Hercule Poirot
Hercule Poirot (útspr.: [ɛʁˈkyl pwaˈʁoː], likernôch "ech-kúl pwa-choo") is in fiktive privee-detektive, dy't betocht waard troch de Ingelske skriuwster Agatha Christie. Yn 'e mande mei Miss Marple is hy ien fan har meast ferneamde personaazjes, al is yn syn gefal bekend dat Christie har eigen skepping net lije mocht. Poirot is in Belch dy't foarhinne as plysjeman wurke. Hy is de haadpersoan yn 33 romans, 51 koarte ferhalen en 2 toanielstikken, dy't fan 1920 oant 1975 oer in perioade fan 55 jier publisearre waarden. De ferhalen oer him binne gauris adaptearre ta harkspullen, films en tillefyzjesearjes, en Poirot is dêrby spile troch in ferskaat oan ferneamde akteurs.
Hercule Poirot | ||
David Suchet as Hercule Poirot yn 'e ôflevering Problem at Sea (1989) fan 'e Britske detektivesearje Agatha Christie's Poirot. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | man | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Belgysk | |
berop/amt | privee-detektive | |
oare ynformaasje | ||
geastlike heit | Agatha Christie | |
ûntstean | 1920 |
Namme
bewurkje seksjeDe namme 'Hercule Poirot' ûntliende Agatha Christie oan 'e nammen fan twa oare fiktive privee-detektives: Hercule Popeau fan Marie Belloc Lowndes en Jules Poiret fan Frank Howel Evans. Beide wiene om 1920 hinne, doe't Christie foar it earst oer Poirot skreau, frij bekend.
Fiktive biografy
bewurkje seksjeIt is ûnbekend wannear't Hercule Poirot krekt berne waard, mar yn har autobiografy An Autobiography joech Agatha Christie ta dat er by har earste ferhaal oer him, út 1920, al in man op jierren wie. Dat soe betsjutte dat er yn elts gefal net nei 1880 te wrâld kommen wêze kin. Wat Poirot syn berteplak en bernetiid oangiet, komt út 'e wurken fan Christie net folle nei foarren. Hy is in Belch, safolle stiet as in peal boppe wetter, en om't syn memmetaal it Frânsk is, moat er wol in Waal wêze. Christie skreau wol dat Poirot roomsk grutbrocht is, wat tige foar de hân leit as er út Belgje komt. Oer syn lettere leauwensoertsjûgings wurdt yn har boeken neat op 't aljemint brocht.
Yn The Big Four wurdt koart oanhelle dat er alteast in diel fan syn jonkheid trochbrocht hat yn Spa, yn 'e Ardinnen. De ymplikaasje fan dy passaazje is dat er dêr berne is, hoewol't dat net mei safolle wurden neamd wurdt. Yn it doarp Ellezelles, yn 'e Waalske provinsje Henegouwen, wol men lykwols hawwe dat Poirot dêre berne is. Der steane ferskate tinktekens foar him yn dat plak en der wurdt sels in fiktyf bertebewiis fan him bewarre, wêryn't syn âldelju neamd wurde as Jules-Louis en Godelieve Poirot. It is ûndúdlik hoe't dizze tradysje him ûntjaan kinnen hat, mei't Ellezelles yn it wurk fan Christie nearne neamd wurdt.
It earste feit dat út 'e boeken fan Christie oer it libben fan Poirot as folwoeksene oan it ljocht komt, is dat er tsjin 1893 plysjeman yn Brussel is. Oer dat diel fan syn libben is fierders frijwol neat mei wissichheid te sizzen. Yn 'e ferhalen oer him hellet Poirot ferskate kearen dingen oan dy't him as plysjeman oerkommen wêze soene, mar om't er gauris fertochten en tsjûgen foarliicht om ynformaasje los te krijen oer de moardsaak dy't er op dat stuit ûndersiket, is er net betrouber as ferteller oer syn persoanlike ferline. Yn The Double Clue bringt Poirot wol wat oannimliks op 't aljemint, nammentlik dat er by de Brusselske plysje opklommen wie ta de rang fan kommissaris, mar dat oan syn karriêre as plysjeman in ein kaam doe't er oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch troch de besetting fan Belgje troch de Dútsers de wyk nimme moast nei Ingelân.
Yn ballingskip fêstiget Poirot him yn Londen, dêr't er as privee-detektive oan it wurk giet om yn syn libbensûnderhâld te foarsjen. Yn july 1916 lost er yn The Mysterious Affair at Styles tegearre mei kaptein b.tsj. Arthur Hastings syn earste saak yn Ingelân op. Hastings ûntjout him neitiid ta in fêste assistint (of "watson") foar Poirot. De beide mannen binne al befreone as se inoar yn The Mysterious Affair at Styles moetsje, mei't Poirot ferteld dat er Hastings al ferskate jierren net sjoen hat. Yn Curtain: Poirot's Last Case wurdt fertsjutske dat harren eardere moeting yn Belgje plakfûn hat. Mei de oplossing fan syn earste saak yn The Mysterious Affair at Styles lûkt Poirot de oandacht fan 'e Britske geheime tsjinst, wêrnei't er yn 'e lêste helte fan 'e Earste Wrâldoarloch ferskate saken oplost foar de Britske oerheid.
Nei ôfrin fan 'e oarloch wurdt Poirot wer privee-detektive en set er him nei wenjen yn it appartemintekompleks 56B Whitehaven Mansions yn appartemint 203. Dat adres wurdt foar it earst neamd as Hastings him dêr besiket yn The A.B.C. Murders. De earste partikuliere saak dy't Poirot nei de oarloch oplost, is The Affair at the Victory Ball. Troch de foarname lju dy't dêrby belutsen binne, kringt er de Britske high society binnen, wat him neitiid fierdere lukrative saken opsmyt, sadat er al rillegau syn skiepkes op it drûge hat. Yn it Ynterbellum reizget er hiel Jeropa en it Midden-Easten troch om misdriuwen te ûndersykjen en moarden op te lossen. Sa stekt er foar The Murder on the Links It Kanaal oer nei Frankryk, is er foar Death on the Nile, Murder in Mesopotamia en An Appointment with Death yn it Heine Easten en komt er op 'e weromreis troch Turkije en Joegoslaavje, dêr't er yn Murder on the Orient Express in wol hiel aparte saak oplost.
Yn dyselde snuorje komt Poirot yn 'e kunde mei de Russyske grevinne Vera Rossakoff, in oantreklike en flamboyante dievegge fan juwiellen. Har ferline is, krekt as Poirot syn eigen, tige mysterieus. Hja beweart dat hja foarôfgeande oan 'e Russyske Revolúsje in lid fan 'e aristokrasy yn it Keizerryk Ruslân wie, en nei de Revolúsje as gefolch fan har maatskiplike klasse gâns te lijen hân hat, mar hoefolle oft dêrfan wier is, bliuwt ûndúdlik. Sels Poirot, dy't oan kop en earen ta fereale op it frommes rekket, moat tajaan dat se alderraarst ferskillende ferzjes fan har eigen libbensferhaal fertelt. Rossakoff komt foar yn The Double Clue, The Big Four en The Capture of Cerberus.
Op in stuit beslút Poirot mei pinsjoen te gean, nei eigen sizzen om moarchpompoenen te kweken. De ynterne gronology fan 'e rige romans en koarte ferhalen oer him is tige ûndúdlik, dat it is dreech om te sizzen wannear't dy pinsjonearring no eins plakfynt, mar nei alle gedachten moat dy earne yn 'e twadde helte fan 'e 1930-er jierren pleatst wurde. Letterkundigen dy't harren yn 'e kwestje ferdjippe hawwe, hâlde it derop dat Christie op dit mêd mei opsetsin dizenich bleau, sadat se Poirot nei beleavjen ynsette koe as wurkjend privee-detektive, riejaand detektive sûnder aktive praktyk of pinsjonearre privee-detektive. Hoe dan ek, de pinsjonearring liket Poirot net bot te befallen, sadat er op in stuit, by gebrek oan wichtiger saken, it riedsel oplost hoe't der trije stikken sinesapelskyl yn syn paraplubak telâne kommen binne. Der is dan ek net folle foar nedich om him by nije saken te belûken.
Neigeraden dat se âlder wurde, reitsje Poirot en, nei't men oannimme mei, syn geastlike mem, almar mear fernuvere oer wat se sjogge as de oanboazjende fulgarisearring fan 'e jongerein yn 'e Westerske maatskippij fan 'e 1950-er en 1960-er jierren. Yn Hickory Dickory Dock ûndersiket Poirot de nuvere foarfallen yn in jeugdherberge, wylst er yn Third Girl yn ûnwillich kontakt komt mei in kloft jongerein yn Chelsea. Mei't er troch syn ferfrjemding fan 'e moderne maatskippij net mear by steat is om sels alle oanwizings op te merken, moat er him dêrfoar ferlitte op jongere assistinten, lykas privee-detektive Goby.
Tsjin 'e ein fan syn karriêre nimt Poirot in ynaktive libbensstyl oan, wêrby't er as leafhawwerij ferneamde ûnoploste moardsaken bestudearret en detektiveromans lêst. Hy skriuwt sels in boek oer detektivefiksje, wêryn't er û.o. Edgar Allan Poe de mantel útfeecht. Yn 'e boeken fan Christie libbet Poirot troch oant de iere 1970-er jierren, miskien sels wol oant 1975, doe't de lêste roman oer him, Curtain: Poirot's Last Case, publisearre waard. Yn in tillefyzje-adaptaasje fan it Britske tillefyzjenetwurk ITV ferstjert Poirot lykwols al yn oktober 1949 yn syn wente yn Styles Court yn Londen.
Uterlik en karakter
bewurkje seksjeHercule Poirot wurdt yn 'e boeken fan Agatha Christie foarsteld as in lytse, wat korpulinte man mei dûnker hier en in tige goed ûnderholden snor dêr't er hiel grutsk op is en dy't troch Christie omskreaun waard as "de moaiste snor yn Ingelân". Fan karakter is Poirot in sekuer en akkuraat persoan, dy't oanhelle is mei in grutte idelheid. Wannear't er yn it iere Ynterbellum op it hichtepunt fan syn rom ferkeart, hâldt en draacht er him bytiden yn kontakten mei oare minsken arrogant om't er mient dat syn ferneamdens him dêr it frij ta jout. Ien fan 'e hieltyd weromkearende dingen út 'e ferhalen oer syn lettere, pinsjonearre jierren, is dat syn ferneamdens yn it neigean rekket, sadat fral jongere personaazjes nea fan him heard hawwe. Dêr is er dan kear op kear slim teloarsteld oer. Foar syn tsjinsten wurdt Poirot ornaris poerbêst betelle, mar by it útkiezen fan 'e saken dy't er ûndersiket, spilet jild mar sydlings in rol: it giet him der benammen om oft in saak ynteressant is of net. Sa ja, dan nimt er de saak ek oan as dêr gjin grutte finansjele beleanning foaroer stiet.
De oplossings dy't Poirot kiest foar syn saken, binne net altyd om 'e dieder foar de rjochter te bringen. Yn The Double Clue lit er grevinne Vera Rossakoff gean nei't se de stellen juwiellen weromjûn hat. Yn The Nemean Lion stelt er himsels op oan 'e kant fan 'e dieder, Amy Carnaby, en helpt har om oan berjochting te ûntkommen troch syn eigen opdrachtjouwer, sir Joseph Hoggins, te sjantearjen. Dyselde beraamde nammentlik sels in moard, sa hie Poirot ûntdutsen. Yn The Murder of Roger Ackroyd stiet Poirot ta dat de moardner selsmoard docht, wêrnei't er de wierheid tadekt om syn djipdrôven te sparjen. Yn The Augean Stables helpt er it Britske regear om in grut korrupsjeskandaal yn 'e dôfpot te stopjen. En yn Murder on the Orient Express lit er de moardners gean en dekt de wiere tadracht fan 'e moard ta om't it slachtoffer in gangster mei bloed oan syn hannen is dy't troch in rjochterlike dwaling oan syn fertsjinne straf ûntkommen is.
Wichtige besibbe personaazjes
bewurkje seksjeDer binne ferskate wichtige oare personaazjes dy't yn in protte Hercule Poirot-ferhalen weromkeare:
- kaptein b.tsj. Arthur Hastings is de bêste freon fan Poirot, dy't by gâns saken fungearret as syn assistint en syn watson (in funksjoneel personaazje oan wa't de privee-detektive syn ûntdekkings en teoryen útleit sadat de lêzer se ek folgje kin). Hastings is in moedich man, mar in min privee-detektive, dy't der in hantsje fan hat om by tafal of fersin wichtige ûntdekkings te dwaan.
- Ariadne Olivier is in skriuwster fan detektiveromans mei wa't Poirot by in kaartspul yn 'e kunde komt en dy't him neitiid hieltyd wer lestich falt. Hja is eins in humoristysk alter ego fan Agatha Christie sels. Krekt as Christie net bot fan Poirot hold, mei Olivier de bekendste dektektive út har eigen boeken, de Fin Sven Hjerson, net botte lije. Sy is fierders de iennichste dy't Poirot derop wiist dat it net normaal is dat der by de dea fan in moardslachtoffer fiif of seis minsken oanwêzich binne dy't allegearre in motyf hawwe foar de moard.
- Felicity Lemon is de sekretaresse fan Poirot, dy't troch himsels omskreaun wurdt as "freeslik lilk en ferskriklik effisjint". Hja hat net folle swakten en Poirot fertrout blynseach op har ynskattingsfermogen. Ferskate kearen hantlanget se foar Poirot by de oplossing fan syn saken.
- haadynspekteur James Harold Japp is in resjersjeur fan Scotland Yard dy't yn in protte ferhalen besiket om misdriuwen op te lossen dêr't Poirot by belutsen rekket. Hy is ekstravert, lûdroftich en soms kwetst er minsken trochdat er net neitinkt ear't er de mûle iependocht. Hy ken Poirot al sûnt 1904, doe't Poirot noch by de plysje yn Brussel wurke. Se binne gjin freonen, mar wol freonlik.
Ferskinings
bewurkje seksjeHjirûnder stiet in list fan 'e oarspronklike wurken fan Agatha Christie, dy't Hercule Poirot as haadpersoan hawwe. Begjinnend mei Three Act Tragedy, út 1934, hie Christie yn it Ynterbellum in foarm fan 'e Poirot-roman ûntwikkele wêryn't de grutte privee-detektive sels yn it earste trêdepart fan it boek fierhinne yn 'e perifery fan it ferhaal bleau. Yn romans as Taken at the Flood, After the Funeral en Hickory Dickory Dock komt er sels noch minder foar en draacht er gauris syn ferantwurdlikheden oangeande it ûnderfreegjen fan 'e fertochten oan in ûndergeskikt personaazje oer. Yn Cat Among the Pigeons komt Poirot pas sa let op 'e lapen dat it boek hast al út is. It is net mear út te meitsjen oft dat no kaam om't it personaazje geandewei fierder op jierren rekke en it dêrom kalmer oan dwaan moast, of dat Christie, dy't him nea bot lije meien hie, in hieltyd gruttere hekel oan him krige. Crooked House (1949) en Ordeal by Innocence (1957), wurken dy't skoan Poirot-romans wêze kinnen hiene mar dat net binne, fertsjintwurdigje it logyske einpunt fan it oanhâldende belúnjen fan syn oanwêzigens yn 'e boeken fan Christie.
Romans
bewurkje seksje(op folchoarder fan publikaasje)
- 1920 – The Mysterious Affair at Styles
- 1923 – The Murder on the Links
- 1926 – The Murder of Roger Ackroyd
- 1927 – The Big Four
- 1928 – The Mystery of the Blue Train (eins in útwreide ferzje fan it koarte ferhaal The Plymouth Express)
- 1932 – Peril at End House
- 1933 – Lord Edgware Dies (ek publisearre as Thirteen at Dinner)
- 1934 – Murder on the Orient Express (yn 'e Feriene Steaten oarspronklik publisearre as Murder in the Calais Coach)
- 1935 – Three Act Tragedy (ek publisearre as Murder in Three Acts)
- 1935 – Death in the Clouds (ek publisearre as Death in the Air)
- 1936 – The A.B.C. Murders (ek publisearre as The Alphabet Murders)
- 1936 – Murder in Mesopotamia
- 1936 – Cards on the Table
- 1937 – Dumb Witness (ek publisearre as Poirot Loses a Client)
- 1937 – Death on the Nile (ek publisearre as Murder on the Nile and as Hidden Horizon)
- 1938 – Appointment with Death
- 1938 – Hercule Poirot's Christmas (ek publisearre as Murder for Christmas and as A Holiday for Murder)
- 1940 – Sad Cypress
- 1940 – One, Two, Buckle My Shoe (ek publisearre as An Overdose of Death and as The Patriotic Murders)
- 1941 – Evil under the Sun
- 1942 – Five Little Pigs (ek publisearre as Murder in Retrospect)
- 1946 – The Hollow (ek publisearre as Murder after Hours)
- 1948 – Taken at the Flood (ek publisearre as There is a Tide)
- 1952 – Mrs McGinty's Dead (ek publisearre as Blood Will Tell)
- 1953 – After the Funeral (ek publisearre as Funerals Are Fatal)
- 1955 – Hickory Dickory Dock (ek publisearre as Hickory Dickory Death)
- 1956 – Dead Man's Folly
- 1959 – Cat Among the Pigeons
- 1963 – The Clocks
- 1966 – Third Girl
- 1969 – Hallowe'en Party
- 1972 – Elephants Can Remember
- 1975 – Curtain (ek publisearre as Curtain: Poirot's Last Case)
Ferhalebondels
bewurkje seksje(op folchoarder fan publikaasje)
- 1924 – Poirot Investigates
- 1937 – Murder in the Mews (ek publisearre as Dead Man's Mirror)
- 1939 – The Regatta Mystery and Other Stories
- 1947 – The Labours of Hercules
- 1948 – The Witness for the Prosecution and Other Stories
- 1950 – Three Blind Mice and Other Stories
- 1951 – The Under Dog and Other Stories
- 1960 – The Adventure of the Christmas Pudding
- 1961 – Double Sin and Other Stories
- 1974 – Poirot's Early Cases
- 1991 – Problem at Pollensa Bay and Other Stories
- 1997 – While the Light Lasts and Other Stories
Koarte ferhalen
bewurkje seksje(op folchoarder fan publikaasje)
- The Kidnapped Prime Minister
- The Jewel Robbery at the Grand Metropolitan
- The Disappearance of Mr Davenheim
- The Adventure of the Western Star
- The Tragedy at Marsdon Manor
- The Million Dollar Bond Robbery
- The Adventure of the Cheap Flat
- The Mystery of the Hunters Lodge
- The Adventure of the Egyptian Tomb
- The Adventure of the Italian Nobleman
- The Case of the Missing Will
- Poirot and the Regatta Mystery
- Triangle at Rhodes
- Murder in the Mews (in útwreide ferzje fan The Market Basing Mystery)
- Dead Man's Mirror (in útwreide ferzje fan The Second Gong)
- The Incredible Theft (in útwreide ferzje fan The Submarine Plans)
- The Mystery of the Baghdad Chest
- How Does Your Garden Grow?
- Problem at Sea
- Yellow Iris
- The Dream
- The Mystery of the Spanish Chest (in útwreide ferzje fan The Mystery of the Baghdad Chest)
- The Nemean Lion
- The Lernaean Hydra
- The Arcadian Deer
- The Erymanthian Boar
- The Augean Stables
- The Stymphalean Birds
- The Cretan Bull
- The Horses of Diomedes
- The Girdle of Hyppolita
- The Flock of Geryon
- The Apples of Hesperides
- The Capture of Cerberus
- The Witness for the Prosecution
- Three Blind Mice
- The Under Dog
- Four and Twenty Blackbirds
- The Adventure of the Christmas Pudding (in útwreide ferzje fan The Christmas Adventure)
- Double Sin and Other Stories
- The Chocolate Box
- The Affair at the Victory Ball
- The King of Clubs
- The Plymouth Express
- The Veiled Lady
- The Adventure of Johnny Waverly
- The Market Basing Mystery
- The Submarine Plans
- The Adventure of the Clapham Cook
- The Lost Mine
- The Cornish Mystery
- The Double Clue
- The Lemesurier Inheritance
- Double Sin
- Wasp's Nest
- The Third Floor Flat
- How Does Your Garden Grow? (werpublikaasje)
- Problem at Sea (werpublikaasje)
- Problem at Pollensa Bay
- The Second Gong
- The Harlequin Tea Set
- While the Light Lasts
- Christmas Adventure
Toanielstikken
bewurkje seksje- 1928 – Alibi (skreaun troch Agatha Christie en Michael Morton)
- 1930 – Black Coffee (in ferboeking hjirfan troch Charles Osborne waard yn 1998 publisearre)
Oare wurken oer Poirot
bewurkje seksjeYn 2014 autorisearren de erven Christie de skriuwster Sophie Hannah om in nije Poirot-roman te skriuwen, The Monogram Murders. Fan deselde auteur ferskynden neitiid ek de Poirot-romans Closed Casket (2016), The Mystery of Three Quarters (2018) en The Killings at Kingfisher Hill (2020).
Adaptaasjes ta oare media
bewurkje seksjeDe ferhalen oer Hercule Poirot binne faak adaptearre ta oare media, lykas toaniel, film en tillefyzje. It personaazje fan Poirot is dêrby spile troch ferskate foaroansteande akteurs. De earste Poirot-fertolker wie Austin Trevor, yn 'e film Alibi (1931). Albert Finney waard foar syn rol as Poirot yn 'e film Murder on the Orient Express (1974) nominearre foar de Oscar foar bêste akteur.
Peter Ustinov spile Poirot mar leafst seis kear: yn 'e films Death on the Nile (1978), Evil under the Sun (1982), Appointment with Death (1988) en trije tillefyzjefilms: Thirteen at Dinner (1985), Dead Man's Folly (1986) en Murder in Three Acts (1986).
David Suchet spile Poirot 24 jier lang, fan 1989 oant 2013, yn 'e tillefyzjesearje Agatha Christie's Poirot, en waard dêrmei ien fan 'e bekendste gesichten fan 'e Belgyske privee-detektive. Yn 2017 waard de rol fan in myldere, minder stive Poirot yn 'e remake Murder on the Orient Express spile troch Kenneth Branagh. Hy kroep op 'e nij yn 'e hûd fan Poirot foar de remake Death on the Nile en foar A Haunting in Venice (2023).
Oare akteurs dy't de rol fan Poirot fertolke hawwe, binne Ian Holm, Hugh Laurie, John Malkovich, Alfred Molina, Anthony O'Donnell en Tony Randall.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Literature, op dizze side.
|