See-eilannen
De See-eilannen (Ingelsk: Sea Islands) binne in keatling fan eilannen dy't him oer in ôfstân fan hast 400 km útstrekt by de Atlantyske kust lâns fan 'e Amerikaanske steaten Súd-Karolina, Georgia en Floarida, tusken de mûning fan 'e rivier de St. Johns yn 'e noardeasthoeke fan Floarida en de mûning fan 'e rivier de Santee yn súdeastlik Súd-Karolina. It binne barriêre-eilannen, dy't it fêstelân fan Noard-Amearika dêr beskermje tsjin 'e ûnlijigens fan 'e Atlantyske Oseaan. Der binne mear as hûndert eilannen yn 'e arsjipel.
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik waarden de See-eilannen befolke troch Yndianen, dy't der tûzenen jierren lang taholden. Tsjin it begjin fan 'e koloniale tiid waard de súdlike helte fan 'e eilannegroep (rûchwei de eilannen dy't no diel útmeitsje fan Floarida en Georgia) bewenne troch de Jamassy (Yamassee), en de noardlike helte (likernôch gearfallend mei de eilannen dy't no by Súd-Karolina hearre) troch de Kûsabo (Cusabo). Ein santjinde, begjin achttjinde iuw besochten de Spanjerts fanút harren koloanje Spaansk-Floarida de eilannen te kolonisearjen troch fan it eilân Fort George (yn Floarida) oant St. Catherine's (yn Georgia) roomske missyposten te stiftsjen. Dêrmei oefenen se in grutte kulturele ynfloed út op 'e Jamassy-steatsjes Gûale en Mokama, dy't ek dielen fan it fêstelân besloegen.
Oan it begjin fan 'e achttjinde iuw moasten de Spanjerts harren besykjen ta kolonisaasje opjaan ûnder druk fan militêre oanfallen troch kolonisten fan 'e Britske koloanje Súd-Karolina. De eilannen dy't no by de Amerikaanske steat Súd-Karolina hearre, ferkearden doe al stevich yn 'e hannen fan 'e Britten, en neitiid wreiden dy harren macht út oer de eilannen yn Georgia, dat yn 1732 in nije Britske koloanje waard. Yn 1763 moast Spanje nei syn nederlaach yn 'e Sânjierrige Oarloch ek Floarida oan 'e Britten ôfstean, mar yn 1783 waard de ûnôfhinklikheid fan 'e Feriene Steaten fêstlein by de Frede fan Parys, dy't in ein makke oan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Súd-Karolina en Georgia kamen doe ta dat nije lân te hearren, wylst Floarida wer ûnder Spaansk bestjoer kaam, oant de Feriene Steaten dat gebiet yn 1821 by it Adams-Onis Ferdrach fan Spanje opkochten.
Nei't Georgia en noardlik Floarida yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw kolonisearre wiene, ymportearren blanke plantaazje-eigners slaven út Afrika wei om it lânwurk te dwaan. Op 'e plantaazjes op 'e See-eilannen waard benammen katoen, rys en indigo ferboud, dat de blanke eigners tige ryk makke. Fanwegen it risiko op it oprinnen fan malaria, dat yn it sompige leechlân fan 'e kust alhiel net tinkbyldich wie, libben de plantaazje-eigners oer it algemien op it fêstelân, en wurken de slaven ûnder lieding fan in opsjenner en dy syn assistinten. Trochdat de slaven mar amper kontakt hiene mei blanken of mei harren lotgenoaten op it fêstelân, ûntjoech him mank harren in dúdlik ôfwikende, See-eilânkreoalske kultuer mei eigen syd en plige en in eigen taal.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) waarden de See-eilannen al ier beset troch de Noardlike marine, wêrnei't der Noardlike troepen legere waarden. De blanken flechten nei it fêstelân ta, en lieten yn 'e measte gefallen harren slaven efter. Sadwaande begûnen dy ûnder de Boargeroarloch foar it earst foar harsels te soargjen, wêrby't it goed útkaam dat se al yn gearhingjende mienskippen libben. De plantaazjes waarden ûnder de Boargeroarloch eksploitearre troch it Amerikaanske Leger. Doe't presidint Abraham Lincoln op 1 jannewaris 1863 de slavernij yn 'e hiele Feriene Steaten foar ôfskaft ferklearre, wûnen de likernôch 5.000 slaven op 'e troch it Noarden besette See-eilannen harren frijheid.
Hoewol't de befrijde slaven hope hiene dat de plantaazjes ûnder harren ferdield wurde soene, waarden dy nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch oer it algemien weromjûn oan 'e oarspronklike eigners. Nettsjinsteande dat wiene de mienskipsbannen sa sterk dat de measte befrijde swarten dochs op 'e eilannen wenjen bleaune en harsels dêr ûnderholden as gerniers, pachtboeren of (betelle) fjildarbeiders op 'e plantaazjes. Yn 1893 waard der op 'e eilannen slimme skea oanrjochte troch de See-eilânske Orkaan. Yn 'e 1950-er en 1960-er wie de Amerikaanske boargerrjochtebeweging, dy't stried foar lykberjochtiging fan 'e swarten yn it Amerikaanske Suden, ek op 'e See-eilannen tige aktyf. In promininte pleatslike boargerrjochtelieder út dy snuorje wie Esau Jenkins.
Eilannen
bewurkje seksjeHjirûnder in list fan 'e gruttere See-eilannen.
Yn Súd-Karolina
bewurkje seksje
Yn Georgia
bewurkje seksje
Yn Floarida
bewurkje seksje
Demografy
bewurkje seksjeDer wenje op 'e See-eilannen sa'n 300.000 minsken, dat foar it meastepart See-eilânkreoalen (of Gullah) binne, in subgroep fan 'e Afro-Amerikanen. Dy hawwe har eigen kreoalske taal, it See-eilânkreoalsk, beholden. Dy taal is in ferminging fan it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk mei eleminten út Westafrikaanske talen, dy't de memmetalen wiene fan 'e oarspronklike slaven dêr't de See-eilânkreoalen fan ôfstamje. De See-eilânkreoalen binne tsjintwurdich polityk en kultureel feriene yn 'e Gullah/Geechee Nation.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|