Dwerch (mytysk wêzen)
In dwerch is in mytysk wêzen dat oarspronklik út 'e Germaanske mytology komt, en yn 't bysûnder út 'e Noardske mytology. Dwergen wurde yn Germaanske myten oer it algemien foarsteld as lytse, op minsken lykjende wêzens dy't yn grotten yn 'e bergen of yn hoalen ûnder de grûn wenje. Se wurde gauris assosjearre mei wiisheid, smidswurk en mynbou. Fan uterlik binne se ornaris koart fan stal en lilk, hoewol't guon wittenskippers de fraach oppenearre hawwe oft dat net in lettere ûntwikkeling is dy't fuortkomt út komysk bedoelde werjeften. Fierders wurde dwergen faak omskreaun as deun, ynklauwerich en gau yn harren eargefoel oantaast. As dat lêste bart, soene se ûnfersoenlike fijannen wurde. It moderne byld fan dwergen is sterk beynfloede troch portrettearrings yn 'e popkultuer, wêrfan't de Disneyfilm Snow White and the Seven Dwarfs (1937) en de Lord of the Rings-trilogy fan J.R.R. Tolkien (1954-1955) de wichtichsten binne.
Etymology
bewurkje seksjeIt Fryske wurd "dwerch" is besibbe oan it Aldingelske dweorg, it Aldheechdútske twerg en it Aldnoarske dvergr. Dy foarmen geane allegear werom op it (rekonstruëarre) Proto-Germaanske *đwerȝaz. De etymologyske betsjutting fan dat wurd is lykwols tige omstriden. It soe komme kinne fan 'e Proto-Yndo-Jeropeeske woartel *dheur-, mei de betsjutting "skea", of op 'e Proto-Yndo-Jeropeeske woartel *dhreugh, dêr't de Fryske wurden "dream" en "bedroch" op weromgeane. Ek binne ferlikings makke mei it Sanskrityske wurd dhvaras, dat ferwiist nei in type demon.
Dwergen yn 'e Noardske mytology
bewurkje seksjeDe Noardske mytology biedt inkele ferskillende ferhalen oer de mytyske oarsprong fan dwergen. It gedicht Völuspá, dat diel útmakket fan 'e Poëtyske Edda, in Aldiislânske dichtbondel dy't yn 'e trettjinde iuw gearstald waard út eardere tradisjonele boarnen, beweart dat de dwergen fuortkamen út it bloed fan it wêzen Brimir en de bonken fan Bláinn. (Brimir en Bláinn wurde troch saakkundigen beskôge as alternative nammen foar de reus Ymir.) Yn 'e Proaza-Edda, in samling ferhalen en non-fiksje dy't, ek yn 'e trettjinde iuw, skreaun waard troch de grutte Iislânske skald Snorri Sturluson, wurde de dwergen lykwols beskreaun as wêzens dy't wol wat wei hawwe fan maitsen, en dy't yn it fleis fan Ymir etteren oant se troch de goaden bejeftige waarden mei yntelliginsje en selsbewustwêzen.
Godstsjinstwittenskippers hawwe opmurken dat dwergen en svartálfar (Aldnoarsk foar "swarte elven") deselde soarte wêzens lykje te wêzen, mei't beide yn 'e Proaza-Edda omskreaun wurde as bewenners fan Svartálfheimr. De Poëtyske Edda en de Proaza-Edda neame mear as hûndert nammen fan dwergen, en de Proaza-Edda tsjut ek fjouwer dwergen oan, Norðri, Suðri, Austri en Vestri (Aldnoarsk foar "Noard", "Súd", "East" en "West"), dy't in kosmologyske rol hawwe: sy soene it himelferwulft omheech hâlde. Nettsjinsteande dat spylje yn 'e beide Edda's mar in hiel lyts bytsje wêzens, dy't eksplisyt as dwergen identifisearre wurde kinne, in aktive rol. Dejingen by wa't dat wol it gefal is, hâlde en drage har tige ferkillend; it binne de moardsuchtige skeppers fan 'e mea fan poëzij, ûnwillige jouwers fan wichtige artefakten mei magyske kwaliteiten, of gleie oantaasters dy't longerje op seksuële omgong mei goadinnen.
Dwergen wurde yn 'e Noardske mytology benammen assosjearre mei smidswurk en ealsmidswurk, en ek mei de dea, lykas yn it ferhaal fan kening Sveigðir yn 'e Ynglinga Saga, it earste ûnderdiel fan 'e Heimskringla. De doarren of poarten dy't troch dwergen bewekke wurde, kinne sadwaande beskôge wurde as doarren tusken ferskillende wrâlden of tusken libben en dea. In dwerch mei de namme Alvíss wist de goaden safier te krijen dat se him Þrúðr, de dochter fan Þór (Thor of Tonger) ta frou joegen, mar se holden him mei sin oan 'e praat oant de dage oan 'e loft kaam, en doe feroare er yn stien, krekt as trollen yn guon ferhalen oerkomt.
Dwergen yn 'e folkloare
bewurkje seksjeNei de kerstening fan 'e Germaanske folken waarden de myten oer dwergen ta folksferhalen dy't ûnderdiel útmakken fan 'e folkloare yn dy dielen fan Jeropa dêr't de befolking in Germaanske taal spriek. Yn 'e lette sêgen fan Skandinaavje litte dwergen behalven op it mêd fan 'e smidskeunst ek feardichheid as genêzers sjen. Yn 'e iere Aldnoarske boarnen wurdt der nearne gewach fan makke dat se koarter fan stal wêze soene as minsken, mar yn 'e sêgen wurde se kear op kear omskreaun as lyts en ûnsjoch. Dy feroaring blykt ek út guon dwergenammen út 'e Aldnoarske myten, lykas Fullangr ("Langernôch") en Hár ("Heech"), wylst yn 'e Midsiuwen yn it Aldingelsk it wurd dweorg brûkt waard as oersetting fan Latynske wurden as nanus ("dwerch") en pygmaeus ("pygmee").
Yn 'e folkloare wurde dwergen ornaris omskreaun as (lytse) âlde manlju mei in lang burd. Froulike dwergen wurde frijwol nea neamd. Fan Dvalinn, in dwerch dy't sawol yn 'e Edda's as de sêgen foarkomt, wurdt ferteld dat er dochters hat, en yn 'e fjirtjinde-iuwske romantyske sêge Þjalar Jóns Saga wurdt it wurd dyrgja ("dwerginne") brûkt, de froulike foarm fan dvergr. Mar frijwol alle oare foarbylden dy't troch Jacob Grimm oanhelle wurde yn syn Deutsche Mythologie kinne útlein wurde as ferwizings nei oare wêzens. Yn 'e Sweedske folksballade Herr Peder och Dvärgens Dotter ("Hear Peter en de Dwergedochter") wurdt de rol fan boppenatuerlike ferliedster lykwols spile troch in froulike dwerch.
Wittenskiplike ynterpretaasjes
bewurkje seksjeLotte Motz oppenearre dat de dwergen fan 'e mytology fan 'e Germaanske folken, yn 't bysûnder as se omskreaun wurde as smidden en poartewachters, eins beskôge wurde kinne as in dizenich oantinken oan 'e pre-Yndo-Jeropeeske kultuer(en) fan Noard-, Noardwest- en Midden-Jeropa. Neffens Anatoly Liberman soe it skoan kinne dat dwergen oarspronklik beskôge waarden as boppenatuerlike wêzens fan lytse macht en wichtigens, dêr't nei de komst fan it kristendom in letterlike lytsens fan stal út fuortkommen is.
Moderne ynfloeden
bewurkje seksjeYn 'e tweintichste iuw is it byld dat yn 'e Westerske wrâld fan dwergen bestiet, sterk beynfloede troch ôfbyldings yn 'e popkultuer. De wichtichste fisuële ynfloed is dêrby útgien fan 'e ferneamde tekenfilm Snow White and the Seven Dwarfs, dy't yn 1937 troch Walt Disney útbrocht waard. Dêryn hawwe de sân dwergen út it bekende mearke Sniewytsje in stal dat likernôch heal sa grut is as dat fan in minske, en dêropta in net slim ûnsjoch mar dochs ûnoantreklik foarkommen, mei grutte hollen yn ferhâlding ta de grutte fan it lichem en fral hiel grutte noazen.
In oare grutte ynfloed, mar dan mear troch literêre beskriuwing, gie út fan 'e Lord of the Rings-trilogy fan 'e Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien (1954-1955). Dêryn wurde dwergen krekt as yn 'e Noardske myten omskreaun as oerhingjend ta deunens en ynklauwerigens en as masters fan 'e smidskeunst, mar ek as stânhêfte freonen en lju dy't gjin woltinkend minske as fijannen hawwe wol. Oars as de Proaza-Edda, dêr't de termen svartálfar ("swarte elven") en dökkálfar ("dûnkere elven") as synonym mei dwergen behannele wurde, makke Tolkien ûnderskie tusken dwergen en dûnkere elven (dy't er Moriquendi neamde). Dat ferskil is troch lettere wurken fan fantasy oer it algemien oernommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|