McDonald's, of eins de McDonald's Corporation is in keatling fan Amerikaanske fastfoodrestaurant. Wrâldwiid binne der 31.000 filialen, dy't mei-inoar 47 miljoen klanten deis betsjinje. McDonald's hat yn it earstoan fral súksesfol west mei de ferkeap fan hamburgers, cheeseburgers en milkshakes. Nei 2000 binne dêr ek fruit en salades by kaam.

It logo fan McDonald's.
McDonald's Kosher yn Buenos Aires (Argentynje).

Yn 1937 begûn Patrick McDonald mei in hotdogkream, ûnder de namme Airdrome, op it fleanfjild fan Monrovia, yn 'e steat Kalifornje. Yn 1940 iepenen syn soannen Maurice ("Mac") en Richard ("Dick") McDonald it earste McDonald's-restaurant yn San Bernardino. Yn 1948 waard it restaurant bekend doe't se der selsbetsjinning ynfierden. Neil Fox waard yn 1953 de earste dy't ûnder franchise fan 'e bruorren McDonald in restaurant iepene (yn Phoenix). Yn 1954 oppenearre de milkshake-mikserferkeaper Ray Kroc him oer it iepenjen fan mear McDonald's-restaurants. Hy wie tige ûnder de yndruk en besocht Walt Disney, ien fan syn freonen út 'e oarlochstiid, safier te krijen om McDonald's-restaurants te iepenjen yn it ferdivedaasjpark Disneyland, dêr't se doe noch mei oan it bouwen wienen. Doe't Disney neat mei Kroc syn útstel dwaan woe, iepene Kroc syn earste eigen restaurant yn Des Plaines, yn Illinois, ûnder de reek fan Chicago. Yn 1968 wiene der al tûzen McDonald's-restaurants. Yn 1971 waard it earste restaurant yn Jeropa iepene, wêrnei't de oare kontininten folgen. Yn 1974 waard it earste Ronald McDonald Hûs iepene yn Pennsylvania, om in "thús yn 'e frjemdte" te skeppen foar de âldelju en oare famyljeleden fan bern dy't opnommen binne yn sikehuzen.

 
McDonald's yn ferskate lannen.

Yn 1988 iepene McDonald's yn Belgrado (Joegoslaavje, no Servje) syn earste restaurant yn in kommunistysk lân. Yn Boedapest (Hongarije) waard letter dat jiers noch in McDonald's iepene. Op 31 jannewaris 1990 waard in restaurant iepene yn Moskou. Troch de spanningen fan 'e Kâlde Kriich waard it restaurant opset mei stipe fan McDonald's Kanada. De fêstiging yn Moskou wie hiel populêr, mei oerenlange wachtrigen yn 'e earste dagen nei de iepening. De earste McDonald's in Fryslân waard yn desimber 1988 te Ljouwert, oan 'e Wurdumerdyk iepene. Yn it begjin waarden de produkten noch twatalich oantsjutten.

Hjoed de dei sit McDonald's yn 120 lannen. De restaurantkeatling is ek it symboal fan 'e globalisaasje wurden. Sa mjit it Amerikaanske tydskrift The Economist de keapkrêft yn 'e ferskillende lannen neffens de "Big Mac Yndeks".

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.