Grûn

(Trochferwiisd fan Ierde (grûn))

Grûn is in mingsel fan ferware materiaal, floeistoffen en gassen dat oan it ierdoerflak of (flak) dêrûnder sit. It net ferware fêste materiaal wurdt rots neamd.

Trochsneed boppelaach fan it ierdoerflak

It ferwaarjen is in gefolch fan ynwurking fan froast en teiwaar, ynwurking fan de sinne, rein en wyn op de rots, wat úteinlik ta breuk yn it rotsstiente liedt. De rotsblokken komme hjirtroch los, en rôlje nei ûnderen ta, wêrby't lytse dielen meifierd wurde troch rivieren, rjochting de rivierdelta. Troch fierdere slitaazje ûntsteane hieltiten lytsere dielen, efter inoar grint, sân en op it lêste slib.

Fean dêrfoaroer ûntstiet troch it ôfstjerren en rotsjen fan planten.

Bestândielen fan grûn

bewurkje seksje

Grûn bestiet neist wetter en lucht út de folgjende fêste stoffen:

Grûnsoarten wurde bepaald troch in bepaalde mjuks fan bestândielen.

De algemiene beneaming foar gearhingjende grûn is ierde. Ierde wie ek ien fan de fjouwer klassike eleminten.

  • Meulen, M. van der, Lang, F. de, Maljers, D., Dubelaar, W., Westerhoff, W., 2002. Grondstoffen en delfstoffen bij naam. Publicatiereeks grondstoffen 2002/21, Dienst Weg- en Waterbouwkunde, Delft & TNO-NITG, 96 pp. ISBN 90-369-5509-2.