David Beckham
David Beckham (folút: David Robert Joseph Beckham; Londen, 2 maaie 1975) is in Ingelsk fuotballer, ûndernimmer, model en blogger. Hy wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e grutste fuotballers út 'e Ingelske skiednis en as de bêste fuotballer fan syn generaasje. Under syn aktive sportkarriêre, fan 1992 oant 2013, wûn er njoggentjin kampioenskippen. Behalven fanwegen syn eigen kwaliteiten as fuotballer hat Beckham ek bekendheid krigen troch syn houlik mei sjongster Victoria Adams.
David Beckham | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | David Robert Joseph Beckham | |
nasjonaliteit | Britsk | |
bertedatum | 2 maaie 1975 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk Joadsk | |
lingte | 1.83 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | fuotbal | |
debút | 1992 | |
karriêre-ein | 2013 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBeckham waard yn 1975 berne yn 'e Londenske wyk Leytonstone, as de soan fan David Edward Alan "Ted" Beckham (1948), in kokenynbouwer, en dy syn frou Sandra Georgina West (1949), in hierknipster. Hy hat in âldere suster, Lynne Georgina, en in jongerenien, Joanne Louise. Beckham syn pake oan memmekant wie in Joad, en sadwaande beskôget er himsels as foar in part Joadsk, hoewol't Joaden eins de ôfstamming troch froulike line rekkenje. Hy waard net religieus grutbrocht, mar nei eigen sizzen hied er as bern mear kontakt mei it joadendom as mei lykfol hokker oare godstsjinst.
De âlden fan David Beckham wiene, alteast ûnder syn jonkheid, fanatike fans fan 'e fuotbalklub Manchester United, en reizgen geregeld út Londen wei op en del nei Manchester om 'e thúswedstriden fan harren ploech te besykjen. Sadwaande waard Beckham al fan bern ôf oan de leafde foar fuotbal bybrocht, en doe't er lyts wie, wied der dan ek neat oars dat er sa graach wurde woe as fuotballer. As jonkje spile er yn 'e Londenske wyk Chingford foar de Ridgeway Rovers. Yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren died er audysje foar profklubs as Leyton Orient, Norwich City en Tottenham Hotspur. Fan 1989 oant 1990 spile er yn it jongerientiim fan 'e Brimsdown Rovers, mar op 8 july 1991 tekene er in kontrakt yn it ramt fan in treningsprogramma foar jong talint by Manchester United.
Karriêre
bewurkje seksjeOp 14 april 1992 makke Beckham mei santjin jier syn debút as profesjoneel fuotballer yn it tiim fan Manchester United. Mei dy klub wûn er seis kear it kampioenskip fan 'e Ingelske Premier League, twa kear de FA Cup en dêropta yn 1999 de Champions League fan 'e UEFA. Yn it seizoen 1994-1995 waard er troch Manchester United útliend oan Preston North End. Yn totaal kaam Beckham 265 kear út foar Manchester United, en skoarde er dêrby 62 goals. Yn 2003 stapte er nei alve jier oer nei de Spaanske topklub Real Madrid, út Madrid, dêr't er fjouwer jier bleau, 116 wedstriden spile en 13 goals makke. Yn syn lêste seizoen dêre holp er Real om it kampioenskip fan La Liga te winnen.
Yn july 2007, doe't de ein fan syn hâldberheid as prof-fuotballer al yn sicht wie, tekene Beckham noch in kontrakt foar fiif jier mei de Amerikaanske klub LA Galaxy, út Los Angeles, dêr't er oant en mei 2012 98 wedstriden foar spile en 18 goals foar makke. Yn 2009 en jitris yn 2010 waard er útliend oan 'e Italjaanske topklub A.C. Milan, út Milaan, dêr't er tuskentroch noch 29 kear foar spile en twa doelpunten foar makke, wylst er yn 2013 útliend waard oan 'e Frânske klub Paris Saint-Germain, út Parys, dêr't er 10 kear foar spile mar net foar skoarde. Yn totaal spile Beckham ûnder syn klubkarriêre yn 523 wedstriden en wied er ferantwurdlik foar it meitsjen fan 97 doelpunten.
Op it mêd fan ynternasjonaal fuotbal makke Beckham op 1 septimber 1996, doe't er 21 jier wie, syn debút foar it nasjonale alvetal fan Ingelân, nei't er earder al trije kear foar útkommen wie yn it nasjonale tiim foar de leeftydskategory ûnder de 18 jier en njoggen kear foar it nasjonale tiim foar de leeftydskategory ûnder de 21 jier. As folwoeksene kaam er yn totaal (fan septimber 1996 ôf) 115 kear foar syn heitelân út, en makke dêrby 17 doelpunten. Hy wie seis jier lang de oanfierder fan it Ingelske nasjonale alvetal, en naam diel oan trije wrâldbekertoernoaien fan 'e FIFA (yn 1998, 2002 en 2004) en twa Jeropeeske kampioenskippen fan 'e UEFA (yn 2000 en 2004).
Yn maaie 2013 kundige Beckham oan dat er in ein breidzje soe oan syn karriêre as prof-fuotballer. Tsjin dy tiid hied er njoggentjin kampioenskippen wûn en wied er de bêstbetelle spiler fan 'e wrâld, mei't er yn 'e foargeande tolve moannen $50 miljoen fertsjinne hie. David Beckham wie de earste Britske fuotballer dy't 100 wedstriden yn 'e Champions League fan 'e UEFA spile. Hy wie ek de earste spiler dy't titels wûn foar klubs út fjouwer lannen: Ingelân, Spanje, de Feriene Steaten en Frankryk.
As fuotballer stie Beckham bekend om syn goede techniken, lykas syn fermogen om frije skoppen nei binnen ta te 'bûgen'. Dêr waard sels in spylfilm nei ferneamd (oer in famke dat prof-fuotbalster wurde wol): Bend It Like Beckham. Hy krige twa kear it twadde plak by de útferkiezing fan 'e FIFA-Wrâldspiler fan it Jier, en yn 2004 waard er yn 'e FIFA 100-ranglist útornearre as ien fan wrâlds grutste libbene fuotbalspilers. Nei't er in ein makke hie oan syn aktive fuotbalkarriêre, kocht Beckham yn 2014 foar $25 miljoen it rjocht om in eigen fuotbaltiim te begjinnen yn Miami, dat yn 2017 fan start gean soe, ôfhinklik fan 'e fraach oft der in stadion boud wurde koe. Fierders lei er him ek mear ta op syn goeddiedichheidswurk, û.m. as ambassadeur foar UNICEF UK, in funksje dy't er sûnt 2005 beklaait.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn 1997 krige Beckham in relaasje mei Victoria Adams, byneamd Posh Spice, in sjongster fan 'e populêre fammegroep de Spice Girls. It pearke krige fan fans de bynamme 'Posh and Becks', en hie te krijen mei in ûnbidige mediabelangstelling. Op 24 jannewaris 1998 frege Beckham Adams om mei him te trouwen yn in restaurant yn Cheshunt. It houlik waard op 4 july 1999 sletten yn it Kastiel fan Luttrellstown, yn Ierlân.
Beckham en de frou krigen neitiid fjouwer bern: soannen Brooklyn Joseph (4 maart 1999), Romeo James (1 septimber 2002) en Cruz David (20 febrewaris 2005) en dochter Harper Seven (10 july 2011). De peetâlden fan 'e beide âldste jonges binne sjonger Elton John en aktrise Elizabeth Hurley. It gesin wenne fan 1999 ôf (ynsafier't se yn Ingelân wiene) yn in reuseftige filla yn Hertfordshire, dy't troch de media Beckingham Palace doopt waard (in wurdboarterij op Beckham en Buckingham Palace). Dat ferlaat waard lykwols yn maart 2014 fan 'e hân dien, nei't de Beckhams foar £45 miljoen in klinte yn 'e Londenske wyk Holland Park oanskaft hiene, dy't se foar nochris £3 miljoen renovearje lieten ear't se der ynloeken.
Beckham lijt oan in twangneuroaze, mei as gefolch dat er, nei eigen sizzen, alles rjocht op ien line en alles yn pearen hawwe moat. Syn frou Victoria ljochte dat ta troch yn in fraachpetear út 'e doeken te dwaan: "Ast by ús de kuolkast iependochst, is de ynhâld oan beide kanten alhiel koördinearre. We hawwe trije kuolkasten: ien foar iten, ien foar grienten en ien foar drinken. Yn dy foar drinken is alles symmetrysk. As der trije blikjes binne, smyt er ien fuort om't it beslist in even oantal wêze moatte." Dit ûnderwerp kaam ek oan bod yn Beckham syn ferskate autobiografyen: Beckham: My World (2001), David Beckham: My Side (2002) en Both Feet on the Ground (2003).
Yn april 2004 ferskynde der yn it Britske rabbersblêd News of the World in ferhaal fan Beckham syn eardere assistinte Rebecca Loos dat sy en Beckham tiden lang in oerhuorrige relaasje ûnderholden hawwe soene. In wike letter kaam ek it Australyske model Sarah Marbeck nei foarren ta mei it ferhaal dat se twaris seksuële omgong mei David Beckham hân hie. Beckham sels neamde alle beskuldigings "bespotlik". Yn septimber 2010 klage er yn 'e Feriene Steaten de prostituee Irma Nici en ferskate oaren oan dy't yn it tydskrift In Touch beweard hiene dat se seks mei him hân hiene. Hoewol't In Touch letter tajoech dat dêr neat fan oan wie, waarden Beckham syn oanklachten troch de rjochter ôfwiisd om't de uterings fan Nici-en-dy ûnder de Amerikaanske wetjouwing op 'e frijheid fan mieningsutering falle soene.
Bibliografy
bewurkje seksje- 2001 – Beckham: My World
- 2002 – David Beckham: My Side
- 2003 – Both Feet on the Ground
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|