Piramiden fan Giza

De Piramiden fan Giza yn Egypte hearre ta de bekendste en âldste bouwurken fan de minsheid. De piramides binne ek de bekendste fan de Egyptyske piramides. Se steane sawat acht kilometer ten súdwesten fan de stêd Giza.

De piramiden fan Giza, ûnderdiel fan de Nekropolis fan Giza
It piramidekompleks by nacht.

De piramides steane ek yn in âlde Egyptische nekropolis. It piramidekompleks bestiet út de Piramide fan Geops (ek wol bekend as de “Grutte Piramide”), de wat lytsere Piramide fan Chefren, en de Piramide fan Myserinus. Dêrneist steane der in oanta lytsere piramides dy't bekend steane as "keninginne"-piramides. Oan de eastside fan it kompleks stiet ek de Sfinks fan Giza.

Dizze piramides waarden boud yn de fjirde dynasty (tusken ± 2551 en 2472 f.Kr.) en binne troch harren tige stabile konstruksje goed bewarre bleaun. De bûtenste polyste wite kalkstienlaach is yn de rin fan de tiid foar it grutstepart ferdwûn oant men it materiaal brûkt hat foar oare bouwurken. De piramide fan Myserinus is de ienige fan de piramides wêrfan de kalkstienlaach hielendal weihelle is. De piramide fan Geops hat noch wol in diel fan dizze kalkstienbedekking op de top.

De Piramide fan Geops is it ienige fan de sân klassike wrâldwûnders dat oant hjoed de dei bewarre bleaun is. Yn 1979 waarden de piramides fan Giza ta wrâlderfgoed ferklearre.

 
Kaart fan de piramiden fan Giza

De siden fan de trije grutte piramides rinne frij krekt noard-súd en east-west, mei mar in lytse ôfwiking dy't fariarret mei it tiidstip fan bouwen. Dit docht fermoedzjen dat de Egyptners de stjerren brûkten om de oriïntaasje fan de piramides te bepalen, de presyzje fan de ierdas liet de destiidske Poalstjer stadich ferskowe en ferklearret it ferrin yn de tiid. Under resinte pogingen[1] om dit patroan te ferklearjen binne de ûndersiken fan S. Haack, O. Neugebauer, K. Spence, D. Rawlins, K. Pickering, en J. Belmonte.

In omstriden teory oer de ûnderlinge posysje fan de piramides stelt dat dizze de gurdle fan Orion foarstelle.

  1. E. g., Nature, novimber 16, 2000, en augustus 16, 2001; DIO, volume 13, nûmer 1, siden 2-11 (2003)