De FIFA, folút de Fédération Internationale de Football Association (Ynternasjonale fuotbalfederaasje), in in ynternasjonale organisaasje foar it fuotbal. De FIFA organisearret en beheart grutte ynternasjonale fuotbaltoernoaien, wêrûnder it Wrâldkampioenskip fuotbal (manlju en froulju) en it Wrâldkampioenskip fuotbal foar klups.

Fédération Internationale de Football Association
Ynternasjonale fuotbalfederaasje
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FIFA
sport Fuotbal
regio Wrâldwiid
haadkantoor   Switserlân Zürich
foarsitter flagge fan Switserlân   Gianni Infantino
sekretaris-generaal flagge fan Senegal Fatma Samoura
oprjochte 1904
tal leden 211 nasjonale fuotbalbûnen
6 konfederaasjes
olympysk komitee IOC
de konfederaasjes fan de FIFA
de konfederaasjes fan de FIFA
offisjele webside
fifa.com
Temaside  Sport

Foarsitters bewurkje seksje

Namme Nasjonaliteit Amtsperioade Opm.
Robert Guérin   Frânsk 1904-1906
Daniel Burley Woolfall   Ingelsk 1906-1918 Yn 1918 hommels ferstoarn
Carl Hirschman   Nederlânsk 1918-1921 Ynterim foarsitter
Jules Rimet   Frânsk 1921-1954
Rodolphe William Seeldrayers   Belgysk 1954-1955 Yn 1955 hommels ferstoarn
Arthur Drewry   Ingelsk 1955-1961 Yn 1961 hommels ferstoarn
Ernst Thommen   Switsersk 1961 Ynterim foarsitter
Sir Stanley Rous   Ingelsk 1961-1974
João Havelange   Brazyljaansk 1974-1998
Sepp Blatter   Switsersk 1998-2015 Yn desimber 2015 foar acht jier út 't amt set fanwegen korrupsje.
Issa Hayatou   Kameroensk 2015-2016 Ynterim foarsitter
Gianni Infantino   Switsersk 2016-hjoed de dei

Vice-foarsitters bewurkje seksje

De foarsitters fan de 6 konfideraasjes binne ek de vice-foarsitters fan de FIFA. Alinne de UEFA leverert trije vice-foarsitters.

AFC
Aazje
UEFA
Jeropa
CAF
Afrika
CONCACAF
Noard-Amearika
CONMEBOL
Súd-Amearika
OFC
Oseaanje
Salman Bin Ibrahim Al-Khalifa
 
Senior
Aleksander Čeferin
 
Sándor Csányi
 
David Martin
 
Patrice Motsepe
 
Victor Montagliani
 
Alejandro Domínguez
 
Lambert Maltock
 

Sekretaris-generaal bewurkje seksje

Namme Nasjonaliteit Amtsperioade Opm.
Louis Muhlinghaus   Belgysk 1904-1906
Carl Hirschman   Nederlânsk 1906-1931
Dr. Ivo Schricker   Dútsk 1932-1951
Kurt Gassmann   Switsersk 1951-1960
Dr. Helmut Käser   Switsersk 1961-1981
Sepp Blatter   Switsersk 1981-1998
Michel Zen-Ruffinen   Switsersk 1998-2002
Urs Linsi   Switsersk 2002-2007
Jérôme Valcke   Frânsk 2007-2015 út 't amt set fanwegen korrupsje.
Markus Kattner   Dútsk 2015-2016 Ynterim sekretaris
Fatma Samoura   Senegaleesk 2016–hjoed de dei

Leden bewurkje seksje

Utsein Monako, Fatikaanstêd, Mikroneezje, Kiribaty, de Marshalleilannen, Naurû, Palau en Tuvalu, dy't wol elk in nasjonale ploech hawwe, binne alle ûnôfhinklike lannen lid fan de FIFA. Dêrneist is in oantal ôfhinklike gebieten ek lid fan de organisaasje. De fjouwer lânrekken fan it Feriene Keninkryk hawwe elk in apart bûn en fungearje as in selsstannich optredend lân (Wales, Noard-Ierlân, Ingelân en Skotlân). Dat is ûnder de oansluting fan dizze fuotbalbûnen as betingst steld. Yn 2016 waarden Kosovo en Gibraltar talitten as respektyflik 210e en 211e lid fan de FIFA.

Konfederaasjes bewurkje seksje

De FIFA hat seis kontinintale bûnen as lid:

  • Aazje, Asian Football Confederation, (AFC)
  • Afrika, Confédération Africaine de Football, (CAF)
  • Súd-Amearika, Confederación Sudamericana de Fútbol, (CONMEBOL)
  • Noard-Amearika, Confederation of North and Central American and Caribbean Association Football, (CONCACAF)
  • Oseaanje, Oceania Football Confederation, (OFC)
  • Jeropa, Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes, (UEFA)

Korrupsje bewurkje seksje

Nei jierrenlange geroften fan korrupsje en fraude binnen de organisaasje waarden op 27 maaie 2015 meardere FIFA-bestjoerders oppakt op fertinking fan omkeaping, ôfparsing en it wytwaskjen fan jild. Ek waard der troch de Switserske plysje in ynfal op it haadkantoar fan de organisaasje dien en waarden der dokuminten meinaam. Yn 2015 trede fjouwer dagen nei syn werferkiezing Sepp Blatter as FIFA-foarsitter. As reden joech er dat it foar him net fielde dat er fan de hiele fuotbalwrâld de stipe hie om fierder te gean. Op 21 desimber fan dat jier skorste de tuchtkeamer fan de etyske kommisje fan de FIFA Sepp Blatter en Michel Platini foar acht jier fanwegen oertrêding fan de etyske koade. Blatter krigge boppedat noch in jildboete fan 50.000 Switserske frank en Platini moast 80.000 Switserske frank betelje. Beiden waarden útsletten fan alle fuotbal relatearre aktiviteiten op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.