Filmfestival fan Goateboarch

It Filmfestival fan Goateboarch (Sweedsk: Göteborg Film Festival), ôfkoarte ta GFF, is in filmfestival yn 'e Sweedske stêd Goateboarch, dat elts jier oan 'e ein fan jannewaris en/of it begjin fan febrewaris holden wurdt. Foarhinne hiet it it Ynternasjonaal Filmfestival fan Goateboarch. It evenemint jout omtinken oan sawol lange as koarte films, en sawol ferheljende films as dokumintêres.

Filmfestival fan Goateboarch
Göteborg Film Festival
plak en tiid
lân Sweden
provinsje Västra Götalands län
plak Goateboarch
tiid fan it jier jannewaris/febrewaris
bysûnderheden
ôfkoarting GFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1979 – no
offisjele webside
goteborgfilmfestival.se

It Filmfestival fan Goateboarch bestiet sûnt 1979 en hat in doer fan tsien dagen. Op 'e earste edysje waarden 17 films fertoand yn 3 filmsealen foar in publyk fan yn totaal 3.000 man. Anno 2012 waarden der 450 films út 70 ûnderskate lannen yn 10 bioskopen en ferskate oare filmsealen fertoand, dêr't 115.000 minsken op ôf kamen. It festival is wichtich as in moetingsplak foar produsinten en regisseurs út 'e Skandinavyske filmyndustry.

Op it Filmfestival fan Goateboarch wurde de Dragon Awards útrikt yn 'e folgjende kategoryen:

  • Dragon Award foar Bêste Skandinavyske Film (ek bekend as Nordiska Filmpriset)
  • Dragon Award foar Bêste Skandinavyske Film – Publykspriis
  • Dragon Award foar Bêste Spylfilm – Publykspriis
  • Dragon Award foar Bêste Skandinavyske Dokumintêre (sûnt 2013)
  • Dragon Award foar Bêste Sweedske Dokumintêre
  • Ingmar Berman International Debut Award (foar in debút as regisseur)
  • Dragon Award foar Nij Talint

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.