bestudearret, geane Coop, Doyle en Amelia yn ien fan 'e fjouwer lâningsfartugen omleech nei it planeetoerflak. De wrâld fan Miller blykt in oseaanplaneet te wêzen. Se lânje yn knibbelheech wetter en treffe ta harren ferheardens inkeld brokstikken oan fan it romteskip fan Miller, dat noch mar krekt op 'e planeet arrivearre liket te wêzen. In opkommend tij fan gigantyske proporsjes leit út hoe't it romteskip ferneatige is. Doyle, dy't te fier fan it lâningsfartúch ôfdwaald is, slagget it net om op 'e tiid werom te kearen. Hy wurdt fuortspield en komt om, krekt as Miller foar him. De floechweach bringt skea ta oan it lâningsfartúch, sadat reparaasjes inkele oeren yn beslach nimme. Fanwegen de neite ta it swarte gat is de tiid op 'e planeet yn hege mjitte dilatearre, wat ek de reden is dat it skip fan Miller noch mar inkele oeren earder op 'e planeet arrivearre wie doe't Coop-en-dy dêr kamen. As Coop en Amelia oeren letter (foar harren) weromkeare nei de Endurance, binne dêr foar Romilly ûnderwilens 23 jier foarbygien.
Mei't dúdlik is dat de wrâld fan Miller ûngeskikt is foar de húsfêsting fan in minsklike beskaving, is it de fraach wêr't de Endurance no hinne moat. Troch de fertraging fan 23 jier is de brânstoffoarrie nammentlik sa sterk belune dat se noch mar ien fan 'e beide oare planeten ûndersykje kinne. De wrâld fan Edmunds hat telemetry dy't justjes better is, mar oan 'e oare kant stjoert Mann noch altyd nije gegevens út, en Edmunds al jierren net mear. Der ûntstiet in konflikt oan board as Amelia nei de wrâld fan Emunds wol, wylst Coop fan miening is dat se har liede lit troch har gefoelens, mei't sy in romantyske relaasje mei Edmunds hie. Mei stipe fan Romilly beslút Coop dat se nei de wrâld fan Mann geane. Underweis dêrhinne ûntfange se berjochten fan Murph, dy't wilens in folwoeksen frou wurden is en jierrenlang as wittenskipster ûnder professor Brand wurke hat. Op syn stjerbêd hat Brand oan har opbychten dat syn plan B altyd al it iennichste reälistyske plan wie, mei't foar syn plan A ûnbesetbere gegevens nedich wiene út it swarte gat sels.
De wrâld fan Mann blykt in iisplaneet te wêzen, dêr't de bemanning fan 'e Endurance Mann sels út kryostasis wekker makket. Hy bewissiget harren derfan dat in minsklike kolonisaasje fan 'e planeet mooglik is, nettsjinsteande it fijannige klimaat. As se letter tegearre op in ekskurzje binne, besiket Mann lykwols om Coop te fermoardzjen. Wilens bychtet er op dat er fan it begjin ôf oan ferfalske gegevens útstjoerd hat yn 'e hope om rêden te wurden. Hy stelt in lâningsfartúch en pykt út nei de Endurance. Romilly komt om as er yn in falstrik rint dy't troch Mann efterlitten is. Amelia rêdt Coop mei in twadde lâningsfartúch, wêrnei't se de efterfolging ynsette op Mann. Nettsjinsteande harren warskôgings besiket dyselde syn lâningsfartúch op in ferkearde manear oan 'e Endurance te keppeljen. Dat liedt ta in ûntploffing wêrby't Mann sels dea rekket en de Endurance swiere skea oprint. Nei in ekstreem drege oankeppelingsmaneuver wit Coop oan board fan it romteskip te kommen en dat wer ûnder kontrôle te bringen.
No't de wrâld fan Mann ek ûngaadlik is foar minsklike kolonisaasje, sitte Coop en Amelia der raar foar, want se hawwe te min brânstof om 'e wrâld fan Edmunds noch te berikken. Coop betinkt in plan om 'e benedige faasje te krijen troch in slinger om Gargantua hinne te meitsjen. Dêrfoar komt de Endurance lykwols sa deunby it swarte gat, dat der troch tiiddilataasje yn in flok en in sucht nochris 51 jier foarby giet. Amelia hat der in hurde holle yn dat it slagje sil, mei't it romteskip te swier is. Wêr't se gjin rekken mei holden hie, is dat Coop en TARS it skip mei twa fan 'e lâningsfartugen ferlitte om it lichter te meitsjen en sa te bewissigjen dat Amelia en CASE de wrâld fan Emunds berikke sille.
As se troch de waarnimmingshoarizon fan Gargantua hinne geane, smite Coop en TARS harsels út harren respektivelike lâningsfartugen en ûntdekke se nei in ûnbeskate tiid dat se har befine yn in tesserakt (in fjouwerdiminsjoneel objekt), dat mooglik makke is troch heechûntwikkele minsken út 'e fiere takomst. Mei't tiid de fjirde diminsje is, wurdt Coop dwers troch de tiid hinne de boekekast yn Murph har âlde sliepkeamer op 'e Ierde gewaar, dêr't er in tige beheinde ynfloed op 'e swiertekrêft útoefenje kin. Hy beseft dat hysels Murph har 'spûk' is, en begjint de wizers fan it horloazje dat er oan har jûn hat, te manipulearjen om sa fia Morsekoade de kwantumdata dy't TARS yn it swarte gat sammele hat, troch te jaan. Nei't er dy mânske put oprêden hat, wurdt Coop, tegearre mei TARS út 'e tesserakt smiten. Hy mient dat er no stjerre sil, mar hat dêr frede mei. Hy sjocht ferskate fizioenen, wêrûnder de Endurance dy't troch it wjirmgat komt, mei himsels, Amelia, Doyle en Romilly oan board. Amelia wurdt him gewaar, en Coop beseft dat er behalven Murph har spûk en Amelia har bûtenierdsk wêzen is. Uteinlik wurdt alles swart.
As Coop wekker wurdt, befynt er him op in mânsk romtestasjon yn in baan om Saturnus. Hy blykt krekt op 'e tiid yn it Sinnestelsel weromkeard te wêzen om syn dochter Murph noch werom te sjen, no in âlde frou op hege jierren dy't op har stjerbêd leit. Mei de kwantumdata dy't er har út it swarte gat wei trochjûn hat, wie sy yn steat om 'e gravitaasje-oandriuwing te ûntwikkeljen om professor Brand syn Plan A, de evakuaasje fan 'e hiele minskheid, mooglik te meitsjen. Murph stjoert har heit fuort om't se bern, beppesizzers en oerbeppesizzers by 't folop hat om har yn har lêste oeren selskip te hâlden, en om't, sa seit se, in heit syn eigen dochter net stjerren sjen moatte soe. Se bringt him yn 't sin dat Amelia, op wa't Coop geandewei de misje fereale rekke is, har no mei inkeld CASE as selskip op 'e wrâld fan Edmunds befynt. Coop reparearret TARS en tegearre stelle se in romteskip wêrmei't se útpike troch it wjirmgat om har by Amelia te jaan.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Joseph "Coop" Cooper | Matthew McConaughey |
Amelia Brand | Anne Hathaway |
Murph Cooper | Jessica Chastain |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Tom Cooper | Casey Affleck |
Mann | Matt Damon |
Donald | John Lithgow |
professor John Brand | Michael Caine |
de jonge Murph | Mackenzie Foy |
de jonge Tom | Timothée Chalamet |
de âlde Murph | Ellen Burstyn |
Doyle | Wes Bentley |
TARS | Bill Irwin (stim) |
CASE | Josh Stewart (stim) |
Getty | Topher Grace |
Romilly | David Gyasi |
Lois | Leah Cairns |
skoaldirekteur | David Oyelowo |
frou Hanley | Colette Wolfe |
Williams | William Devane |
bestjoerslid | Elyes Gabel |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeInterstellar waard regissearre troch Christopher Nolan nei in senario fan syn broer Jonathan Nolan en himsels. It idee dêrfoar kaam fan filmprodusinte Lynda Obst en natuerkundige Kip Thorne, dy't earder gearwurke hiene foar de film Contact út 1997. As produsinten wiene behalven Obst ek Christopher Nolan en dy syn frou Emma Thomas by it projekt belutsen foar de filmstudio's Legendary Pictures, Syncopy Inc. (fan Nolan en Thomas) en Lynda Obst Productions. Thorne hold tafersjoch op 'e produksje yn 'e funksjes fan útfierend produsint en wittenskiplik adviseur. Foar Interstellar, dat in Amerikaansk-Britske ko-produksje wie, waard in budget beskikber steld dat $165 miljoen bedroech. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan 'e Nederlânske sinematograaf Hoyte van Hoytema, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Interstellar setten op 6 augustus 2013 útein en duorren oant yn desimber fan dat jier. Der waard filme yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, yn Iislân en yn Los Angeles. Foar de opnamen waard in protte gebrûk makke fan miniatueren, wylst it bedriuw Double Negative yn 'e postproduksje bykommende digitale special effects tafoege.
De begjinsênes op it plattelân waarden opnommen op ferskate lokaasjes op 'e prêrjes fan Alberta, wêrûnder Nanton, Longview, Lethbridge, Fort Macleod en Okotoks. Produksje-ûntwerper Nathan Crowley plante spesjaal 200 hektare bougrûn oan mei stynske weet, sadat dat ferneatige wurde koe yn in stofstoarm. Dat waarsferskynsel waard foarmjûn neffens de stoarmen út 'e saneamde Dust Bowl-perioade dy't yn 'e 1930-er jierren de súdlike Grutte Flakten yn 'e Feriene Steaten teheisteren.
Op Iislân waarden de sênes op twa bûtenierdske planeten filme, te witten de iisplaneet fan Mann en de oseaanplaneet fan Miller. De opnamen fûnen û.m. plak by de gletsjer Svínafellsjökull en yn 'e omkriten fan it plak Kirkjubæjarklaustur. Anne Hathaway, dy't de rol fan Amelia Brand spile, rûn by de opnamen foar de oseaanplaneet suver ûnderkuolling op om't har drysuit net goed tichtbûn wie. De binnendoarsênes waard op ferskate lokaasjes yn Los Angeles en omkriten opnommen, wêrûnder it Westin Bonaventure Hotel, it Los Angeles Convention Center, in soundstage fan Sony Pictures yn Culver City en in priveewente yn Altadena.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Interstellar waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Paramount Pictures en yn 'e rest fan 'e wrâld troch Warner Bros. De film gie op 26 oktober 2014 yn it TCL Chinese Theatre yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 5 novimber yn 'e Amerikaanske en op 7 novimber yn 'e Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 novimber by platemaatskippij WaterTower Music. Interstellar waard op 31 maart 2015 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Interstellar oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter skreau: "Dit swiid opsette en útfierde epos besiket en jou likefolle gewicht oan yntime minsklike emoasjes as oan spekulaasjes oer de kosmos, mei mingde resultaten, mar it is nea minder as meislepend en soms mear as dat." Op 'e webside RogerEbert.com parte Matt Zoller Seitz oan Interstellar 31/2 fan 4 stjerren ta. Hoewol't er ornaris net fan Christopher Nolan syn niging ta oerdiedige dialooch en syn gebrek oan in gefoel foar komposysje hold, wie dit neffens him "dochs in ymposante, soms sels ferbjusterjende film."
Yn 'e krante USA Today hie Claudia Puig lof foar it fisuele spektakel en de krêftige motiven, mar krityk op 'e "saaie" dialooch en "ferfeelsume stikjes yn it romteskip." Yn 'e Australyske tillefyzjefilmrubryk At the Movies joech David Stratton Interstellar 41/2 fan 5 stjerren. Hy hie lof foar de ambysje dêr't de film fan tsjûge, foar de special effects en de IMAX-byldjouwing, mar bekritisearre it eftergrûnlûd, dat neffens him sa lûd wie dat it de dialooch bytiden ûnfersteanber makke. Henry Barnes fan 'e Britske krante The Guardian parte de film 3 fan 5 stjerren ta en neamde it "in glorieus spektakel, mar in oerflakkich drama, mei mar in pear personaazjes en te seldsume glimpen fan humor."
Yn it Amerikaanske tydskrift Forbes fûn Scott Mendelson net folle oan Interstellar, dat er ien fan 'e meast teloarstellende films fan 2014 neamde. Neffens him hie de film "in gebrek oan floeiende trochstreaming, in ferlies oan tempo folgjend op 'e klimaks, knoffelige lûdsmixing" en "tinne personaazjes". Hoewol't er de film twaris seach om him in werkânsing te jaan, fûn er dat Interstellar úteinlings net mear wie as "in ôfklaaide en wat bedimme fariaasje op lykfol hokker 'tsjoch-de-romte-yn-en-rêd-de-wrâld'-film."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Interstellar in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 337 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] fertsjintwurdiget mear fan 'e spannende, ta neitinken stimmende en fisueel wielderige foarm fan filmmeitsjen dy't bioskoopgongers begûn binne te ferwachtsjen fan senarioskriuwer-regisseur Christopher Nolan, sels as it yntellektuele each wat grutter is as de [sinematografyske] mage." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Interstellar in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 46 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeInterstellar brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $188,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $487,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $675,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $165 miljoen betsjut dat in winst fan $510,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Interstellar de op njoggen nei meast opbringende film fan 2014.
Prizen
bewurkje seksjeInterstellar waard yn 2015 by de Oscars nominearre foar prizen yn fiif kategoryen, wêrûnder bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de Oscar foar bêste special effects (foar Paul Franklin, Andrew Lockley, Ian Hunter en Scott R. Fisher). Interstellar waard ek nominearre foar de Golden Globe foar bêste orizjinele filmmuzyk. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard de film nominearre yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de BAFTA foar bêste special effects.
Fierders waard Interstellar by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn alve kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur (Matthew McConaughey), bêste aktrise (Anne Hathaway), bêste byrol fan in aktrise (Jessica Chastain) en bêste filmmontaazje. De film wûn de Saturn Awards foar bêste science fiction-film, bêste senario, bêste rol fan in jonge akteur of aktrise (Mackenzie Foy), bêste filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp en bêste special effects. Interstellar waard ek nominearre foar de Satellite Awards foar bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk en bêste special effects. Ek wûn Interstellar twa Britske Empire Awards, foar bêste film en bêste regisseur. De film waard fierders nominearre foar sân Critics' Choice Movie Awards (wêrfan't er de priis foar bêste science fiction- of horrorfilm wûn), wylst Mackenzie Foy ek noch nominearre waard foar in Teen Choice Award en in Young Artist Award.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |