Filmfestival fan Marylân

It Filmfestival fan Marylân (Ingelsk: Maryland Film Festival), ôfkoarte ta MFF, is in filmfestival dat elts jier yn maaie holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd Baltimore, yn 'e steat Marylân. It evenemint waard yn 1999 foar it earst organisearre.

Filmfestival fan Marylân
Maryland Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Marylân
plak Baltimore
tiid fan it jier maaie
bysûnderheden
ôfkoarting MFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1999 – no
offisjele webside
www.mdfilmfest.com

It leit him ta op it presintearjen fan Amerikaanske en sûnt 2009 ek ynternasjonale films fan alle sjenres oan it publyk, wêrby't it elts jier giet om sa'n fjirtich lange films en fyftich koarte films. Ek dokumintêres (sawol lang as koart) komme op it festival oan bod. Op it mêd fan 'e seleksje fan lange films skaait it Filmfestival fan Marylân frijwat út nei ûnôfhinklike films ynstee fan grutte Hollywood-produksjes.

It Filmfestival fan Marylân stiet fierders bekend om syn bân mei filmmakker en skriuwer John Waters, dy't yn it bestjoer fan it evenemint sit en elts jier sels in favorite film op it festival presintearret.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.