Sniewytsje, yn it oarspronklike Dútsk: Schneewittchen (Nederlânsk: Sneeuwwitje; Ingelsk: Snow White), is in iuwenâld mearke dat troch de bruorren Grimm optekene waard yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. It byld dat de measte minsken fan Sniewytsje foar eagen stiet, sil yn 'e regel sterk beynfloede wêze troch de wrâldferneamde Disney-tekenfilm Snow White and the Seven Dwarfs, út 1937. Yn 1985 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 2, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber). Yn 2012 is Sniewytsje op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.

Sniewytsje
algemiene gegevens
oarspr. titel Schneewittchen
auteur Bruorren Grimm
taal Dútsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1812, Berlyn
oarspr. útjwr. Realschulbuchhandlung
bondel Kinder- und Hausmärchen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Sniewytsje
publikaasje 1985, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jant Visser-Bakker
ISBN oers. 9 06 27 32 763

Sniewytsje is in withoe tsjep famke en de dochter fan in kening. Koart nei har berte stjert har mem en har heit trout mei gauwens mei in oare frou. Sniewytsje har styfmem is in o sa grutsk en oergeunstich frommes, mar se hat in betsjoende spegel dy't inkeld de wierheid sprekke kin, en dy fertelt har altiten dat sy de kreaste frou fan hiel it lân is, en dan is se gerêststeld en tefreden. Mar op in dei seit de spegel dat net sý, mar Sniewytsje de kreaste frou fan hiel it lân is. De styfmem rekket dêrop ferfolle fan oergeunstigens en wrok en hja oarderet in jager om it fanke mei yn 'e bosk te nimmen en dea te meitsjen. De jager, lykwols, kriget begrutsjen mei Sniewytsje en lit har gean. Ynstee fan Sniewytsje har hert werom te bringen, sa't de styfmem him hjitten hie, bringt er har it hert fan in everswyn. Dat yt de styfmem dan op yn 'e oertsjûging dat it it hert fan har styfdochter is. Sniewytsje doarmet in dei lang troch de bosk, mar as it tsjin 'e jûn rint, komt se by in lytse wente, dêr't se yn 'e hûs giet en fan 'e oansteande tafel yt en drinkt en har deljout op bêd. As de bewenners, sân dwergen, net folle letter thúskomme, ûntdekke se it fanke, mar beslute se har mar gewurde te litten. De oare moarns biede se har oan om by harren te bliuwen as húshâldster. Dat nimt Sniewytsje grif oan.

 
Sniewytsje en har styfmem (in yllústraasje fan Heinrich Leutemann of Carl Offterdinger.

Underwilens is de styfmem troch de betsjoende spegel oan 'e weet kommen dat Sniewytsje noch libbet en wêr't se is. Dat se ferklaait har as in âld keapwyfke en komt del by it hûs fan de sân dwergen as dy oerdeis yn harren myn oan it wurk binne. Se beart dat se riuwfiters te keap hat, mar as Sniewytsje ien prebearje wol foar it lyfke fan har jurk, lûkt se de fiter sa strak oan dat Sniewytsje net mear sykhelje kin en derhinne falt. De styfmem giet tefreden op hûs oan, mar as de dwergen jûns thúskomme en Sniewytsje op 'e flier fine, snije se de fiter stikken sadat se wer azemje kin, en dan komt it fanke stadichoan wer by. De styfmem kriget fan 'e spegel te hearren dat se noch hieltyd net de kreaste fan it lân is, en set foar de twadde kear dy kant út, no ferklaaid as in oar âld wyfke. Diskear besiket se Sniewytsje in giftige kaam te ferkeapjen, en as Sniewytsje dy wol útprebearje wol, falt se der wer hinne sadree't de kaam yn har hier komt. De styfmem giet wer fuort, mar op 'e nij komme de dwergen thús en diskear ferwiderje se de kaam, en dan blykt dat Sniewytsje noch net alhiel dea wie, dat se betteret wer op. De styfmem blykt noch altyd net de kreaste fan it lân te wêzen, dat foar de trêde kear giet se derhinne, no yn 'e momkape fan in âld boerinne dy't apels ferkeapet. Fannijs trapet Sniewytsje deryn en sadree't se in hap nimt fan 'e apel dy't se oannommen hat, falt se dea del. Diskear kinne de dwergen, as se letter thúskomme, har net helpe. Earst sille se har begrave, mar se is noch altyd sa tsjep, dat se dat net oer harren hert krije kinne. Dêrom meitsje se in glêzen kiste dêr't se har yn tepronk sette.

Op in dei komt der in prins, dy't op trochreis is, by de wente fan 'e dwergen lâns, en sjocht dêr de glêzen kiste stean. Hy rekket op slach fereale op Sniewytsje en besiket earst om 'e kiste mei har deryn te keapjen, mar de dwergen litte him witte dat dy noch net te keap is foar al it goud op 'e wrâld. Dan smeket er harren om him de kiste te skinken, en dêrby komt er harren sa op it moed, dat se dêr úteinlik yn tastimme. Mar as in pear feinten fan 'e prins de kiste fuortdrage sille, stroffelet de iene oer in útstykjende beamwoartel en lit er de kiste falle. troch de skok sjit Sniewytsje it stik fan 'e giftige apel út 'e kiel en hja komt wer by. Koarte tiid letter trout se mei de prins en ek har styfmem wurdt útnûge foar de brulloft. Mar as dy dêr arrivearret, wurde der in pear yn it hurdfjoer gleonhjit makke izerne skuon foar har klearset, en wurdt se twongen om mei dy oan 'e fuotten te dûnsjen oant se dea delfalt.

 
In fanke yn it Sniewytsje-kostúm sa't dat popularisearre is troch de tekenfilm Snow White and the Seven Dwarfs, út 1937.

Yn 'e earste edysje fan harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") publisearren de bruorren Grimm in ferzje fan Sniewytsje wêryn't de rol fan 'e smjunt ferfolle wurdt troch Sniewytsje har eigen mem. Yn in noch eardere ferzje, dy't foarôfgiet oan 'e útjefte fan 'e mearkes fan 'e bruorren Grimm, mar bekend is út harren brieven, oarderet Sniewytsje har mem gjin jager of oare tsjinstfeint om it fanke mei te nimmen nei de bosk, mar docht dat sels en lit dan har dochter dêr efter om te stjerren. Men is fan tinken dat de feroaring fan mem ta styfmem, sa't it mearke yn 'e definitive ferzje fan 1857 derút kaam te sjen, dien waard om it wat gaadliker te meitsjen foar bern. Mannich in lettere bewurking lit fierders ek it (mislearre) kannibalisme fan 'e styfmem en de mar frijwat wrede wraak op 'e ein fuort.

Der binne nochal wat oare mearkes út hiele Jeropa bekend dy't fan itselde soarte binne, mei dêrûnder in Albaneeske ferzje wêryn't de haadpersoan mei fjirtich draken libbet ynstee fan mei sân dwergen. Sniewytsje moat trouwens net betize wurde mei Sniewytsje en Roazerea (Schneeweißchen und Rosenrot), dat in hiel oar mearke fan 'e bruorren Grimm is, mei in haadpersoan dy't inkeld deselde namme draacht, mar fierders gjin konneksje mei de Sniewytsje út Sniewytsje hat.

Der binne fan Sniewytsje withoefolle adaptaasjes makke ta oare media, mei dêrûnder toanielstikken, films (ek pornografyske films), tillefyzje, animaasje en muzyk. Fierwei de bekendste adaptaasje is lykwols de tekenfilm Snow White and the Seven Dwarfs fan Walt Disney, út 1937, dy't frij los mei it mearke omgiet. Sa yntrodusearret Disney magyske bewegende beammen en in sjongende Sniewytsje, dy't net in stik apel ophoastet, mar troch de prins wekker tute wurdt. Oan 'e dwergen waarden foar it earst nammen jûn yn it Broadway-toanielstik Snow White and the Seven Dwarfs, út 1912, mar Disney betocht wer oare nammen foar harren (Doc, Grumpy, Happy, Sleepy, Bashful, Sneezy en Dopey) en makke har foar it earst ta de "komyske noat" fan it ferhaal. Disneys Snow White and the Seven Dwarfs wurdt hjoed de dei beskôge as ien fan 'e grutte animaasjeklassikers en is ien fan 'e meast besjoene tekenfilms aller tiden.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, De Moaiste Mearkes 2 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1985 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 763.
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.