The Mummy (film út 2017)
The Mummy is in Amerikaanske horror-aksje-aventoerefilm út 2017 ûnder rezjy fan Alex Kurtzman, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise, Sofia Boutella en Annabelle Wallis. De titel betsjut "De Mummy". De film is in reboot fan 'e moderne filmsearje The Mummy. It ferhaal folget Nick Morton, in sersjant yn it Amerikaanske Leger, dy't troch tafal de grêftombe fan in boasaardige Egyptyske prinsesse út 'e Aldheid ûntdekt, en har by fersin frijlit. The Mummy krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Hoewol't er it yn 'e bioskopen goed die, litte de film troch de ekstreem hege produksje- en marketingkosten dochs in oansjenlik ferlies. Fan gefolgen waarden mooglike ferfolchfilms ôfblaasd.
The Mummy | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Alex Kurtzman | |
produsint | Alex Kurtzman Chris Morgan Sean Daniel | |
senario | David Koepp Christopher McQuarrie Dylan Kussman | |
kamerarezjy | Ben Seresin | |
muzyk | Brian Tyler | |
filmstudio | Perfect World Pictures K/O Paper Products Conspiracy Factory Sean Daniel Company Secret Hideout | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Cruise Sofia Boutella Annabelle Wallis | |
byrollen | Jake Johnson Russell Crowe | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 maaie 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | horror-aksje-aventoerefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Egyptysk) | |
spyltiid | 110 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $195 miljoen | |
opbringst | $410 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeYn Londen wurdt by it graven fan in tunnel in reuseftige grêftombe fan in groep krúsfarders út it jier 1127 ûntdutsen, fan wa't ien begroeven blykt te wêzen mei in grutte Egyptyske robyn. De fynst wurdt feilichsteld troch de mysterieuze wittenskipper Henry Jekyll, dy't fermoedet dat de tombe ferbûn is mei it ferhaal fan Ahmanet, in prinsesse út 'e Egyptyske Aldheid dy't har tiidgenoaten besocht hawwe om út 'e skiednis te wiskjen. Jekyll hat har ferhaal lykwols byinoar puzele. Ahmanet wie de erfdochter fan har heit, de farao, oant dyselde wertroude en op syn âlde dei noch in soan krige, dy't doe syn erfgenamt waard. De prinsesse wegere har beërf op te jaan en sleat in ferbûn mei Set, de Egyptyske god fan 'e dea. Dyselde ûnthiet har gâns macht as se him holp en kring yn 'e wrâld fan 'e libbenen troch. Ahmanet fermoarde har heit, styfmem en de poppe dy't har healbroer wie, mar ear't se it ritueel útfiere koe dat Set oproppe soe, waard se oermastere en troch de Egyptyske preesters libben begroeven op in plak fier bûten Egypte.
Underwilens binne yn it troch de Irakoarloch teheistere Irak sersjant Nick Morton en korporaal Chris Vail, twa militêren fan it Amerikaanske Leger, dwaande mei in syktocht nei kostbere foarwerpen út 'e Aldheid dy't se efteroer drukke en op 'e swarte merk ferkeapje kinne. By tafal ûntdekke se yn 'e provinsje Ninevé wat de ûndergrûnske grêftombe liket te wêzen fan in prinsesse út 'e Egyptyske Aldheid, op in ôfstân fan hast tûzen kilometer bûten Egypte. Mei't de artefakten te bombidich en swier binne om te stellen en tombe te grut om te missen, bringe Morton en Vail harren befelfierend ofsier, kolonel Greenway, fan harren fynst op 'e hichte. Greenway komt opdaagjen mei yn syn sok de Britske argeologe Jenny Halsey, mei wa't Morton yn Bagdad inkele dagen tefoaren in onenightstand hân hat wêrby't er har de lânkaart ûntfytmanne hat dy't him en Vail nei de grêftobe late. Halsey stelt lykwols fêst dat it eins net om in grêftombe giet, mar om in finzenis.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Morton is sa rimpen dat er in meganisme yn wurking steld dat yn 'e tombe in sarkofaach oplûkt út in bad fan kwik. Fuort dêrop tilt it yn 'e tombe op fan 'e spinnen, en Vail wurdt troch ien biten. De sarkofaach wurdt út 'e tombe takele en yn in transportfleantúch fan it Amerikaanske Leger laden, wêrnei't Greenway, Morton, Vail en Halsey dermei nei Ingelân fleane. Underwilens begjint Morton fizioenen fan prinsesse Ahmanet te krijen, wêryn't se him betanket dat er har frijlitten hat en him har "útkarde" neamt. Underweis boazet ûngemurken de sitewaasje fan Vail oan, dy't troch de spinnebyt ûnder ynfloed fan Ahmanet kommen is. As er kolonel Greenway deastekt, is Morton twongen om syn freon del te sjitten. Fuort dêrnei wurdt it fleantúch oanfallen troch in ûnbidige swaarm krieën, wêrby't de piloat en de ko-piloat omkomme en it tastel begjint del te stoarten. Morton rêdt it libben fan Halsey troch har de iennichste parasjute te jaan dy't er besette kin en har út it fleantúch te smiten. Dat stoart del yn it Ingelske greefskip Surrey, net fier fan 'e ruïnes fan 'e Abdij fan Waverly. Alle ynsittenden dy't op dat stuit noch yn libben binne, komme om.
Morton wurdt wekker yn in mortuarium, sûnder dat er in skramke oprûn hat. De geast fan Vail ferskynt oan him en fertelt him dat er no ferflokt is (en dêrtroch net stjerre kin) om't Ahmanet him as har útkarde útornearre hat, dejinge dy't se offerje sil om Set yn 'e wrâld te bringen, sadat de god syn lichem besette kin. Underwilens is de sarkofaach by it delstoarten iepenbrutsen en is Ahmanet derút ûntsnapt. Se regenerearrret har mummifisearre lichem troch de libbenskrêft út rêdingswurkers te sûgen, dy't op it delstoarte fleantúch ta kommen binne. Troch dat proses feroarje dyselden yn sombys. Morton nimt Halsey mei nei it plak fan it delstoarte fleantúch, mei't er him der net bewust fan is dat it Ahmanet is dy't him dêrhinne ropt. As er foar it ferstân kriget dat Ahmanet him offerje wol mei de Dagge fan Set dy't se weromfûn hat yn in relikwarium yn 'e Abdij fan Waverly, fjochtet er him los en naait er mei Halsey út yn in ambulânse. Ahmanet lit harren efterfolgje troch de sombys, mar hja hat ûnderwilens ûntdutsen dat de robyn út it hantfet fan 'e dagge ûntbrekt, wat it wapen ûnbrûkber makket foar it ritueel.
As de ambulânse troch tadwaan fan 'e sombys oer de kop slacht, komt Ahmanet wer opdaagjen om Morton op te heljen, mar ear't dat barre kin, wurdt se oermastere troch in kloft kommando's. Dyselden nimme Ahmanet, Morton en Halsey mei nei dr. Henry Jekyll, de lieder fan Prodigium, in geheim genoatskip wêrfan't de leden sizze it kwea te befjochtsjen, al hawwe se dêr twifelige metoaden foar. Halsey blykt de hiele tiid al in aginte fan Prodigium west te hawwen. Hja kantet har lykwols bot oan tsjin Jekyll syn plannen, as se ûntdekt dat er fan doel is om Ahmanet har ritueel trochsette te litten, sadat se Set yn 'e wrâld fan 'e libbenen bringe kin. Jekyll is nammentlik fan doel om dêrnei Set te ferdylgjen. Dat soks ta de dea fan Morton liede sil, fynt er spitich mar oanfurdber. Morton besiket te ûntkommen troch Jekyll in searum ôf te pakken dêr't de man himsels om 'e safolle tiid mei ynjektearret en dêr't er blykber net sûnder kin. Dat hat lykwols as gefolch dat Jekyll feroaret yn syn sadistyske en gewelddiedige alter ego Edward Hyde. Mei muoite wit Morton Hyde te ynjektearjen mei it searum, sadat er wer weromferoaret yn Jekyll.
Underwilens hat Ahmanet troch in nije spinnebyt ien fan Jekyll syn mannen yn har macht witten te krijen, dy't har befrijt. Hja ûntsnapt út 'e fasiliteit fan Prodigium, en yn alle trelit witte ek Morton en Halsey te ûntkommen. Morton fettet it plan op om 'e robyn út 'e krúsfarderstombe te ferneatigjen, sadat der gjin ritueel plakfine kin en hysels dus feilich is foar sawol Ahmanet har flok as Jekyll syn snoade plannen. Dêrom bejouwe hy en Halsey harren nei de tombe ta, wêrby't harren it paad wiisd wurdt troch de geast fan Vail. Mar Ahmanet is harren foar en weeft handich ôf mei de minsken dy't Jekyll dêr postearre hat. As Morton en Halsey de tombe berikke, hat Ahmanet sadwaande de robyn al te pakken, dy't se wer weromset hat yn it hantfet fan 'e Dagge fan Set.
Ahmanet nimt Halsey finzen en ferdrinkt har, ta wanhoop fan Morton, dy't no pas foar it ferstân kriget dat er fan har hâldt. Op slûchslimme wize wit er Ahmanet de Dagge fan Set te ûntfytmanjen, mar as er de robyn stikken slaan wol, ropt Ahmanet him ta dat er nei it ritueel macht hawwe sil oer libben en dea. Morton wol neat leaver as Halsey wer ta libben bringe, mar beseft dat it ritueel Ahmanet macht oer him jaan sil. Dêrom jout er har de dagge net oer, mar stekt er it wapen eigenhandich yn syn hert. Om't de robyn lykwols al heal barsten is, wurdt er dan mar foar in diel troch Set beset. Neitiid brûkt er de macht dy't er no hat om alle libbenskrêft út Ahmanet te sûgen, krekt sa't sy dat earder mei de rêdingswurkers dien hat. Dêrop bringt er Halsey wer ta libben, mar hy is no in meunster wurden en wol net dat sy him sjocht. Ferskûle yn 'e skaden nimt er ôfskie fan har en flechtet foar't Jekyll en syn ûnderhearrigen arrivearje kinne om him te fangen.
Letter sjogge Jekyll en Halsey ta hoe't it no wier mummifisearre lichem fan Ahmanet fersegele wurdt yn in sarkofaach folle mei kwik. Halsey oppenearret dat Morton, mei de krêften dy't er no hat, in treflike bûnsgenoat wêze soe, mar Jekyll freget him ôf oft Morton syn krêften wol foar it goede ynsette sil. Morton is ûnderwilens weromkeart nei de woastyn, dêr't er Vail wer ta libben brocht hat en mei syn âlde freon ôfset op in nij aventoer.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
sersjant Nick Morton | Tom Cruise |
prinsesse Ahmanet | Sofia Boutella |
Jenny Halsey | Annabelle Wallis |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
korporaal Chris Vail | Jake Johnson |
dr. Henry Jekyll / dhr. Edward Hyde | Russell Crowe |
kolonel Greenway | Courtney B. Vance |
Malik | Marwan Kenzari |
Set | Javier Botet |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeIn reboot fan 'e Mummy-franchise waard troch filmstudio Universal Pictures foar it earst oankundige yn 2012. Yn novimber 2015 rekke akteur Tom Cruise by it projekt belutsen. It wie de bedoeling dat de film ûnderdiel wurde soe fan 'e nije Dark Universe-rige fan Universal. The Mummy waard regissearre troch Alex Kurtzman nei in senario fan David Koepp, Christopher McQuarrie en Dylan Kussman op basis fan in ferhaalline dy't betocht wie troch Kurtzman, Jon Spaihts en Jenny Lumet.
As produsinten wiene Chris Morgan, Sean Daniel en Kurtzman sels by it projekt belutsen foar de filmstudio's Perfect World Pictures, K/O Paper Products, Conspiracy Factory, Sean Daniel Company en Secret Hideout. Foar de film wie in budget beskikber fan $195 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Seresin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler. Yn 'e postproduksje waard de film oanfolle mei mear as 1.000 special effects.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar The Mummy setten op 3 april 2016 útein en duorren oant en mei 13 augustus fan dat jier. Der waard filme op lokaasje yn it Ingelske Oxford en yn 'e Kalaharywoastyn yn Namybje. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn it Ingelske greefskip Hertfordshire en foar in diel yn 'e Pinewood Studios, yn Buckinghamshire.
Foar it filmjen fan it delstoarten fan it transportfleantúch waard gebrûk makke fan paraboalyske flecht yn in saneeamde Vomit Comet (in echt fleantúch dat rjocht omheech fljocht en dan ynienen wer rjocht omleech om 'e sitewaasje fan gewichtleazens te simulearjen). Regisseur Kurtzman woe de hiele sêne oarspronklik opnimme mei harnassen dy't foarsjoen wiene fan metalen triedden om 'e akteurs oan op te hingjen yn in rotearjende filmset, mar Cruise brocht him op oare gedachten. Dêr wiene de oare akteurs, dy't ûnder de 64 takes dy't it duorre om 'e hiele sêne te filmjen ferskate kearen sa beroerd waarden dat se de hiele boel derút jagen, him net allegear like tankber foar.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Mummy waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 22 maaie 2017 yn it Australyske Sydney yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige The Mummy oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone: "Nettsjinsteande alle wyn en blast en digitale wanhoop fan oerwurke kompjûters giet dizze reboot op it wite doek ôf as in losse flodder." Yn Uproxx joech Vince Mancini de film in pynlike oanpriizging: "As jo fan ûnbegryplike samlings fan dingen hâlde dy't út 'e fierte wol wat wei hawwe fan dingen dêr't jo yn it ferline fan genoaten hawwe, dan is The Mummy de film foar jo." Peter Bradshaw, fan 'e Britske krante The Guardian, skreau: "[De film] hat guon moaie mominten, mar is yn prinsipe in soadsje." De plot sakke neffens him yn 'e midden troch en omfieme "in grimelgrammel fan ideeën en sênes dy't út [in stikmannich ûnderskate] ferzjes fan it skript lykje te kommen."
Neffens Owen Gleiberman, dy't foar it blêd Variety skreau, wie de delfal fan 'e film dat "de reäliteit fan wat de film is – in Tom Cruise-fehikel – tsjinstridich is mei it materiaal." Hy skreau dat de 54-jierrige Cruise noch altyd de "egoïstyske, eigenwize mar ynnimlike smjunt spilet dy't noch opgroeie moat. […] It probleem is dat Cruise […] sa tawijd is oan it hanthavenjen fan syn imago as in dúdlike en streksume held, dat syn flirt mei de dûnkere kant frijwol hielendal teoretysk wurdt."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Mummy in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 310 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't de oerdreaune humor fan 'e meast resinte dielen fan 'e franchise hjiryn ûntbrekt en [ek] om't er foar in meunsterfilm net folle spannende mominten leveret, suggerearret [dizze film] in fluch ûntraffeljen fan it Dark Universe." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Mummy in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 44 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeThe Mummy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $80,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $329,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op in hiel kreaze $410,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $195 miljoen soe dat in winst fan $215 miljoen betsjutte. Omreden fan 'e oerdiene marketingkosten, dy't dêr noch ôf moasten, berekkene it blêd Deadline Hollywood lykwols dat de The Mummy $450 miljoen opbringe moast om kyt te spyljen, en dat de film dus úteinlik $40 miljoen of mear ferlies makke.
Prizen
bewurkje seksjeThe Mummy waard nominearre foar acht Golden Raspberry Awards, de 'prizen' foar de minste prestaasjes op it mêd fan filmkeunst. Dêrfan wûn de film yn ien kategory: de priis foar minste akteur, foar Tom Cruise.
Skraste filmsearje
bewurkje seksjeThe Mummy makke diel út fan 'e Dark Universe-searje, in besykjen fan filmstudio Universal Pictures om in modern sinematysk universum te skeppen foar de personaazjes út 'e Klassike Meunsterfilmsearje fan alearen. De film Dacula Untold, út 2014, soe oarspronklik de earste film fan dy rige wêze, mar nei de premiêre waard de bân tusken film en filmsearje troch de produsinten behimmele, wêrnei't The Mummy it nije earste diel fan 'e Dark Universe-searje wurde soe. It teloarstellende resultaat fan 'e film makke lykwols dat Universal neitiid weromkearde nei it meitsjen fan op harsels steande films, ynstee noch in mienskiplike eftergrûn nei te stribjen. Dêrmei einige it Dark Universe winliken noch foar't it goed en wol begûn wie.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan The Mummy
- (in) Ynformaasje oer The Mummy yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
The Mummy (filmsearje fan Universal Pictures) | |
---|---|
The Mummy (klassike filmsearje fan Universal Pictures) | |
The Mummy (1932) • The Mummy's Hand (1940) • The Mummy's Tomb (1942) • The Mummy's Ghost (1944) • The Mummy's Curse (1944) • Abbott and Costello Meet the Mummy (1955) | |
The Mummy (moderne filmsearje) | |
The Mummy (filmtrilogy fan Stephen Sommers) | The Mummy (1999) • The Mummy Returns (2001) • The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor (2008) |
The Mummy (reboot) | The Mummy (2017) |