In halskeatling is in sieraad dat om 'e hals droegen wurdt, en dat faak bestiet út in keatling fan in ealmetaal (yn 'e regel goud of sulver). Ek komt it foar dat halskeatlings besteane út in tried of koarde dêr't dingen oan reaun binne, lykas glêzene kralen, kleurige stientsjes, fike houtene ornaminten, fearren, skelpen, stikjes koraal, ealstiennen en/of juwiellen. Guon halskeatlings binne sa wiid dat se sûnder swierrichheden om 'e hals hongen wurde kinne, wylst oaren sa strak binne dat se mei in slutinkje yn 'e nekke fêstmakke wurde moatte. Standertlingten fan halskeatlings binne 35, 42, 45, 50, 58 en 75 sm.

In fanke mei in halskeatling om.

Wrâldwiid wurde halskeatlings troch sawol manlju as froulju droegen, mar yn 'e Westerske wrâld wurde se oer it algemien earder mei froulju assosjearre as mei manlju. Men is fan betinken dat de earste halskeatlings sa'n 40.000 jier lyn yn 'e Stientiid ûntwikkele waarden, en bestiene út folslein dierlike materialen, lykas in koarde fan sine mei dêroan tosken of klauwen fan bejage bisten.

Der besteane ferskate soarten halskeatlings.

  • choker: in halskeatling fan 35 of 42 sm lang, dy't strak(eftich) om 'e hals sit
  • hinger: in halskeatling mei in grut hingjend ornamint
    • medaljon: in hinger wêrfan't de it ornamint iepen kin om der wat yn te bewarjen
  • kollier of koljee: in strakke halskeatling beset mei ealstiennen
  • matineehalskeatling: in halskeatling mei in lingte fan 56-58 sm, wêrfan't de hinger boppe oan it dekolletee rêst
  • operahalskeatling: in halskeatling mei in lingte fan 75-90 sm, wêrfan't de hinger op 'e boarstbonke rêst
  • pearelstring of pearelsnoer: in halskeatling besteande út in tried dêr't pearels oan reaun binne
  • prinseshalskeatling: in halskeatling mei in lingte fan 45-50 sm, langer as in choker, mar koarter as in matineehalskeatling

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.