Death on the Nile (film út 2022)

Death on the Nile is in Amerikaansk-Britske histoaryske detektivefilm út 2022 ûnder rezjy fan Kenneth Branagh, mei yn 'e haadrollen Branagh sels, Gal Gadot en Emma Mackey. De titel betsjut "[In] Ferstjerren op 'e Nyl". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Agatha Christie en is in remake fan 'e eardere ferfilming Death on the Nile út 1978. It is in direkt ferfolch op Murder on the Orient Express út 2017, fan deselde makkers en mei deselde haadrolspiler. It ferhaal folget de geniale Belgyske privee-detektive Hercule Poirot as er by syn fakânsje yn Egypte in moard oplosse moat dy't begien is op in rêdboat op 'e rivier de Nyl. Death on the Nile krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In folgjend diel yn Branagh syn filmsearje oer Hercule Poirot kaam yn 2023 út ûnder de titel A Haunting in Venice.

Death on the Nile
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Kenneth Branagh
produsint Ridley Scott
Kenneth Branagh
Judy Hofflund
Kevin J. Walsh
senario Michael Green
basearre op de roman fan Agatha Christie
kamerarezjy Haris Zambarloukos
muzyk Patrick Doyle
filmstudio TSG Entertainment
Kinberg Genre
The Mark Gordon Company
Scott Free Productions
distribúsje 20th Century Studios
spilers
haadrollen Kenneth Branagh
Gal Gadot
Emma Mackey
byrollen Armie Hammer
Annette Bening
Tom Bateman
Letitia Wright
Sophie Okonedo
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 9 febrewaris 2022
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske detektivefilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Frânsk)
spyltiid 127 minuten
budget en resultaten
budget $100 miljoen
opbringst $137,3 miljoen
filmsearje
filmsearje Hercule Poirot
● foarich diel Murder on the Orient Express
● folgjend diel A Haunting in Venice

Yn 'e Earste Wrâldoarloch betinkt in jonge Hercule Poirot in taktyk om mei syn ienheid fan 'e Belgyske ynfantery oan it Westfront in Dútske posysje te feroverjen. Dat giet dat it slydjaget, mar neitiid lit syn kaptein by fersin in Dútske falstrikbom ôfgean, wêrby't hy en gâns oaren sneuvelje. Poirot rekket skeind yn it antlit. As er letter yn it fjildhospitaal besocht wurdt troch syn ferloofde Catherine, in ferpleechster, skrillet hja net tebek foar syn ferwûnings, mar suggerearret inkeld dat er syn snor mar groeie litte moat om 'e groeden te ferbergjen.

Yn 1937 wennet in âldere en noch altyd net-troude Poirot yn in nachtklub yn Londen in optreden by fan 'e Afro-Amerikaanske bluessjongster Salome Otterbourne. Dêr sjocht er hoe't Jackie de Bellefort, in lid fan 'e Ingelske hegerein út in lykwols ferearmoede famylje, har ferloofde, de wurkleaze en al like earme Simon Doyle, yn 'e kunde bringt mei har kammeraatske, de smoarrike Amerikaanske erfgenamte Linnet Ridgeway. Dyselde stimt deryn ta om Doyle in baan te jaan as rintmaster fan har koartby oanskafte lângoed op it Ingelske plattelân.

Seis wiken letter, wannear't Poirot yn Egypte op fakânsje is, moetet er by de Piramiden fan Giza ûnferwachts syn freon Bouc, dy't mei syn mem Euphemia yn Egypte is foar de brulloft anneks houliksreis fan Linnet Ridgeway en Simon Doyle. Bouc nûget Poirot út om him by de houliksgasten te jaan yn harren hotel. Oare leden fan it brulloftsfolk binne: Linnet har Frânske tsjinstfaam Louise Bourget; har petemem Marie Van Schuyler en dy har fersoarchster frou Bowers; har neef en boekhâlder Andrew Katchadourian; har eardere ferloofde dokter Linus Windlesham, dy't ek in Ingelske lord is; en har skoalfreondinne, de swarte Rosalie Otterbourne en har muoike Salome de sjongster. It docht bliken dat Jackie, de eardere ferloofde fan Simon, mei wa't hy it útmakke hat nei't er Linnet mette, it nije troud pear stalkt en harren nei Egypte folge is. Linnet freget Poirot om beskerming tsjin har obsessive en ferbittere eardere kammeraatske.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om oan Jackie te ûntkommen, skipet it hiele selskip him yn op 'e S.S. Karnak, in rêdboat foar passazjiers, wêrmei't se út Aswan wei de rivier de Nyl op geane. Hoewol't se Jackie mei dy maneuver ôfskodde lykje te hawwen, fertelt Linnet op in stuit oan Poirot dat se al har houliksgasten mistrout en dat se har noch net feilich fielt. De iennichste manear foar har om nachts in wink yn 'e eagen te krijen is om foar it op bêd gean in slieppil te nimmen.

As it selskip by Abû Simbel oan lân giet foar it besichtigjen fan 'e de timpels fan farao Ramses II út 'e Egyptyske Aldheid, rekket Poirot oan 'e praat mei Bouc. Dy jout ta dat er er smoarfereale rekke is op Rosalie en fan doel is mei har te trouwen, nettsjinsteande it feit dat syn mem harren relaasje ôfkart. Poirot sels fielt him oanlutsen ta Rosalie har muoike Salome. De ekskurzje einiget yn mineur wannear't in stienblok boppe-út de timpel falt en op in hier nei Linnet en Simon ferpletteret. As it selskip weromkeart nei de Karnak, docht bliken dat Jackie harren wer fûn hat en ûnderwilens oan board kommen is. Simon beskuldiget har derfan dat sy it stienblok yn 'e timpel op him en Linnet besocht hat te smiten, mar de bemanning fan 'e boat befêstiget Jackie har ferhaal dat sy op dat stuit al oan board wie.

Dy jûns kundigje Simon en Linnet oan dat se besletten hawwe en brek de reis ôf om werom te kearen nei harren lângoed yn Ingelân, krekt sa't Poirot harren earder al oanrikkemandearre hie. Se hoopje Jackie dêre foargoed bûtenslute te kinnen. Poirot, dy't oars nea alkohol ynnimt, lit him troch Simon beprate om in glês sjampanje mei him en Linnet te drinken. Dêr rekket er bûten alle proporsjes oansketten fan, en as er letter nei syn hut giet en op it dek Jackie moetet, fertrout er har ta dat hysels alle romantyk yn syn libben ôfsward hat nei't syn ferloofde Catherine tsjin 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch omkaam by in mortierynslach yn it fjildhospitaal dêr't se wurke. Nei't er syn hut berikt hat, jout er him mei de klean noch oan del op 'e tekkens fan syn bêd en sakket djip wei yn 'e sûs. Hy sliept troch alles hinne wat dêrnei op 'e boat bart.

Linnet giet nei har hut om út 'e wei en nimt har slieppil yn. Underwilens lokket Simon yn 'e salon yn oanwêzichheid fan Bouc en Rosalie in konfrontaasje mei Jackie út. As er har tabyt dat er nea fan har holden hat, hellet se in derringer út har hântaske foar 't ljocht en sjit se him yn 'e skonk. Hielendal oerstjoer besiket se dêrnei om selsmoard te dwaan, mar Rosalie skuort har it fjoerwapen út 'e hân en smyt it fuort. Tegearre mei Bouc nimt Rosalie de hystearyske Jackie mei nei frou Bowers, dy't har in kalmearjend middel jout dêr't se fan yn 'e sliep falt. Bouc hellet dokter Windlesham op, dy't de skotwûne fan Simon fersoarget.

De oare moarns ier ûntdekt Louise de tsjinstfaam Linnet dea op bêd: hja is troch de holle sketten en har djoere halskeatling, dat yn in doaske op har nachtkastje stie, is poater. Op fersyk fan 'e riedeleaze Simon nimt Poirot it ûndersyk nei de moard op him, wêrby't er de assistinsje fan Bouc kriget. De earste fertochte fan 'e moard is fansels Jackie, mar frou Bowers stiet derfoar yn, dat dy de dieder net wêze kin. Sysels is ommers de hiele nacht by Jackie bleaun, dy't boppedat bewusteleas rekke wie nei't har in kalmearjend middel tatsjinne wie en pas de oare moarns wer by besleur kaam.

Elts fan 'e houliksgasten wurdt troch Poirot ûnderfrege, en elts fan harren blykt in motyf foar de moard te hawwen. Louise har ferloving mislearre nei't Linnet har ferloofde jild bea om 'e relaasje te ferbrekken, sabeare om te sjen oft er wol wier fan har hold. Lord Windlesham wie ferloofd mei Linnet oant se him sitte liet foar Simon. Andrew Katchadourian, Linnet har boekhâlder, fertsjustere jild fan har bankrekkens en wie bang dat dat útkomme soe no't se troud wie. (It wie dêrom Katchadourian, dy't yn 'e timpel fan Abû Simbel yn in ympuls besocht Linnet te deadzjen troch in stienblok op har falle te litten.) Frou Bowers komt út in rike Ingelske famylje dy't mei troch tadwaan fan Linnet har heit oan 'e biddelstêf rekke by de Beurskrach fan 1929. Marie Van Schuyler ervet in grut diel fan Linnet har besit. Salome en Rosalie Otterbourne waarden yn 'e iere 1920-er jierren út rasistyske motiven fernedere troch de doetiidske teenager Linnet. En Euphemia Bouc wrokket deroer dat Linnet har soan mei Rosalie yn 'e kunde brocht hat, mei wa't er no trouwe wol.

Euphemia Bouc fynt it djoere halskeatling fan Linnet werom yn har eigen sieradekistke. Poirot hâldt it derop dat de moardner it dêr ferstoppe hat om der sels net mei trappearre te wurden. As de bemanning fan 'e Karnak de boaiem fan 'e Nyl drêget, wurdt Jackie har derringer weromfûn, dy't sûnder mis it moardwapen is. It ding sit mei in beblette bûsdoek bewuolle yn 'e missende sjaal fan frou Van Schuyler.

Oan Bouc, Rosalie en Salome bringt Poirot út dat hy net tafallich yn Egypte wie, mar dat er dêr eins yn it geheim oan in saak wurke. Hy wie nammentlik ynhierd troch Bouc syn mem Euphemia om Rosalie en har famylje nei te lûken. Euphemia hopet op befêstiging fan har fermoeden dat Rosalie ûngaadlik houliksmateriaal is, mar de konklúzje fan Poirot is dat Rosalie eins mear as goed genôch is om mei Bouc te trouwen. In lulke Euphemia kundiget oan dat se har likegoed nea dellizze sil by in houlik tusken Rosalie en har soan. In poerrazene Rosalie, dy't skandalisearre is dat Poirot yn har priveelibben sitten hat te wrotten, feecht him op net mis te fersteane wize de mantel út en stoarmet dan it dek op. Dêr ûntdekt se it stoflik omskot fan Louise Bourget, dat oerboard smiten is en fêst kommen is te sitten yn it skoeprêd fan 'e rêdboat.

It lyk, dat al oerenlang yn 'e Nyl omdreaun hawwe moat, hat noch in pear bankbiljetten yn 'e hân. Weromsjend op syn eardere befreging fan har, fermoedet Poirot no dat Louise de foargeande jûns de moardner fan Linnet sjoen hat. It jild yn har hân wiist derop dat se de dieder besocht hat te sjantearjen, mar dyselde is har oer it mad kommen troch har de kiel troch te snijen mei ien fan 'e skalpels fan dokter Windlesham. Poirot fyn it plak fan 'e moard werom troch de bloedspatten dy't dêr op 'e wand fan 'e roef sitte, mar midden yn it spattepatroan sit in leech plak, wêryn't er it stal fan in eachtsjûge mient werom te kennen.

It falt Poirot op dat Bouc sûnder oerjas omrint. Hy nimt Bouc yn it ferhear en set dyselde ûnder druk oant er tajout dat hy de dief fan it halskeatling fan Linnet Ridgeway is. Hy seach dêryn in mooglikheid foar him en Rosalie om finansjele frijheid te krijen fan syn mem, dat hy joech ta oan in ympuls om it sieraad mei te graaien doe't er Linnet de jûns tefoaren wekker meitsje woe, en har al dea oantrof, doe't Simon yn 'e skonk sketten wie. Letter, doe't Poirot ornearre dat de tsjeafte wolris in motyf foar de moard wêze koe en dat se miskien alle hutten trochsykje moasten, rekke Bouc yn panyk en besocht er halskeatling werom te lizzen. By de hut fan Linnet wied er lykwols tsjûge fan 'e moard op Louise. Om't er net útlizze koe wat er dêr sels by de ein hie, ferswei er it hiele gefal, smiet syn mei bloed bespatte oerjas oerboard en ferstoppe it halskeatling yn syn memme sieradekistke. Op it stuit dat Bouc de namme fan 'e moardner fan Louise neame wol, wurdt er ûnferhoeds fan efteren ôf deasketten. Poirot efterfolget de dieder mar fynt inkeld it efterlitten moardwapen, dat it pistoal fan Andrew Katchadourian blykt te wêzen.

In oansleine Poirot slút alle oerlibjende gasten op yn 'e salon. Dêr fertelt er harren dat er útriddenearre hat dat Simon Doyle eins de moardner fan Linnet wêze moat. Hy en Jackie de Bellefort planden de moard tegearre. Sy beiden binne noch altyd minners: Doyle syn ferealens op Linnet en Jackie har obsessive wrok oer dat ferrie wiene mar sabeare. It hiele spul wie bedoeld om Doyle, as widner fan Linnet, oan it meastepart fan har fortún te helpen. Neitiid soed er dan nei in foechsum skoft mei Jackie wertrouwe kinne. Poirot wiist Jackie oan as it masterbrein efter de moard, dêr't lykwols ferlet fan wie om't Doyle net yn earmoede libje woe. Ien fan 'e earste dingen dy't se diene, wie Poirot útskeakelje troch syn glês sjampanje te drogearjen.

Dy jûns bearde Jackie by de konfrontaasje mei Simon hystearysk te wurden en him yn 'e skonk te sjitten, mar it wie mar in losse flodder. De bûsdoek dy't Simon op syn 'wûne' drukte, hied er read kleure mei karmozinen ferve dy't er stellen hie út Euphemia Bouc har skilderkiste. Wylst Jackie troch Bouc en Rosalie nei frou Bowers ta brocht waard, draafde Simon gau nei de hut fan him en Linnet, dêr't er Linnet yn 'e sliep mei de weismiten derringer fan Jackie troch de holle skeat om dêrnei fuortendaliks wer hurd werom te draven nei de salon. Dêr brûkte er de ûntfrjemde sjaal fan frou Van Schuyler as lûdsdemper en skeat himsels echt yn 'e skonk, wêrnei't er ien patroan út 'e derringer ferfong sadat it by it weromfinen fan it wapen lykje soe as wie der mar twaris mei sketten. Pistoaltsje, sjaal en mei ferve besmodzge bûsdoek giene dêrnei út it finster de Nyl yn. Tsjin 'e tiid dat Bouc weromkaam mei dokter Windlesham, lei Simon mei in echte skotwûne op 'e sofa.

Der gie lykwols wat mis, en dat wie dat Louise Bourget dy jûns ynstee fan op bêd te gean noch in sigaretsje smookte op it dek. Dêrtroch seach se Simon nei Linnet har hut draven en wer werom nei de salon. Doe't se de oare deis it lyk fan Linnet fûn, begriep se dat se de moardner sjoen hie en sjantearre se him. Jackie bearde letter har jild te jaan, mar snie har ynstee de kiel troch mei in skalpel dy't se stellen hie fan Windlesham. Doe't der ek fan dy moard in tsjûge bliek te wêzen, nammentlik Bouc, skeat se him dea foar't er har identifisearje koe mei it stellen pistoal fan Katchadourian. Mei't se begrypt dat it spul út is, lûkt Jackie in twadde derringer, krûpt Simon oan en sjit him yn 'e rêch, wêrby't se harren beiden deadet mei ien skot.

 
Kenneth Branagh.
 
Gal Gadot.
 
Emma Mackey.

Letter, werom yn Aswan, as de fiif liken fan board droegen wurde en de oerlibjende passazjiers har wegen geane, is Poirot net by steat om syn gefoelens foar Salome Otterbourne út te sprekken. In healjier letter besiket in snorleaze Poirot in nachtklub yn Londen om Salome sjongen te hearren.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje                  akteur/aktrise
Hercule Poirot Kenneth Branagh
Linnet Ridgeway-Doyle Gal Gadot
Jackie de Bellefort Emma Mackey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Simon Doyle Armie Hammer
Euphemia Bouc Annette Bening
Bouc Tom Bateman
Rosalie Otterbourne Letitia Wright
Salome Otterbourne Sophie Okonedo
dokter Linus Windlesham Russell Brand
Andrew Katchadourian Ali Fazal
frou Bowers Dawn French
Marie Van Schuyler Jennifer Saunders
Louise Bourget Rose Leslie
Catherine Susannah Fielding
Belgyske kaptein Rens Orlando Seale

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Death on the Nile waard regissearre troch Kenneth Branagh nei in senario fan Michael Green op basis fan 'e bekende detektiveroman Death on the Nile fan Agatha Christie út 1937. De produksje krige yn novimber 2017 it griene ljocht nei't de eardere ferfilming fan in roman oer Hercule Poirot, Murder on the Orient Express, in súkses yn 'e bioskopen wurden wie.

As produsinten wiene Branagh sels, Ridley Scott, Judy Hofflund en Kevin J. Walsh by it projekt belutsen foar de filmstudio's TSG Entertainment, Kinberg Genre, The Mark Gordon Company en Scott Free Productions. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Haris Zambarloukos, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Patrick Doyle.

De opnamen foar Death on the Nile setten op 30 septimber 2019 útein en duorren oant en mei 18 desimber fan dat jier. De film soe eins opnommen wurde op lokaasje, sij it yn Marokko ynstee fan Egypte. Mar úteinlings waard derfoar keazen om 'e film hielendal op te nimmen yn 'e Longcross Studios yn it Ingelske greefskip Surrey. Dêr waarden yn 'e soundstages reuseftige filmsets boud fan 'e rêdboat de S.S. Karnak en fan 'e timpel fan Abû Simbel. Yn 'e postproduksje waarden gâns special effects oan 'e film tafoege, produsearre troch it bedriuw Double Negative (DNEG), wêrûnder alle panoramabylden fan 'e Nyl en de boat.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Death on the Nile waard fersoarge troch 20th Century Studios. It wie eins de bedoeling dat de film al op 20 desimber 2019 yn premiêre gean soe, mar troch it útbrekken fan 'e koroanapandemy waard dat tsien moannen opskood nei oktober 2020. Doe't tsjin dy tiid de lockdowns en oare beheinings dy't yn it ramt fan 'e pandemy oan bioskoopbesyk oplein wiene, noch altyd net beëinige wiene, waard de premiêre noch in pear kear útsteld.

 
Abû Simbel is ien fan 'e wichtichste plakken yn Death on the Nile, mar de sênes dy't dêr spylje, waarden allegearre opnommen yn 'e Longcross Studios yn Surrey.

Uteinlik iepene Death on the Nile op 9 febrewaris 2022 yn 'e bioskopen yn Frankryk en Súd-Koreä, en twa dagen letter ek yn dy yn 'e Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk. Yn Koeweit en Libanon waard Death on the Nile ferbean om't de Israelyske aktrise Gal Gadot deryn spile, dy't earder as sersjant yn 'e Israelyske Definsjestriidkrêften tsjinne hie. Yn Tuneezje en Saûdy-Araabje mocht de film wol fertoand wurde.

Death on the Nile kaam op 29 maart 2022 beskikber as digitale download en waard op 5 april fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Death on the Nile mingde resinsjes. Sandra Hall fan 'e Australyske krante The Sydney Morning Herald parte de film 4 fan 5 stjerren ta. Sy skreau: "Wylst de gok dy't Branagh nimt mei it opgraven fan Poirot syn lang ferwaarleazge gefoelige kant troch guon beskôge wurde sil as hillichskeining, fyn ik dat it goed wurket." Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety neamde de film "in myld fermaaklik neigesetsje dêr't men sûnder swierrichheden troch meisleept wurdt. It komt nea boppe it gefoel út dat je sitte te sjen nei in relyk dat ynjektearre is mei libbenssearum, mar dat is útsoarte ûnderdiel fan 'e beheinde sjarme fan 'e film."

Yn The Times joech Edward Porter de film 3 fan 5 stjerren. Neffens him bleau de "opsichtige styl" fan Death on the Nile, "yn kombinaasje mei it melodrama fan 'e oanpaste kyk fan it senario op Christie har plot" wol "ferdivedearjend, sels al lykje guon fan 'e sabeare Egyptyske eftergrûnen nep". David Rooney fan The Hollywood Reporter skreau: "Foar dyjingen fan ús dy't mei affeksje weromsjogge op 'e wielderige ferzje út 1978 fan John Guillermin, bestiet der de hiele film troch in gnabjend gefoel dat Branagh, hoewol't er rekke sjit mei de artdirection en it fertellen fan it ferhaal, dochs in part fan 'e wille fuortlekke litten hat."

Yn The Observer krige Death on the Nile mar 2 fan 5 stjerren fan Wendy Ide. Hja skreau: "De kamera twirret dwylderich yn 't rûn, tûzelsinnich fan alle sparkeljen en spektakel, mar kin net alhiel ferbergje dat dit in leech snypsnaarke fan in film is." Neffens Joe Morgenstern fan The Wall Street Journal hie de film "schwung en […] styl op deselde wize dat je it ferkil tusken de grutte toskpoetsersguodmerken fan hjoed de dei priuwe kinne: keunstmjittige yngrediïnten jouwe har in smaak dy't te fernimmen is, mar dy't te generyk is om te beneamen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Death on the Nile in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 290 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It tige fermaaklike Death on the Nile is âlderwetsk oant en mei en wurdt libben holden troch de stjerrecast en regisseur/haadrolspiler Kenneth Branagh syn oerdúdlike leafde foar it materiaal." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Death on the Nile in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 51 resinsjes.

Death on the Nile brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $45,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $91,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $137,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $37,3 miljoen. Dat is in frij beskieden resultaat, en mei't dêr de marketingkosten ek noch ôf moatte, is it mar de fraach oft de produksje wol út 'e kosten kaam.

Death on the Nile waard by de Saturn Awards nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste aksje/aventoerefilm, mar ferlear fan Top Gun: Maverick.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.