The Hurt Locker
The Hurt Locker is in Amerikaanske oarlochsdramafilm út 2008 ûnder rezjy fan Kathryn Bigelow, mei yn 'e haadrollen Jeremy Renner, Anthony Mackie en Brian Geraghty. De titel betsjut letterlik "It Pineklúske"; dat is (yn 'e sin fan they sent him to the hurt locker) yn it Amerikaansk-Ingelske militêr jargon in term foar "ferwûne reitsjen". De film folget de leden fan in eksplosive-oprommingsteam fan it Amerikaanske Leger yn 2004 by harren wurk ûnder de Irakoarloch, en besteget dêrby benammen oandacht oan 'e psychologyske reäksjes op 'e oanhâldende oarlochssitewaasje, dy't foar de iene ûnferdraaglik en foar de oare ferslaavjend is. The Hurt Locker waard as ûnôfhinklike film foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje yn 2008, en waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûnthelle. Hoewol't it mar in beskieden kommersjeel súkses waard, wûn de film seis Oscars, seis BAFTA Awards, fjouwer Satellite Awards en in grut tal mindere prizen.
The Hurt Locker | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Kathryn Bigelow | |
produsint | Kathryn Bigelow Mark Boal Nicolas Cartier Greg Shapiro | |
senario | Mark Boal | |
kamerarezjy | Barry Ackroyd | |
muzyk | Marco Beltrami Buck Sanders | |
filmstudio | Voltage Pictures Grosvenor Park Media Film Catiptal Europe Funds First Light Productions Kingsgate Films | |
distribúsje | Summit Entertainment (Fer. St.) Warner Bros. (Jeropa) | |
spilers | ||
haadrollen | Jeremy Renner Anthony Mackie Brian Geraghty | |
byrollen | Guy Pearce Christian Camargo David Morse Ralph Fiennes Evangeline Lilly | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 10 oktober 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | oarlochsdrama | |
taal | Ingelsk (ek wat Arabysk) | |
spyltiid | 131 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $15 miljoen | |
opbringst | $49,2 miljoen | |
prizen | 6× Oscar 6× BAFTA Award 4× Satellite Award |
Plot
bewurkje seksjeYn 2004 komt yn 'e Irakoarloch sersjant Matthew Thompson om by de ûntploffing fan in bermbom. Hy wie de lieder fan in trijemansteam fan it Amerikaanske Leger dat spesjalisearre is yn eksplosive-opromming, en dat fierders bestiet út sersjant J.T. Sanborn en soldaat Owen Eldridge. Thompson wurdt ferfongen troch sersjant earste klasse William James, dy't al langer yn Irak tsjinnet en ek aktyf west hat yn Afganistan. By syn oankomst moat Bravo Kompanjy, dêr't it team ta heart, noch tritich dagen tsjinje foar't se ôflost wurde en mei ferlof nei hûs gean kinne.
Op 'e legerbasis dêr't se stasjonearre binne wurdt James gauris oansprutsen troch in Iraakske jonge fan in jier as trettjin, fjirtjin mei de bynamme 'Beckham' (nei de fuotballer), dy't him dvd's besiket te ferkeapjen. James mei him wol lije en spilet ris in potsje fuotbal mei him.
It docht al rillegau bliken dat James út oar hout snien is as Thompson. Sanborn en Eldridge binne benaud dat er harren mei syn eigensinnige wurkmetoaden en domdryste hâlden en dragen nochris de dea yn jeie sil, wat de spannings yn it team heech oprinne lit en de ûnderlinge gearwurking gjin goed docht. As se yn 'e woastyn yn beslach nommen eksplosiven ûnskealik meitsje moatte troch se op te blazen, en James tuskentroch weromgiet nei it plak dêr't de eksplosiven begroeven binne om't er syn wanten dêr lizze litten hat, beprate Sanborn en Eldridge iepentlik oft se ûntploffing net "by fersin" te betiid ôfgean litte moatte.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As se weromride nei harren basis, komme James, Sanborn en Eldridge fiif bewapene manlju yn Arabyske kledaazje tsjin, dy't by in auto mei in lekke bân steane. It blike Britske hierlingen te wêzen dy't foar in privaat bedriuw wurkje en dy't twa sochte Iraakske oarlochsmisdiedigers fan it Baätrezjym fan Saddam Hoessein opspoard en finzennommen hawwe. Wylst it team de mannen mei breklik ark besiket te helpen om 'e lekke bân te ferwikseljen, wurdt it hiele selskip ûnder fjoer nommen troch Iraakske slûpskutters. Yn 'e gaos dy't dan útbrekt, besykje de beide finzenen út te naaien, mar de lieder fan 'e hierlingen sjit harren del, mei't se dea likefolle wurdich binne as libben. Trije fan 'e hierlingen, de lieder ynbegrepen, wurde deasketten troch de slûpskutters foar't Sanborn en James trije fan 'e oanfallers deadzje en Eldridge in fjirdenien deasjit.
By in ynfal yn in pakhûs yn Bagdad dêr't bommen produsearre wurde, ûntdekt James it stoflik omskot fan in opslûpen jonge, wêrfan't er mient dat it Beckham is. Yn it lyk is op sjirurgyske wize in bom ynplantearre. As it pakhûs ûntromme wurdt, komt luitenant-kolonel Cambridge, de psychiater fan Eldridge, om by in ûntploffing. Cambridge wie op oantrúnjen fan Eldridge ris mei op patrûlje gien om te ûnderfinen hoe't dat is, dat Eldridge jout himsels sadwaande de skuld fan syn dea en rekket swier traumatisearre troch it foarfal.
Underwilens wurdt James fertard troch de oanstriid om Beckham te wreekjen. Hy sprekt de dvd-ferkeaper oan fan wa't de jonge it helpke wie, mar dy hâldt fol dat er gjin Ingelsk sprekt. James twingt him lykwols ûnder bedriging mei in pistoal om him by Beckham syn hûs te bringen. It hûs dêr't de spûkbenaude man him ôfset, blykt lykwols de wente fan in Iraakske heechlearaar te wêzen, en de hiele ekskurzje leveret neat oars op as in senuwslopende fuottocht werom nei de basis, dwers troch in stêd dy't jûns, nei't de hjitte fan 'e dei wat bekommen is, ta libben komt en dêr't eltsenien in terrorist wêze kin.
James is noch mar krekt werom op 'e basis as it team dyselde jûns noch útstjoerd wurdt nei it plak dêr't in bomoanslach dien is mei in tankwein fol brânstof. James riddenearret dat de ûntploffing op ôfstân feroarsake is, en ornearret dat de ferantwurdliken noch yn 'e buert wêze moatte. Hy kriget it yn 'e holle om op eigen manneboet nei de dieders op jacht te gean, en nettsjinsteande Sanborn syn protesten sleept er de oare beide leden fan it team dêryn mei. As se by in plak komme dêr't trije parallel rinnende strjitsjes wei liede, beslute se elts ien fan 'e strjitsjes del te gean, in idee dat op 'e nij út 'e koker fan James komt. James en Sanborn fine neat, mar Eldridge stjit op 'e dieders fan 'e oanslach, dy't him oermânsk wurde en finzen nimme. Nei in efterfolging te foet wurdt er rêden troch James en Sanborn, dy't de terroristen deasjitte, mar dêrby rekket ien fan James syn kûgels Eldridge yn 'e ûnderskonk.
De oare moarns treft James op 'e legerbasis de jonge Beckham, mei wa't neat oan 'e hân is. James negearret him. Letter dy deis wurdt Eldridge mei in helikopter ôffierd om oan syn skonk operearre te wurden. Syn skynbonke is troch de kûgel fan James ferbrizele, en mei genêzingstiid en refalidaasje mei er bliid wêze as er mei in healjier wer rinne kin. Eldridge is dêr begryplikerwize lulk oer en jout James de skuld fan it hiele fiasko fan 'e foargeande jûn (nettsjinsteande it feit dat de ferwûning nei alle gedachten syn rêding is, mei't er yn Irak geastlik stikken gie en it net lang mear duorje soe ear't er in fout makke dy't him it libben kostje soe).
Yn 'e lêste twa dagen fan 'e rotaasje fan Bravo Kompanjy wurde James en Sanborn nei in gefal fan in selsmoardoanslach roppen, wêrby't in ûnskuldige Iraakske boarger troch de wiere terroristen in mei stielen bannen en hingslotten fêstsetten bomfest omdien is. James docht alle war om it ding los te krijen, mar it is in tiidbom en it nimt gewoan te lang om alle hingslotten los te krijen. As de tiid ôfrint, hat er gjin oare kar as de man oan syn lot oer te litten. De bom giet ôf en de man komt om. Sanborn is bot oangrepen troch de dea fan 'e man. Neitiid bychtet er oan James op dat er net mear oer harren wurk kin en allinne noch mar nei hûs wol om in gesin te stiftsjen.
As oan 'e rotaasje fan Bravo Kompanjy in ein komt, keart James werom nei de Feriene Steaten, dêr't syn eks-frou Connie mei harren soan, in pjut, noch altyd mei him yn itselde hûs wennet. It docht al rillegau bliken dat de rûtine fan it boargerbestean James ferfeelt. Hy fertelt syn soan (dy't te jong is om him te begripen, sadat er frijút prate kin) dat der mar ien ding yn it libben is dêr't er fan hâldt. De lêste bylden fan 'e film litte sjen hoe't James wer yn Irak oankomt, diskear om te tsjinjen by de eksplosive-oprommingsienheid fan Delta Kompanjy. Sa begjint foar him in nije rotaasje fan 365 dagen.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
sersjant 1e klasse William James | Jeremy Renner |
sersjant J.T. Sanborn | Anthony Mackie |
soldaat Owen Eldridge | Brian Geraghty |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
sersjant Matthew Thompson | Guy Pearce |
luitenant-kolonel John Cambridge | Christian Camargo |
kolonel Reed | David Morse |
lieder fan hierlingen | Ralph Fiennes |
Connie James | Evangeline Lilly |
Beckham | Christopher Sayegh |
sersjant Foster | Malcolm Barrett |
hierling Charlie | Sam Spruell |
Produksje
bewurkje seksjePreproduksje
bewurkje seksjeThe Hurt Locker wie in ûnôfhinklike film dy't makke waard foar in (foar moderne Amerikaanske begripen) lyts budget fan $15 miljoen. Hy waard regissearre troch Kathryn Bigelow, dy't earder ek û.m. Point Break (1991) en K-19: The Widowmaker (2002) makke hie. It senario waard skreaun troch Mark Boal, dy't yn 2004 twa wiken lang as sjoernalist by Amerikaanske troepen yn Irak embedded west hie, en it ferhaal basearre op syn ûnderfinings út dy perioade. Bigelow hie earder mei Boal gearwurke doe't se yn 2002 ien fan syn koarte ferhalen yn 'e Playboy adaptearre ta de (ûnsúksesfolle) tillefyzjesearje The Inside. Bigelow sette al yn 2005 mei de preproduksje fan The Hurt Locker útein, doe't Boal noch dwaande wie mei syn senario.
Opnamen
bewurkje seksjeNicolas Cartier en Greg Shapiro wiene mei Bigelow en Boal as produsinten by de film belutsen, foar de studio's Voltage Pictures, Grosvenor Park Media, Film Catiptal Europe Funds, First Light Productions en Kingsgate Films. De kamerarezjy waard fierd troch Barry Ackroyd, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Marco Beltrami en Buck Sanders.
The Hurt Locker waard foar it meastepart opnommen op lokaasje yn it Midden-Easten, yn Koeweit en benammen yn Jordaanje, op in pear kilometer ôfstân fan 'e Iraakske grins. De produsinten hiene earst oars omsjoen nei gaadlike filmlokaasjes, û.m. yn Marokko, mar dat fûn Bigelow net autentyk genôch, mei't de stêden dêre alhiel net op Bagdad lieken. Eins hie se yn Irak sels filmje wollen, mar feilichheidsomtinkens lieten dat net ta. De opnamen begûnen yn Jordaanje yn july 2007, doe't de temperatueren der oprûnen oant 49 °C. Iraakske flechtlingen dy't fuort by de filmlokaasje yn kampen sieten, waarden ynset as figuranten. Guon fan harren, dy't in eftergrûn yn it teäter hiene, spilen byrollen yn 'e film, lykas Suhail al-Dabbatsj, de ûnskuldige man dy't oan 'e ein fan 'e film troch terroristen as selsmoardoanslachdogger ynset wurdt.
De crew en cast ferbleau yn Jordaanje ûnder primitive omstannichheden; net ien hie airconditioning op 'e keamer en eltsenien moast húskes en dûsen dielen. Haadrolspiler Jeremy Renner fûn ûngedierte yn syn iten en krige letter itensfergiftiging, mei as gefolch dat er yn trije dagen tiid krapoan 7 kg ôffoel. Yn it gleonhjitte waar moast er soms de hiele dei lang in bombeskermingspak fan 36 oant 45 kg drage. Yn 'e sêne dêr't er in deade Iraakske jonge ta in gebou út draacht, knoffele er by in trep del en ferstûke er syn ankel. Dat fertrage de opnamen om't er der dagenlang net op rinne koe. Pas nei in wike koe it filmjen fierder.
Distribúsje
bewurkje seksjeThe Hurt Locker waard foar it earst fertoand op 4 septimber 2008 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, dêr't er nei ôfrin fan it publyk in steande ovaasje krige dy't tsien minuten oanhold. Filmdistributeur Warner Bros. brocht de film op 10 oktober fan dat jier út yn 'e Italjaanske bioskopen. The Hurt Locker wie yn 2008 ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, it Filmfestival fan Zürich, it Festival fan de Nije Sinema (yn Montreal), it Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dûbai en it Filmfestival fan de Swarte Nachten (yn Tallinn). Yn 2009 waard er fierders noch fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Goateburch, it South by Southwest-filmfestival (yn Austin), it Filmfestival fan Marylân, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle en it Filmfestival fan Philadelphia.
Oarspronklik hie Bigelow muoite om in distributeur foar har film te finen foar de Amerikaanske merk, mar nei de fertoaning fan The Hurt Locker op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto sprong Summit Entertainment yn dat gat. De film waard troch de fertraging dy't Bigelow har syktocht opsmiten hie, yn 'e Feriene Steaten lykwols pas yn 2009 útbrocht, en iepene dêr op 26 juny yn in beheind tal bioskopen yn Los Angeles en New York, dat mei yngong fan 24 july útwreide waard. The Hurt Locker kaam op 12 jannewaris 2010 út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeThe Hurt Locker waard troch de filmkritisy hast unanym mei loovjende resinsjes ûntfongen. Yn The New York Times neamde A.O. Scott de film de bêste Amerikaanske film dy't oant safier oer de Irakoarloch makke wie. De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert, fan The Chicago Sun-Times beskôge The Hurt Locker as de bêste film dy't yn 2009 yn 'e Amerikaanske bioskopen draaide, en omskreau de film as "in geweldige film, in yntelliginte film, in film dy't dúdlik yn byld brocht is, sadat we persiis witte wa't eltsenien is en wêr't se binne en wat se dogge en wêrom." Hy hie fierders fral lof foar de spanningsbôge fan 'e film en foar it aktearjen fan haadrolspiler Jeremy Renner. Yn 2010 parte Ebert The Hurt Locker it twadde plak ta op syn list fan 'e bêste films fan 'e 2000-er jierren, nei Synecdoche, New York.
Yn it tydskrift Time wie Richard Corliss ek fol lof foar it optreden fan Renner, en teffens foar de "izich kalme" toan fan 'e film, dy't neffens him yn it aktearjen fan Renner wjergalme. Hy neamde The Hurt Locker "in hast perfekte film oer manlju yn oarloch, […]. Mei krêftige bylden en gewelddiedige aksje lit er sjen dat der sels yn 'e hel noch helden binne". Joe Morgenstern fan The Wall Street Journal omskreau The Hurt Locker as "in earsteklas aksjeskriller" en "in libbene ferfilming fan stedske oarlochfiering yn Irak". Yn Entertainment Weekly joech kritika Lisa Schwarzbaum de film in seldsume 10, wylst se him omskreau as "in yntinse aksjedreaune oarlochsfilm".
Minder fan 'e film sjarmearre wie Derek Elley fan it tydskrift Variety, dy't The Hurt Locker "oangripend" fûn, mar ek fêststelde dat de film himsels ferswakke troch "de dizenige (en bepaald net orizjinele) psychology." Hy skreau fierders dat it senario fan 'e film symptomen sjen liet fan "keunstmjittich rikken nei karakterferdjipping." Tara McKelvey fan The American Prospect wie fan miening dat The Hurt Locker poere propaganda foar it Amerikaanske Leger wie, dy't him sels ferskûle efter kwasy-anty-oarlochssentiminten. Hja skreau: "Je fiele empaty foar de soldaten as se sjitte," mar se wiisde ek op 'e ferskate oarlochsmisdieden dy't dêrby suver ûngemurken foarby glûpe. Se konkludearre: "Nettsjinsteande al it grafysk werjûne geweld, bloedige ûntploffings en, letterlik, de ôfslachting fan minsken, is The Hurt Locker noch altyd ien fan 'e effektyfste rekrutearringshelpmiddels foar it Amerikaanske Leger dy't ik ea sjoen haw."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Hurt Locker in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 283 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in goed aktearre, yntins filme oarlochsepos dat fol sit mei aksje. […] [It] is oant safier de bêste fan 'e resinte dramatisearrings fan 'e Irakoarloch.' Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Hurt Locker in goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 37 resinsjes.
Historisiteit
bewurkje seksjeOars as de filmkritisy hiene de measte feteranen út 'e Irakoarloch net folle goeds te sizzen oer The Hurt Locker, dy't neffens harren grôtfol siet mei steurende flaters. Foarbylden wiene it dragen fan 'e ferkearde unifoarmen, it gebrek oan radiokommunikaasje en de ferskate misdragings fan soldaten dy't ûnbestraft bliuwe. Boppedat wie de film neffens de feteranen basearre op in ferkeard útgongspunt. Auteur Brandon Friedman, dy't sawol yn Irak as yn Afganistan tsjinne hat, skreau yn VetVoice: "Yn it echt fiere ekplosive-oprommingsteams net op eigen manneboet gefaarlike trijemansmisjes út." Yn in artikel yn 'e Air Force Times dêr't ferskate echte eksplosive-oprommingsekspêrs oan it wurd kamen, waard it noch dúdliker sein. It personaazje spile troch Jeremy Renner wurdt dêr omskreaun as "in cowboy" en "persiis it soarte persoan dat we der net by hawwe moatte." Yn The Huffington Post konkludearre Irak-feteraan Kate Hoit: "[The Hurt Locker is] de Hollywoodferzje fan 'e Irakoarloch en fan 'e soldaten dy't dy oarloch útfjochtsje, en dy ferzje doocht net."
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeYn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht The Hurt Locker yn 'e bioskopen $17 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $32,2 miljoen. De totale opbringst wrâldwiid kaam dêrmei út op in beskieden $49,2 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $15 miljoen betsjutte dat in winst fan 34,2 miljoen minus marketingkosten. Foar in ûnôfhinklike film wie dat hielendal gjin gek resultaat. Mids augustus 2010 wiene fan 'e film yn 'e Feriene Steaten eksimplaren ter wearde fan $30 miljoen op dvd en blu-ray ferkocht.
Prizen
bewurkje seksjeMei't The Hurt Locker pas yn 2009 yn 'e Feriene Steaten útbrocht waard, koed er pas yn 2010 meitingje nei de wichtichste prizen. Hy waard dat jiers by de Golden Globes nominearre yn trije kategoryen, foar bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste senario, mar wûn neat. By de Oscars waard de film nominearre yn njoggen ûnderskate kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Jeremy Renner), bêste kamerarezjy (Barry Ackroyd) en bêste orizjinele filmmuzyk (Marco Beltrami en Buck Sanders). De film wûn mar leafst seis Oscars, foar bêste film, bêste regisseur (Kathryn Bigelow), bêste orizjinele senario (Mark Boal), bêste filmmontaazje (Chris Innis en Bob Murawski), bêste lûdsmontaazje (Paul N.J. Ottosson) en bêste lûdsmixing (Ottosson en Ray Beckett).
By de BAFTA Awards, de wichtichste Britske filmprizen, waard The Hurt Locker nominearre yn acht kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Renner) en bêste special effects. De film wûn de BAFTA's foar bêste film, bêste regisseur, bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje en bêste lûd. The Hurt Locker waard ek nominearre foar fiif Satellite Awards, wêrfan't er fjouwer wûn, foar bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste akteur (Renner) en bêste filmmontaazje. Fierders waard de film nominearre foar trije Britske Empire Awards, twa Saturn Awards en twa Screen Actors Guild Awards. Kathryn Bigelow wûn de Directors Guild of America Award yn 'e kategory 'treflike prestaasje fan in regisseur op it mêd fan film'.
De film wûn fierders de priis yn 'e kategory bêste ynternasjonale film by de Irish Film and Television Awards en waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje yn 2008 nominearre foar in Gouden Liuw. Regisseur Bigelow wûn prizen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas, it Filmfestival fan Hollywood, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle. Haadrolspiler Jeremy Renner wûn prizen op it Filmfestival fan Hollywood en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs, wylst senarioskriuwer Boal in priis wûn op it Filmfestival fan Nantucket.
Kontroverse
bewurkje seksjeBegjin maart 2010 waarden de produsinten fan The Hurt Locker oanklage troch sersjant Jeffrey Sarver, in eksplosive-oprommingsekspêr fan it Amerikaanske Leger, dy't bewearde dat hy de term "hurt locker" betocht hie en dy yn it bywêzen fan senarioskriuwer Mark Boal brûkt hie. Hy woe ek hawwe dat it personaazje fan William James, dat yn 'e film spile wurdt troch Jeremy Renner, op him persoanlik basearre wie. Hy fûn dat er rjocht hie op finansjele kompinsaasje ter wearde fan ferskate miljoenen dollars. Eins is hurt locker in term út it Amerikaansk-Ingelske militêr jargon dy't al sûnt de Fjetnamoarloch yn gebrûk is. Ek de oare bewearings fan Sarver waarden troch de rjochter ôfwiisd, dy't him boppedat feroardiele ta it beteljen fan 'e mear as $180.000 oan proseskosten dy't de filmprodusinten meitsje moatten hiene om harren tsjin syn oanklacht te ferdigenjen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |