Michelle Obama
Michelle Obama, berne as Michelle LaVaughn Robinson (Chicago, 17 jannewaris 1964), is in Amerikaansk juriste en skriuwster. Hja is troud mei de eardere (44ste) Amerikaanske presidint, Barack Obama, en wie de first lady fan 'e Feriene Steaten. As presidintsfrou hat hja har benammentlik talein op earmoedebestriding en op it oanfiterjen fan 'e Amerikaanske befolking om sûner te iten. Teffens is se in moade-ikoan wurden foar miljoenen froulju. Se is de earste first lady fan Afro-Amerikaansk komôf.
Michelle Obama | ||
politikus | ||
echte namme | Michelle LaVaughn Robinson Obama | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 17 jannewaris 1964 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk See-eilânsk-Kreoalsk | |
partij | Demokratyske Partij | |
First Lady fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 2009 – 2017 | |
foargonger | Laura Bush | |
opfolger | Melania Trump |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid, komôf en oplieding
bewurkje seksjeMichelle Obama waard yn 1964 as Michelle Robinson berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, as de dochter fan Fraser Robinson III, in wurknimmer by it gemeentlik wettersuveringsbedriuw, en Marian Shields, in húsfrou dy't earder siktaresse west hie. Sawol de Robinsons as de Shieldsen komme oarspronklik út it Amerikaanske Suden, dêr't beide famyljes oant de ôfskaffing fan 'e slavernij yn 1865 plantaazjeslaven wiene. De Shieldsen komme datoangeande út Alabama; oan har heitekant stammet Michelle Obama ôf fan 'e See-eilânkreoalen of Gullah, fan 'e See-eilannen foar de kust fan Súd-Karolina. Robinson har betoerpake, Jim Robinson, wie dêr in slaaf op 'e plantaazje Friendfield. Har oer-oer-oerbeppe oan memmekant, Melvinia Shields, wie in slavinne yn Alabama dy't swier waard fan in blanke man. Wa't dat wie en oft it in ferkrêfting wie of net, is ûnbekend, mar Obama har betoerpake Dolphus T. Shields wie it resultaat fan dy relaasje. It is bekend dat Obama ek oare blanke foarâlden hat, wêrûnder teminsten ien fan Iersk komôf.
Obama groeide op yn 'e wyk South Shore fan Chicago, dêr't har âldelju de boppeferdjipping fan in hûs hierden fan in âldmuoike fan har (dy't sels op 'e grûnferdjipping wenne). Se hat in likernôch twa jier âldere broer, Craig Robinson, dy't tsjintwurdich de manljusbasketbalcoach is oan 'e Steatsuniversiteit fan Oregon, te Corvallis. As bern waarden sy en har broer metodistysk grutbrocht. Michelle Obama gie nei de Whitney Young High School, dêr't se yn 'e klasse siet by Santita, de dochter fan 'e bekende boargerrjochte-aktivist dû. Jesse Jackson. Nei't se yn 1981 har eksamen foar de middelbere skoalle helle hie, learde se fierder oan 'e Universiteit fan Princeton, te Princeton yn Nij-Jersey, dêr't se yn 1985 cum laude ôfstudearre yn sosjology mei as byfak Afro-Amerikaanske stúdzjes. Neitiid learde Obama foar abbekaat oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, te Cambridge yn Massachusetts, en beëinige har stúdzje yn 1988 as master yn 'e rjochten. Se kearde doe werom nei Chicago, dêr't se wurk fûn by it abbekatekantoar Sidley Austin.
Trouwen en húshâlding
bewurkje seksjeBy Sidley Austin kaam Michelle obama yn 'e kunde mei har lettere man Barack Obama, ien fan 'e mar in pear oare Afro-Amerikanen dy't dêr wurken. Har waard frege om 'e mentor fan 'e jonge Obama te wurden, dy't by it kantoar in simmerstaazjeplak hie. Hy makke daliks yndruk op har, en se krigen in relaasje dy't yn oktober 1992 ta harren houlik late. Se krigen twa bern, allebeide dochters: Malia Ann (1998) en Natasha (2001), dy't Sasha neamd wurdt. Doe't Barack Obama presidint waard, ferhuze Michelle har mem, de widdo Marian Shields Robinson, mei nei it Wite Hûs om te helpen by it grutbringen fan 'e bern.
Karriêre
bewurkje seksjeFan 1988 oant 1991 wurke Michelle Obama as abbekate by Sidley Austin, dêr't se spesjalisearre wie op it mêd fan marketing- en auteursjochtwetjouwing. Fan 1991 oant 1993 wurke se foar de Gemeente Chicago as assistinte fan 'e boargemaster en assistint-kommissaris foar Romtlike Oardering en Stedsûntwikkeling. Tusken 1993 en 1996 wie se direktrise fan it buro yn Chicago fan Public Allies, in non-profitorganisaasje dy't de jongerein oantrunet om har yn sawol privaat as amtlik ferbân yn te setten foar maatskiplike saken. Yn dy hoedanichheid lei Obama har û.m. ta op it ynsammeljen fan jild om 'e organisaasje draaiende te hâlden. Yn 1996 waard se oansteld as de adjunkt-dekaan foar studintetsjinsten oan 'e Universiteit fan Chicago, in funksje dy't se ferfolle oant 2002, doe't se adjunkt-ôfdielingshaad foar mienskipssaken waard by it oan 'e universiteit ferbûne akademysk sikehûs, de University of Chicago Hospitals. Dêr makke se yn 2005 promoasje ta ûnderdirekteur foar mienskips- en eksterne saken. Dy funksje hold se oant har man yn 2008 presidint waard.
First lady
bewurkje seksjeSûnt Barack Obama yn 1997 de polityk yngie, stipe Michelle Obama him dêrby, al hie se net in protte nocht oan kampanjefieren. Obama siet fan 1997 oant 2004 yn 'e steatssenaat fan Illinois en fertsjintwurdige dêrnei Illinois fan 2005 oant 2008 yn 'e Amerikaanske Senaat. Yn 2008 waard er keazen as de earste swarte presidint fan 'e Feriene Steaten, en sadwaande waard Michelle Obama doe first lady. Yn dy hoedanichheid begûn se har daliks yn te sette foar earmoedebestriding. Fuort nei't har man begjin 2009 syn presidintskip opnommen hie, besocht hja gearkokens en opfangsintra foar dakleazen.
Njonken har stipe foar frouljusrjochten en homorjochten sette Michelle Obama har fierders sûnt 2010 almar mear yn foar de nasjonale sûnens fan 'e Feriene Steaten, in lân dat kampt mei in withoegrut swierlivigensprobleem. Se sette útein mei in kampanje om 'e Amerikanen ôfslankje te litten, dy't se Let's Move! ("Oerein!") doopte. Teffens plante se (foar in diel eigenhandich) op it terrein fan it Wite Hûs in organyske kokentún, om sûner iten te promoatsjen. Dat is de earste kokentún by it Wite Hûs sûnt it regear fan Franklin D. Roosevelt, yn 'e fjirtiger jierren. Yn 2012 skreau se in boek oer har kokentún en oare kokentunen yn hiel Amearika: American Grown: The Story of the White House Kitchen Garden and Gardens Across America.
Foar miljoenen Amerikaanske froulju is Michelle Obama in ikoan wurden, dêr't se heech by opsjogge as it giet om saken as moade, hierstyl en oanbesibbe dingen. Yn dy sin is hja wol ferlike mei Jackie Kennedy, dy't krektlyk sa'n grutte ynfloed op dat mêd hie. Dêrfandinne is se omearme troch de media, en stie se bygelyks yn maart 2009 op 'e omslach fan it glamourblêd Vogue. Yn 2013 wie se de earste first lady ea dy't ien fan 'e winners bekend makke by de útrikking fan 'e Oscars. Yn 2018 publisearre se in autobiografy, mei as titel Becoming (yn Nederlân útbrocht as Mijn Verhaal).
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Artikel út 'e Washington Post oer Michelle Obama en de ferkiezingskampanje
- (in) Profyl fan Michelle Obama op Newyorker.com
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|