De detektivefilm is in sjenre fan films dat ta it bredere mêd fan 'e misdiefilm heart. Yn sokke films draait de plot om it oplossen fan in misdriuw, wêrby't it almeast om in moard giet. Dejinge dy't it misdriuw oplosse moat, kin in privee-detektive wêze, in amateur-ûndersiker of in plysje. Yn it lêste gefal is der sprake fan oerlaping mei it besibbe sjenre fan 'e plysjefilm. Oare besibbe sjenres binne de skrillerfilm en de spionaazjefilm. Detektivefilms wurde fierders faak karakterisearre troch mysterieuze omstannichheden by it misdriuw, de ûntdekking fan oanwizings troch speurwurk en it ûnderfreegjen fan tsjûgen, en it ûntraffeljen fan 'e tadracht fan it misdriuw troch fernimstich riddenearjen. De detektivefilm is in foarm fan detektivefiksje; de wjergader op 'e tillefyzje is de detektivesearje. As de film komyske aspekten hat, sprekt men fan in detektivekomeedzje, in subsjenre fan 'e misdiekomeedzje.

It riedsel wa't de dieder is, wurdt faak sa lang mooglik bewarre foar it filmpublyk, mei as doel om 'e spanning fêst te hâlden. Oare techniken dy't dêrfoar ynset wurde, binne de soundtrack (mei spannende filmmuzyk op spannende mominten yn 'e film), it brûken fan beskate kameraposysjes, dy't net alles sjen litte, swiere skaden, dy't ek dingen ferburgen hâlde, en ûnferwachtse plotdraaiïngs. De ferneamde regisseur Alfred Hitchcock makke frij gebrûk fan alle neamde techniken, mar makke soms ek it publyk bewust fan in gefaar foar de haadpersoan dêr't dy him noch net fan bewust wie, om 'e driging dan út te rekken foar it dramatysk effekt. Benammen oer personaazjes as Sherlock Holmes, Miss Marple en Hercule Poirot binne in soad detektivefilms makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.