Festival fan de Nije Sinema

It Festival fan de Nije Sinema (Frânsk: Festival du Nouveau Cinéma) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Kanadeeske stêd Montreal. It evenemint bestiet sûnt 1971 en duorret altyd tolve dagen. It Festival fan 'e Nije Sinema is it âldste filmfestival fan Kanada. De oarspronklike namme wie Festival International du Cinéma en 16mm de Montréal. It festival feroare dêrnei fiif kear fan namme, en krige de hjoeddeistige namme yn 2004. Op it Festival fan 'e Nije Sinema wurde ûnôfhinklike films út 'e hiele wrâld fertoand oan in publyk dat elts jier út mear as 160.000 persoanen bestiet.

Festival fan de Nije Sinema
Festival du Nouveau Cinéma
plak en tiid
lân Kanada
provinsje Kebek
regio Montreal
plak Montreal
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
ôfkoarting FNC
soarte evenemint filmfestival
sjenre ûnôfhinklike films
bestean 1971 – no
offisjele webside
www.nouveaucinema.ca

Seksjes bewurkje seksje

De films dy't fertoand wurde op it Festival fan 'e Nije Sinema wurde opdield yn 'e folgjende seksjes:

  • Compétition internationale: in ynternasjonale kompetysje fan ûnôfhinklike films
  • Compétition nationale: in nasjonale, Kanadeeske kompetysje fan ûnôfhinklike films
  • Temps Ø: in seleksje films fan drystmoedige rebelske filmmakkers
  • Incontournables: in seleksje fan nije films fan 'e grutste nammen yn 'e filmyndustry
  • Les Nouveaux alchimistes: in seleksje eksperimintele films dy't de regels brekke en op 'e siik geane nei it ûnbeheinde potinsjeel dat de filmkeunst biedt
  • Panorama international: in seleksje ynternasjonale spylfilms
  • Histoire(s) du cinéma: in seleksje fan retrospektiven op films dy't fan grutte ynfloed op 'e filmskiednis west hawwe
  • Présentations spéciales: in eklektyske seleksje fan ûngewoane films
  • P'tits loups: in seleksje nije bernefilms
  • Les Rencontres pancanadiennes du cinéma étudiant of RPCE: in nasjonale Kanadeeske kompetysje fan koarte films makke troch studinten oan 'e filmakademy

Fierders is der ek FNC Explore, in programma op it mêd fan ynteraktive produkten en firtuele reäliteit dat foar eltsenien tagonklik is, en it FNC Forum, in moetingsplak foar lju dy't har wurk hawwe yn 'e filmyndustry.

Prizen bewurkje seksje

De folgjende prizen wurde útrikt op it Festival fan 'e Nije Sinema:

  • Louve d'Or
  • Daniel Langlois Innovation Award
  • Prix d'Interprétation
  • Fipresci Prize
  • Loup Argenté
  • Grand Prix Focus Short Film
  • Temps Ø People's Choice Award
  • Nouveaux alchimistes Prize
  • Experimentation Award
  • Dada Award
  • P'tits Loups Award

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.