Yn literatuer, films, tillefyzjesearjes, harkspullen, fideospultsjes en oare wurken fan fiksje wurdt motyf brûkt yn in inge en in romme betsjutting.

Yn romme sin slacht it op in ûnderwerp dat yn ferskate fiksjewurken, faak yn hiel ferskillende tiden, behannele wurdt. Bygelyks it motyf fan de heitemoard, it ûnbewenne eilân, de jonkfrou yn need, ensafh.

Yn de ferhaalanalyze wurdt motyf yn de ingere betsjutting brûkt. It giet dan om in foarwerp, ferskynsel of barren dat ferskate kearen yn in ferhaal foarkomt en in mear as gewoane (symboalyske) betsjutting hat.

Dan is der ek noch de term liedmotyf (Dútsk: Leitmotiv), in term dy't oarspronklik út de muzyk komt. Dêrfan wurdt sprutsen as beskate wurden of wurdkombinaasjes (dy't faak oer in personaazje geane) yn de tekst fan in literêr wurk geregeldwei werhelle wurde. Dat betsjut net dat elke wurdwerhelling in liedmotyf is. It is pas in liedmotyf as dy werhelling begjint op te fallen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.