Jonkfrou yn need
De jonkfrou yn need is in weromkearend froulik stereotype en narratologysk ynstrumint yn 'e fiksje út ferskate dielen fan 'e wrâld. Dêrby is in, almeast jonge en tsjeppe, frou finzen nommen, ûntfierd of op in oare wize yn gefaar rekke en moat hja rêden wurde troch in manlik personaazje.
Beskriuwing
bewurkje seksjeNeffens guon literatuerkritisy stiet de helpleazens en ûnselsrêdsumens fan 'e jonkfrou yn need yn ferbân mei opfettings bûten de fiksje dat froulju as groep fersoarge hearre te wurden troch manlju. It stereotype fan 'e jonkfrou yn need hoecht der net needsaaklikerwize mei te einigjen dat de rêder de frou 'kriget' as in soarte fan beleanning, mar faak is it wol sa dat it froulik personaazje en it manlik personaazje úteinlik in pearke wurde by wize fan happy end. Soks kin romantysk fûn wurde, mar ek seksistysk. Fral it feminisme kantet him oer it algemien bot oan tsjin 'e jonkfrou yn need.
It motyf foar de rêding fan 'e frou kin foar de man leafde, lust, ferantwurdlikheidsgefoel of in famyljebân wêze. De frou hoecht op harsels net ynkompetint te wêzen, mar is wol ûnmachtich om harsels út har penibele sitewaasje te rêden, faak trochdat se yn 'e knipe sit fan in patriargale maatskippij wêrfoar't de winsken en belangen fan froulju oer it algemien net yn tel binne.
De jonkfrou yn need komt sawol foar yn 'hege' literatuer as yn pulpfiksje en alles dêrtuskenyn. By de ûntjouwing fan 'e jonkfrou yn need as narratologysk ynstrumint binne neffens letterkundige Yeoman Lowbrow fan 'e Aldheid ôf sawol de jonkfrou as har rêder yn essinsje gelyk bleaun; ynstee is it de bedriging dêr't hja oan bleat stiet dy't oanhâldend feroaret. Sa kin de fijân in meunster wêze, mar ek banditen, in sljochtsinnige wittenskipper, nazys, hippys, in motorbinde, bûtenierdske wêzens, en sa mear. Dêrby giet it der neffens Lowbrow om hokker antagonist it bêste oanslút op 'e kollektive eangst fan 'e kultuer dy't it oangeande ferhaal produsearret.
Foarbylden
bewurkje seksjeIn foarbyld fan 'e jonkfrou yn need út 'e Aldheid is Andromeda, út 'e Grykske mytology, dy't mei keatlings oan in rots yn see fêstklonken waard om 'e god Poseidon geunstich te stimmen, waans grime oproppen wie troch har mem, keninginne Kassiopeia fan Etioopje. De held Perseus deade it meunster dat troch Poseidon stjoerd wie en rêde de prinsesse. Yn it hindoeïstyske epos Rāmāyaṇa wurdt de goadinne Sītā ûntfierd troch de demon Rāvaṇa, wêrnei't har man, de god Rāmā, in jierrenlange kweeste ûndernimt om har te rêden.
Foarbylden fan 'e jonkfrou yn need komme ek foar yn Jeropeeske mearkes, lykas Rapûnske (dêr't de haadpersoan troch in heks opsletten wurdt yn in toer en dêrút rêden wurde moat) en Sniewytsje (wêryn't de haadpersoan nei fergiftiging troch har boaze styfmem yn in soarte fan koma rekket, dêr't se inkeld út wekke wurde kin troch de tút fan in prins). Foarbylden fan 'e jonkfrou yn need út 'e moderne popkultuer binne it personaazje Ann Darrow yn 'e film King Kong, dy't ûntfierd wurdt troch in reuseftige gorilla dy't fereale op har rekke is, prinsesse Leia yn Star Wars (1977), dy't út 'e klauwen fan 'e smjunt Darth Vader rêden wurde moat, en Sarah Connor, dy't yn The Terminator (1984) rêden wurde moat fan in cyborg út 'e takomst.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|