Filmfestival fan Nantucket

It Filmfestival fan Nantucket (Ingelsk: Nantucket Film Festival), ek wol ôfkoarte ta NFF, is in filmfestival dat elts jier oan 'e ein fan juny holden wurdt op it Amerikaanske eilân Nantucket, foar de kust fan 'e steat Massachusetts.

Filmfestival fan Nantucket
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Massachusetts
county Nantucket County
plak Nantucket
tiid fan it jier ein juny
bysûnderheden
ôfkoarting NFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1996 – no
org. troch Nantucket Film Foundation
offisjele webside
nantucketfilmfestival.org

It evenemint waard yn 1996 oprjochte troch broer en suster Jonathan en Jill Burkhart, dy't op it eilân opgroeid wiene. De organisaasje fan it Filmfestival fan Nantucket is tsjintwurdich yn 'e hannen fan 'e Nantucket Film Foundation. Yn it bestjoer fan dy stifting sitte û.o. Donick Cary, Nancy Dubac, Christ Matthews, Kathleen Matthews, Tom Scott en Ben Stiller.

Oars as de measte oare filmfestivals leit it Filmfestival fan Nantucket him benammen ta op it skinken fan omtinken oan senario's en senarioskriuwers. Sa wurde op it evenemint de NFF Official Awards útrikt yn 'e kategoryen bêste senario foar in spylfilm, bêste senario foar in koarte film en bêste senario foar in tillefyzjefilm of pilotôflevering.

De Screenwriters Colony ("Senarioskriuwerskoloanje") is in fergees, gehiel fersoarge ferbliuw fan in moanne op Nantucket dêr't guon senarioskriuwers foar útnûge wurde om oan harren projekten te wurkjen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.