In dekolletee (út it Frânsk → décolleté) is in lege útsnijing oan de halsiepening fan in jûpe of jurk, sadat de boarsten fan de frou foar in part te sjen binne.

Dekolletee fan Marilyn Monroe
Keninginne Margharita fan Itaalje, dekolletee bedobbe ûnder juwielen
Trije Hooters Calendar Girls mei leech útsnien dekolletee

Koarte skiednis

bewurkje seksje

It dekolletee rekke oan de ein fan de 15e iuw yn de moade doe't guêpières en korsetten droegen waarden dy't it benedenpart fan it boppelichem en de boarsten ynsnuorren en it boppeste part fan de boarsten nei foaren útkomme lieten.
Yn it Ancien Régime wie in djip dekolletee wenstich yn de moade. Yn hjoeddeiske útfierings fan kostúmopera’s út dy tiid, fan bygelyks Mozart, is it dekolletee noch faak te sjen.
It dekolletee rekke út de moade yn de jierren 1920-1929, doe't de saneamde flappermoade in jongeseftige útstrieling fan de frou hawwe woe. De klaaiïng fan de flappers moast no krekt foarkomme dat de boarsten by it dûnsjen foar it ljocht kamen.
Yn de jierren 1940-1949 kaam it dekolletee wer yn de moade mei de sweater girl-look dy't troch aktrises as Lana Turner, Jane Russell en letter Marilyn Monroe populêr waard, en yn de jierren 1960-1969 fierder opgong makke troch it 'froubefrijend’ moadebyld dat Yves Saint Laurent foarstie.
Popstjerren sa as Madonna en Britney Spears easken frije utering fan harren seksualiteit en dekolletees waarden dan ek faak fûn yn harren garderobe.

As de klaaiïng oan de rêchkant leech útsnien is, sprekt men wol fan in rêchdekolletee.

Medyske terminology

bewurkje seksje

Sulcus intermammarius is de term dy't de International Federation of Associations of Anatomists foar it froulik dekolletee brûkt.

It sjen litten fan it ûnderste part fan de boezem troch it dragen fan in heechopsnien topke wurdt wol oantsjut mei de term Australysk dekolletee.

 

At minsken foaroerbûge kin it barre dat de boppekant fan harren bilspleet te sjen is. Dat wurdt wol it boufakkersdekolletee neamd.

  • Desmond Morris, The human sexes. Londen: Network Books, 1997.