Switserske frank
De Switserske frank is de munt fan Switserlân en Lychtenstein. De offisjele namme fan Switserlân ("Switsersk eedgenoatskip") wurdt op de munten skreaun yn it Latyn (Confoederatio Helvetica), sadat net ien fan de fjouwer lânstalen tekoart dien wurdt.
De ynternasjonale koade foar de Switserske frank is CHF (ISO 4217). De munt wurdt ek brûkt yn de Italjaanske eksklave Campione d'Italia.
Munten en bankbiljetten
bewurkje seksjeIen Switserske frank is ferdield yn hûndert rappen. Der binne munten fan 5, 10 en 20 rappen. De munt mei in wearde fan 50 rappen wurdt in heale frank neamd. Fierders binne der noch munten fan 1, 2 en 5 frank. Bankbiljetten binne der fan 10, 20, 50, 100, 200 en 1000 frank.
Keppeling om utens
bewurkje seksje Commons: Swiss franc – foto, fideo en harktriemmen
- xe.com Switserske frank omrekkenje
- Yahoo Finance Switserske frank omrekkenje
- Webstee fan de SNB (dú) (fr) (in) (it)
- Switserske frank (Bankbiljetten) (dú) (in) (fr)