Patriside

(Trochferwiisd fan Heitemoard)

Patriside of heitemoard is de moard op jins eigen heit. Skiedkundige foarbylden fan patriside binne: de Assyryske kening Sanherib (reg. 704-681 f.Kr.), dy't troch twa fan syn soannen fermoarde waard fanwegen syn ûntwijing fan Babylon; Iyasus I (1682-1706), ien fan 'e grutte kriger-keizers fan Abessynje, dy't yn 1706 troch syn soan Tekle Haymanot I ôfset en letter fermoarde waard; Petar Petrović, dy't omtrint 1786 fermoarde waard troch syn soan Karađorđe Petrović (1768-1817), de lettere earste kening fan it moderne Servje, om't er drige hie om syn famylje oan te jaan by de Osmaanske Turken. Yn 'e literatuer is nei alle gedachten it bekendste gefal fan patriside de moard troch Oidipoes op syn heit Lajos fan Tebe, dy't fêstlein is yn Sofoklês syn ferneamde trageedzje Kening Oidipoes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.