Death on the Nile (film út 1978)
Death on the Nile is in Britske histoaryske detektivefilm út 1978 ûnder rezjy fan John Guillermin, mei yn 'e haadrollen Peter Ustinov en Mia Farrow. De titel betsjut "[In] Ferstjerren op 'e Nyl". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Agatha Christie. It ferhaal folget de geniale Belgyske privee-detektive Hercule Poirot as er by syn fakânsje yn Egypte in moard oplosse moat dy't begien is op in rêdboat op 'e rivier de Nyl. Death on the Nile krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film wûn de Oscar en de BAFTA foar bêste kostúmûntwerp. Death on the Nile wie de twadde ferfilming fan in boek fan Christie troch deselde produsinten en folge as sadanich op Murder on the Orient Express út 1974. In trêde filmadaptaasje fan in roman oer Poirot, Evil under the Sun, kaam yn 1982 út. Yn 2022 waard der in remake fan 'e film makke dy't ek Death on the Nile hiet.
Death on the Nile | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Guillermin | |
produsint | John baron Brabourne Richard Goodwin | |
senario | Anthony Shaffer | |
basearre op | de roman fan Agatha Christie | |
kamerarezjy | Jack Cardiff | |
muzyk | Nino Rota | |
filmstudio | Mersham Productions EMI Films | |
distribúsje | Anglo-EMI Film Distributors | |
spilers | ||
haadrollen | Peter Ustinov Mia Farrow | |
byrollen | David Niven Lois Chiles Simon MacCorkindale Angela Lansbury Bette Davis Maggie Smith George Kennedy | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk | |
premiêre | 29 septimber 1978 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske detektivefilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Frânsk) | |
spyltiid | 140 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $7,9 miljoen | |
opbringst | $18 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × BAFTA | |
filmsearje | ||
filmsearje | Hercule Poirot | |
● foarich diel | Murder on the Orient Express | |
● folgjend diel | Evil under the Sun |
Plot
bewurkje seksjeDe smoarrike Amerikaanske erfgenamte Linnet Ridgeway is mids 1930-er jierren op har lângoed yn Ingelân befreone rekke mei Jackie de Bellefort. Dat is in lid fan 'e Britske hegerein fan wa't de famylje lykwols ferearmoede is. Jackie bepraat Linnet om har wurkleaze ferloofde Simon Doyle, dy't al krekt like earm is as sysels, oan te stellen as rintmaster op har lângoed. Dat pakt lykwols oars út as ferwachte: Simon en Linnet reitsje fereale opinoar en trouwe koarte tiid letter, wêrnei't se op houliksreis geane nei Egypte.
De ferrette Jackie reizget it breidspear lykwols efternei en set yn Egypte útein mei in kampanje fan wat inkeld omskreaun wurde kin as hinderlike stalking. Om oan har te ûntkommen, beare Simon en Linnet dat se de trein nei Aleksanderje nimme sille, wylst se eins ynstee in reis boekt hawwe op in rêdboat, de S.S. Karnak. Dy boat sil syn opfarrenden, sûnder útsûndering rike Westerske toeristen, oer de rivier de Nyl by de grutte besjensweardichheden út 'e Egyptyske Aldheid lâns farre.
De oare opfarrenden binne de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot; de Ingelske kolonel Race; de Frânske tsjinstfaam Louise Bourget, dy't yn 'e tsjinst fan 'e Doyles stiet; de Amerikaanske dame op jierren Marie Van Schuyler mei har fersoarchster juffer Bowers; de alkoholistyske Ingelske leafdesromanskriuwster Salome Otterbourne en har folle pleage dochter Rosalie; de Ingelske kommunist Jim Ferguson; de Switserske dokter Ludwig Bessner; en Andrew Pennington, de Amerikaanske abbekaat fan Linnet Ridgeway, dy't beart dat it tafal is dat er syn kliïnte yn Egypte tsjin it liif rint.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Troch syn eagen en earen goed de kost te jaan, komt Poirot yn 'e earste dagen fan 'e reis oan 'e weet dat Linnet Ridgeway in protte fijannen hat. Har tsjinstfaam Louise wol trouwe mei in Egyptner, mar Linnet leit dêr sûnder mear it near op troch te wegerjen om har yn dat gefal har efterstallich lean út te beteljen. Juffer Bowers komt út in fan oarsprong rike famylje, dy't lykwols troch tadwaan fan Linnet har heit oan 'e biddelstêf rekke is. Tsjin Salome Otterbourne hat Linnet in rjochtsaak foar kwealaster oanspand om't de skriuwster har as personaazje yn ien fan har leafdesromantsjes brûkt hawwe soe. Ek besiket se de reputaasje fan dokter Bessner te ruïnearjen om't er in kwaksalver wêze soe. Jim Ferguson fynt dat sokke parasiten op 'e maatskippij as Linnet Ridgeway út prinsipe de deastraf krije moatte soene. En Pennington, dy't it fortún beheart dat troch har heit oan Linnet neilitten is, hat in diel fan har jild fertsjustere. Om't se sels it behear oer it fortún kriget as se trout, wat no it gefal is, moat er sjen dat er har in dokumint tekenje lit dat him syn âlde sizzenskip oer it jild wer weromjout, oars sil útkomme wat er dien hat. Kolonel Race is in privee-detektive en in âlde freon fan Poirot dy't ynhierd is troch de Ingelske abbekaten fan Linnet om Pennington yn 'e rekken te hâlden, mei't se him net fertrouwe.
De Karnak hâldt ho by Lúksor, dêr't in koarte ekskurzje nei de Timpel fan Karnak op it programma stiet. Wylst de opfarrenden dêr tusken de pylders fan 'e timpelruïne omgnuve, falt der in grut stienblok fan it oerbleaune part fan it dak, dêr't Linnet op in hier nei ûnder ferplettere wurdt. Poirot is derfan oertsjûge dat it stienblok fan it dak ôf treaun is. De fraach wa't dêr ferantwurdlik foar is, liket beäntwurde te wêzen as fuort neitiid Jackie wer opdûkt, dy't har by de reis op 'e Karnak jout. Poirot besiket har te bepraten om har syktocht nei wraak op te jaan, mar hja wegeret om sizzen te jaan en lit him in .22 kaliber derringer sjen dy't se by har draacht, en seit dat har heit har goed sjitten leard hat.
Dyseldichste jûns let lokket in dronken Jackie yn 'e salon fan 'e rêdboat in konfontaasje út mei Simon, dy't sa eskalearret dat se har derringer lûkt en him yn 'e skonk sjit. De hystearyske Jackie smyt dêrnei har pistoaltsje del en moat fuortlaat wurde. De oare moarns wurdt Linnet Ridgeway yn har hut dea oantroffen: se is troch de holle sketten. It bedriuw dat de rêdboat eksploitearret, freget kolonel Race om it ûndersyk nei de moard te lieden oant de boat in grutter plak berikke kin dêr't de Egyptyske autoriteiten it fan him oernimme kinne. Race belûkt syn freon Poirot yn it ûndersyk.
Dokter Bessner stelt fêst dat Linnet deasketten is mei in .22 kaliber derringer. Op 'e wand njonken it hollenein fan har bêd is mei har finger yn har eigen bloed de letter J skreaun, fan Jackie, mar Bessner is derfan oertsjûge dat Linnet op slach dea wie en dus gjin oanwizing nei har moardner(esse) mear efterlitte kinnen hat. Poirot is it dêrmei iens en hie sa'n melodramatyske oanwizing oars likegoed net leaud. Boppedat hat Jackie, dy't de foargeande jûns sa hystearysk wie dat juffer Bowers har ferdôvje moast mei in ynjeksje fan morfine, in wetterticht aliby, mei't Bowers har de hiele nacht yn 'e rekken holden hat.
Poirot en Race sette útein mei it ûnderfreegjen fan 'e oare opfarrenden, wêrby't Poirot gebrûk makket fan 'e kennis dy't er de lêste dagen opdien hat om foar elts in motyf oan te wizen. Sels frou Van Schuyler, de âldere dame, blykt it as kleptomane op it pearelkeatling fan Linnet foarsjoen hân te hawwen. It pearelkeatling miste de oare moarns fan it nachtkastke fan Linnet har bêd; soe Van Schuyler dat sieraad sa begeard hawwe dat se ree wie om der in moard foar te begean? Lykas alle oare lju dy't ûnderfrege wurde, ûntstriidt Van Schuyler wat mei de moard te krijen te hawwen.
It missende moardwapen wurdt troch de bemanning fan 'e rivierboaiem njonken de boat drêge. It sit bewuolle yn 'e missende stola fan frou Van Schuyler, mei in beblette bûsdoek derby en in moarmeren jiskepântsje om it hiele pakket te ferswierjen. De stola sit in kûgelgat trochhinne. It missende pearelkeatling wurdt ek weromfûn: om 'e hals fan it stoflik omskot fan Linnet, dêr't it earder beslist net siet. Poirot konkludearret dat frou Van Schuyler it "weromjûn" hat nei't er har mei syn ûnderfreging de stupen op it liif jage hie. En sy is blykber net de iennichste dy't bang wurden is, want der wurdt in oanslach op it libben fan Poirot dien troch in Egyptyske kobra yn syn hut te pleatsen. Kolonel Race komt syn freon lykwols te help en deadet de gifslange foar't dy Poirot bite kin.
Koarte tiid letter wurdt de tsjinstfaam Louise Bourget dea fûn yn har hut mei in trochsniene kiel en in fragmint fan in bankbiljet noch yn 'e hân. It moardwapen is diskear in skalpel fan dokter Bessner, dy't lykwols by heech en by leech úthâldt dat hy de dieder net is. Poirot riddenearret dat Louise de moardner fan Linnet Ridgeway sjoen hawwe moat en neitiid besocht hat om dy persoan ôf te parsjen foar swijjild. Salome Otterbourne beweart dat se immen út Louise har hut kommen sjoen hat op 'e tiid fan 'e moard, fan wa't se leaut dat it de dieder wie. Ear't se de identiteit fan dy persoan oan Poirot en Race útbringe kin, wurdt se lykwols deasketten mei it pistoal fan Pennington, dat neffens de abbekaat út syn hut stellen is.
Poirot hat sa stadichoan syn nocht en hjit alle opfarrenden om gear te kommen yn 'e salon. Hy hat in teory ûntwikkele dy't alle feiten omfettet. Foar syn oandachtich taharkjend gehoar fertelt Poirot dat de moard op Linnet Ridgeway in komplot wie fan Jackie de Bellefort en Linnet har eigen man Simon Doyle, berne út habsucht nei it fortún fan Linnet. Simon en Jackie wiene fereale en ferloofd, en doe't Linnet belangstelling foar Simon toande, seagen se harren kâns skoan om oan har jild te kommen. Simon soe mei Linnet trouwe, wêrnei't hy en Jackie tegearre Linnet út 'e wei romje soene. Simon soe troch syn houlik al it besit fan Linnet ervje, en nei in foechsum skoft soed er wertrouwe mei Jackie.
Op 'e jûn fan 'e moard bearde Jackie mar dat se dronken wie en skeat se mei opsetsin by Simon troch. Simon bearde mar dat er rekke wie troch in bûsdoek op syn "wûne" te drukken dêr't er yn 't foar reade inket op ferpuozze hie. Hy stjoerde Rosalie Otterbourne en Jim Ferguson, de iennichste oare oanwêzigen, fuort om earst de sabeare hystearyske Jackie te kalmearjen. Sadree't er allinnich litten waard, socht Simon de weismiten derringer fan Jackie op en draafde nei de hut fan Linnet om har yn har sliep dea te sjitten en dêrnei mei ien fan har eigen fingers yn har bloed de letter J op it lewant te kwatteljen. Werom yn 'e salon wuolle er de stellen stola fan frou Van Schuyler om it pistoaltsje hinne om it lûd fan it skot te dempen en skeat himsels troch de skonk. Hy ferfong it fersketten patroan troch in nijenien foar it gefal dat it wapen fûn wurde soe, bondele it pistoal mei de mei inket besmodzge bûsdoek en in moarmeren jiskepântsje gear yn 'e stola en smyt it hiele pakket troch it finster oerboard yn 'e Nyl. Tsjin 'e tiid dat Ferguson mei dokter Bessner weromkaam yn 'e salon hold Simon in oare, diskear mei echte bloed besmodzge bûsdoek tsjin syn skotwûne oan drukt.
De ûnderfreging fan 'e tsjinstfaam Louise Bourget troch Poirot fûn letter troch omstannichheden yn oanwêzigens fan Simon Doyle plak. Derop weromsjend beseft Poirot no dat Louise doe eins tsjin Simon prate en hints falle liet dat se him sjoen hie by it begean fan 'e moard. Simon bewissige har derfan dat er foar har soargje soe, wat Poirot op dat stuit neat oars taliek as it ûnthjit fan in nije wurkjouwer oan in wurknimmer dat se har baan net ferlieze soe. No hat er lykwols foar it ferstân dat Simon har eins swijjild tasei. Letter, doe't Jackie by Simon kaam, sabeare om har spyt te betsjûgjen oer it feit dat se him yn 'e skonk sketten hie, fertelde Simon har dat Louise him sjoen hie. Dêrop gie Jackie nei Louise ta, sabeare om har swijjild te beteljen, mar wylst de tsjinstfaam it jild telde, snie se har fan efteren mei in út dokter Bessner syn tas stellen skalpel de kiel troch. Doe't se it jild wer meiraamde, skuorde der in lyts hoekje fan ien fan 'e bankbiljetten ôf.
Frou Otterbourne, de alkoholiste, wie op dat stuit oan dek om temûk in pear flessen sterke drank te keapjen fan in lid fan 'e bemanning. Hja seach Jackie út 'e hut fan Louise kommen en ferskûle har om't se sels wat te ferbergjen hie. Se hie dêr earst gjin euvelmoed yn, oant letter it lyk fan Louise fûn waard. Dêrnei socht se Poirot en Race op dy't op dat stuit by Simon Doyle wiene. Simon soarge derfoar dat der sa'n opskuor ûntstie dat Jackie, yn 'e oanbuorjende hut, gewaar waard wat der geande wie. Se hastige har nei de hut fan Pennington ta, briek dêr yn, stiel syn pistoal, hastige har werom en wie krekt op 'e tiid om frou Otterbourne dea te sjitten foar't dyselde nei in hiele omhaal fan wurden op dramatyske wize de identiteit fan 'e moardner fan Louise priisjaan soe. Se liet it pistoal falle en ferdwûn yn har eigen hut foar't Poirot it dek berikke koe.
Simon en Jackie ûntkenne earst alles, mar as Poirot harren mei help fan Race ûnder druk set, bekenne se úteinlings skuld. Poirot hat wolfergoed syn nocht fan it hiele nutteleaze bloedferjitten en is net op syn iepenst. Te let beseft er dat de derringer mist fan 'e tafel dêr't er syn bewiisstikken útstald hat. Wylst Jackie Simon oankrûpt by wize fan ôfskie, hellet se it pistoaltsje foar it ljocht dat se troch fingerfluggens te pakken krigen hat en sjit him troch de holle. Dêrnei pleatst se it wapen kalmkes tsjin har eigen holle oan, groetet Poirot en docht selsmoard. By de earstfolgjende haven wurde de moarden en de moard-selsmoard oan 'e pleatslike plysje oerdroegen. De oerlibjende passazjiers geane allegearre har eigen paad en Poirot wurdt lokwinske mei it oplossen fan 'e yngewikkelde moardsaak.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Hercule Poirot | Peter Ustinov |
Jackie de Bellefort | Mia Farrow |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kolonel Race | David Niven |
Linnet Ridgeway | Lois Chiles |
Simon Doyle | Simon MacCorkindale |
Salome Otterbourne | Angela Lansbury |
Marie Van Schuyler | Bette Davis |
juffer Bowers | Maggie Smith |
Andrew Pennington | George Kennedy |
Louise Bourget | Jane Birkin |
Rosalie Otterbourne | Olivia Hussey |
Jim Ferguson | Jon Finch |
dokter Ludwig Bessner | Jack Warden |
Choudhury | I.S. Johar |
Barnstaple | Harry Andrews |
Rockford | Sam Wanamaker |
tsjinstfeint dy't de dea fan Louise ûntdekt | Saeed Jaffrey |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeDeath on the Nile waard makke as gefolch fan it reuseftige kommersjele súkses dat filmstudio EMI Films yn 1974 behelle hiene mei in eardere film oer privee-detektive Hercule Poirot: Murder on the Orient Express. De produsinten woene foar it ferfolch Agatha Christie har detektiveroman Death on the Nile ferfilmje, mar it slagge mar net om dêr de filmrjochten fan te besetten. Dat, lang om let waard derfoar keazen om dan mar in oar Poirot-boek fan Christie te ferfilmjen: Evil under the Sun. Dat beslút waard yn july 1975 bekendmakke. Doe't it koarte tiid letter dochs noch slagge om 'e filmrjochten op Death on the Nile yn 'e hannen te krijen, waard de ferfilming fan Evil under the Sun foarearst op 'e lange baan skood. (Uteinlik soe dy film yn 1982 dochs noch makke wurde.)
De ferfilming fan Death on the Nile waard regissearre troch John Guillermin nei in senario fan Anthony Shaffer. As produsinten wiene John Knatchbull, 7e baron Brabourne en Richard Goodwin by it projekt belutsen, dy't fjouwer jier earder ek Murder on the Orient Express produsearre hiene. Hja wurken yn opdracht fan 'e filmstudio's EMI Films en Mersham Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $7,9 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack Cardiff, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nino Rota.
Casting fan 'e haadrol
bewurkje seksjeYn Murder on the Orient Express wie de haadrol fan Hercule Poirot spile troch akteur Albert Finney, mar dy fûn de swiere smink dy't er foar de rol drage moast yn 'e studio al ferfelend, dat it lokke him alhiel net oan om deselde ûnderfining nochris oer te dwaan, mar dan yn 'e hjitte sinne fan Egypte, mei't Death on the Nile foar it meastepart op lokaasje filme wurde soe. De produsinten ornearren dat as se Finney sels net krije koene, it gjin sin hie en set immen yn dy't op him liek. Ynstee besleaten se in folslein oar soarte akteur te sykjen en casten se úteinlik Peter Ustinov foar de rol, dy't folle âlder en grouwer wie as Finney.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Death on the Nile fûnen plak yn it neijier fan 1977 en begjin 1978. In diel fan 'e binnendoarsênes waard filme yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire, en de iepeningssênes waarden op it plattelân fan Ingelân draaid, yn it doarp Hambleden yn Buckinghamshire en by it lânhûs Compton Wynyates yn Warwickshire. It meastepart fan 'e film waard lykwols op lokaasje yn Egypte opnommen, yn û.m. Kaïro en Aswan, en by de Timpel fan Karnak yn Lúksor, de timpels fan farao Ramses II yn Abû Simbel en de Grutte Piramiden fan Egypte op it Plato fan Giza.
De rêdboat fear wier-wier op 'e Nyl, mar faker al as net waard er sleept troch lytsere boatsjes om't de steammotor sa'n leven makke dat it filmjen der suver ûnmooglik troch waard. De cast en crew makken lange dagen. Moarns om 04.00 oere sieten de akteurs al by de fisazjy, wêrnei't de opnamen om 6.00 oere begûnen. Op dy manear koe der op it hjitst fan 'e middei, as de temperatuer oprûn ta 54 °C, twa oeren skofte wurde.
Neffens regisseur John Guillermin waard de produksje let en set troch it Egyptyske regear, mei't it ferhaal a-polityk wie, it lân grôtfol siet mei Agatha Christie-fans en de film fergese reklame wie foar toeristyske bestimmings yn Egypte. Guillermin fûn de opnamen yn logistyk opsjoch dreech, mar hie inkeld lof foar de ynset fan 'e cast, âldere fierde akteurs as Peter Ustinov, David Niven en Bette Davis net útsûndere.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Death on the Nile waard fersoarge troch Anglo-EMI Film Distributors. De film gie op 29 septimber 1978 yn New York yn premiêre, tagelyk mei de iepening fan 'e tentoanstelling De Skatten fan Tûtanchamon yn it Metropolitan Museum of Art yn deselde stêd. Op 23 oktober 1978 folge der in Britske nasjonale premiêre yn Londen, dy't bywenne waard troch keninginne Elizabeth II en prins-gemaal Philip, hartoch fan Edinburgh.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Death on the Nile oer it algemien positive resinsjes, hoewol't David Robinson fan The Times de film ûngeunstich ferliek mei syn foargonger Murder on the Orient Express (1974). Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Death on the Nile in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 18 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Death on the Nile in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 8 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeDeath on the Nile brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $14,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $3,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $18 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $7,9 miljoen betsjut dat in winst fan $10,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1979 wûn Death on the Nile by de Oscars de priis yn 'e kategory bêste kostúmûntwerp. Foar kostúmûntwerper Anthony Powell wie it syn twadde Oscar, nei't er yn deselde kategory ek wûn hie yn 1972 foar Travels with My Aunt. Ek by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, wûn er foar Death on the Nile de priis foar bêste kostúmûntwerp. Death on the Nile waard fierders nominearre foar de Golden Globe foar bêste bûtenlânske film, de BAFTA's foar bêste akteur (Peter Ustinov) en bêste byrol fan in aktrise (twa kear: Angela Lansbury en Maggie Smith), en de Edgar Award foar bêste film.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |