Goed en kwea

(Trochferwiisd fan Goede)

Goed en kwea binne twa tsjinstelde begripen dy't in wichtige rol spylje yn in soad religyen en filosofyen en dêrfandinne ek yn myten, mearkes en oare folksferhalen. Yn 'e wittenskip wurde de begripen goed en kwea yn ferskate dissiplines en fanút ferskillende ynfalshoeken besjoen. Sa bestudearret de etyk, dat in tûke fan 'e filosofy is, it ferbân en it ûnderskie tusken goed en kwea, wylst de psychology it hâlden en dragen ûndersiket fan minsken yn ferbân mei goed en kwea en de redens dy't minsken foar sok gedrach hawwe. Binnen de medyske wittenskip wurdt û.o. socht nei biologyske ferbannen mei dy beide begripen, en de teology rjochtet him op mooglike manearen om mei goed en kwea oam te gean.

Le Génie du Mal ("It Sjeny fan it Kwea"), in byldhouwurk fan Satan út 1848 troch Guillaume Geefs.

Yn 'e religy en de etyk wurdt 'it goede' ornaris begrepen as wat dat oangenaam of needsaaklik is en dêr't oaren gjin neidiel fan ûnderfine ynsafier't sy ek it goede neistribje. It wurdt dêrom assosjearre mei it libben, goeddiedichheid, lokkigens, leafde en rjochtfeardichheid. Yn 'e filosofy stiet it goede foar al datjinge dat mei ynstimming begroete wurdt, en dus posityf evaluëarre wurdt. In swierrichheid is dat dêrby de taal in rol spilet dy't de fraach nei wat goed is al rillegau ferdizenet. Sa kin sein wurde dat it goede datjinge is dat "goedkard" wurdt, mar dêrmei ûntstiet noch gjin útlis; it begryp 'goed' wurdt dan ommers mei "goed" omskreaun, wat neat ferklearret.

Yn 'e Aldheid en oant yn 'e Midsiuwen namen in soad filosofen it stânpunt yn dat it goede lykslein wurde moast mei alles dat wurklik yn 'e reäliteit bestie. Modernere opfettings binne dat it goede inkeld ûnderdiel útmakket fan 'e reäliteit, of dat it datjinge is dat it belang fan 'e minske tsjinnet, of datjinge dêr't de minske him wol by befynt (of 'him goed by fielt', wat alwer neat ferklearret). It goede kin dêrby yn middels lizze of yn doelen; it kin om himsels goed wêze, of om't it yn it foardiel is fan wat oars. Dêrnjonken kin it goede ûnderskaat wurde as subjektyf (goed foar guons) of objektyf (goed foar eltsenien).

It kwea is yn 'e filosofy alles dat negatyf evaluëarre wurdt. Dêrby wurdt ûnderskied makke trusken it morele kwea, dat troch minsken oanrjochte wurdt (lykas oarloch en genoside), en it natuerlike kwea, dat de minsklike macht te boppen giet (lykas natoerrampen, sykten en de dea). Kwea yn 'e morele sin wurdt ornaris assosjearre mei it bewust en opsetlik dwaan fan ferkearde dingen, lykas fandalisme, diskriminaasje, fernedering fan oaren, en geweld tsjin oaren.

Kwea wurdt yn 'e regel begrepen as de ôfwêzigens of it tsjinstelde fan it goede. Faak wurdt de oantsjutting brûkt om in die te omskriuwen dêr't oaren, dy't sels it goede neistribje, neidiel fan ûnderfine, of om in persoan te omskriuwen dy't oaren mei opsetsin of troch ûnferskillichheid skea rokkenet. Eat dat tsjin 'e jildende noarmen en wearden yngiet, wurdt ek wol omskreaun as 'kwea'. Yn beskate religieuze konteksten is it kwea in boppenatuerlike krêft, dy't soms sels personifiëarre wurdt (lykas yn de duvel). Definysjes fan it kwea rinne sterk útinoar, krektlyk as de motiven dy't deroan tatocht of dermei assosjearre wurde. Eleminten fan hâlden en dragen dy't faak mei kwea yn ferbân brocht wurde, binne eigenbelang, egoïsme, ûnferskillichheid, ûnwittendheid en ferwaarleazging.

It filosofyske debat oer de fraach oft moraliteit absolút, relatyf of in yllúzje is, liedt ta fierdere fragen oer de aard fan it kwea. Oangeande dat punt binne der fjouwer (tsjinstridige) ynterpretaasjes:

  1. moreel absolutisme wol hawwe dat goed en kwea fêststeande prinsipes binne dy't fêstige binne troch ien of mear goaden, de natuer, it minsklik ferstân of in oare boarne.
  2. moreel relativisme fynt dat de standerts oangeande goed en kwea inkeld produkten fan 'e pleatslike kultuer, side en plige en/of foaroardielen binne, en dat der op it mêd fan goed en kwea dus neat is dat oeral en altyd fêststiet.
  3. moreel universalisme is it besykjen om in kompromis te finen tusken moreel absolutisme en moreel relativisme. Dizze ynterpretaasje wol hawwe dat moraliteit mar oant op in beskaat punt fleksibel is, en dat wat wier goed en wat wier kwea is, fêststeld wurde kin troch te ûndersykjen wat as goed en wat as kwea beskôge wurdt troch alle minsken fan alle tiden.
  4. amoralisme beweart dat goed en kwea betsjuttingsleaze ideeën binne, dy't optocht binne troch de minske, mar fan oarsprong yn 'e natoer net besteane.

Yn kultueren mei manigeïstyske en/of abrahamityske religieuze ynfloed wurdt it kwea yn 'e regel beskôge as it dualistyske antagonistyske tsjinstelde fan it goede, mei de ymplikaasje dat it goede triomfearje en it kwea ferslein wurde moat. Yn kultueren dy't ûnder ynfloed steane fan 'e Yndyske religyen en yn it bysûnder fan it boedisme, wurde goed en kwea beskôge as de beide dielen fan in antagonistysk dualisme dat sels oerwûn wurde moat troch it berikken fan 'e ûntkenning fan it sels, dy't mank giet mei it besef dat goed en kwea gjin diel útmeitsje fan 'e hegere reäliteit dy't men berikt troch it ien-wêzen mei alles dat bestiet.

Yn it hindoeïsme ferdielt it idee fan dharma (rjochtskepenens) de wrâld dúdlik yn goed en kwea. Itselde begryp omfiemet ek it leauwe dat der soms oarloch fierd wurde moat om dharma te bewarjen of te werfêstigjen; sokke oarlochfiering hjit dharmayuddha. De ferdieling yn goed en kwea is tige wichtich yn 'e ynfloedrike hindoeïstyske epyske gedichten fan it Rāmāyaṇa en it Mahābhārata. De wichtichste klam wurdt yn it hindoeïsme lykwols lein op it dwaan fan kwea, ynstee fan op it kweadaardich wêzen. De hillichste tekst fan it hindoeïsme, de Bhagavad Gītā, sprekt fan it lykwicht tusken goed en kwea. As de blâns nei ien kant trochslacht, komme godlike ynkarnaasjes del nei de ierde om it lykwicht werom te bringen.

Yn it boedisme, dat fuortkomt út it hindoeïsme, is de wichtichste dualiteit net tusken goed en kwea, mar tusken lijen en ferljochting. Hoewol't der dus gjin direkte analogy mei de tsjinstelling tusken goed en kwea bestiet, kin men út 'e algemiene lear fan 'e Boeda ôfliede dat de dukkha, de opsomming fan oarsaken fan it lijen, oerienkomt mei wat yn oare leauwensstelsels oantsjut wurdt as 'it kwea'. Yn 'e praktyk leart it boedisme dat soks fuortkomme kin út, yn it foarste plak, de trije egoïstyske emoasjes (begear, hate en mislieding), en oard út it ta utering kommen fan dy emoasjes yn fysike en ferbale dieden. Yn 't bysûnder wurdt 'kwea' beskôge as alles dat de folgjende saken skeint of behinderet: de oarsaken foar lokkigens yn dit libben, in bettere werberte, befrijing fan saṃsāra en de wiere en folsleine ferljochting fan in boeda (samyaksambodhi).

Konfúsjanisme en taoïsme

bewurkje seksje

Yn it konfúsjanisme en taoïsme bestiet gjin direkt ekwifalint foar de wize dy't oare libbensbeskôgings hawwe om goed en kwea wer te jaan. Wol komme ferwizings nei demoanen (dy't ymplisyt kwea binne) rûnom foar yn it Sineeske universalisme, dêr't sawol it konfúsjanisme as it taoïsme út ûntstien binne. It konfúsjanisme hâldt him benammen dwaande mei de juste maatskiplike relaasjes tusken minsken en it korrekte hâlden en dragen dat dêrmei mank giet. Yn dy kontekst soe it kwea korrespondearje mei opsetlike misdragings. Noch minder litte goed en kwea har yn it ramt fan it taoïsme fêstlizze, nettsjinsteande it sintrale plak dat dualisme yn dat systeem ynnimt. Men soe lykwols oannimme kinne dat de saneamde Trije Skatten (begrutsjen, moderaasje en nederichheid) goed binne, en dat it tsjinstelde kwea is.

Soroästrisme

bewurkje seksje

De Perzyske godstsjinst fan it soroästrisme sjocht de wrâld as in slachfjild tusken Ahoera Mazda (God, ek Ormazd neamd) en de boasaardige oppergeast Angra Mainyu (of Ahriman). Om't beide partijen inoar yn lykwicht hâlde, is it soroästrisme in typysk dualistyske religy. De úteinlike besljochting fan 'e striid sil neffens de profesijen komme op in Oardielsdei, as alle wêzens dy't ea libbe hawwe oer in brêge fan fjoer laat wurde sille, en dyjingen dy't kwea binne, yn it fjoer weisinke sille foar alle ivichheid.

It joadendom omfiemet twa tsjinstelde hâldings foar it bestean fan it kwea oer. De iene ynterpretaasje wol hawwe dat kwea eins net echt is, om't it net troch God skepen is mar ynstee nei de skepping troch de ferkearde dieden fan 'e minske yn 'e wrâld brocht is. De oare ynterpretaasje wol hawwe dat it kwea wol deeglik troch God skepen is om alles troch God skepen is. Om wat oars te bewearen soe tsjutte op dualisme (troch it ymplisite bestean fan in twadde skepper), en dat is folslein net te ferienjen mei it joadske leauwe yn monoteïsme.

Wat it aard fan goed en kwea oangiet, erkent it joadendom de kompleksiteit fan 'e minsklike psychology. It leart dêrom dat gjin inkel yndividu kategoarysk, absolút as 'goed' of 'kwea' oantsjut wurde kin. Mei oare wurden: net ien is folslein goed en net ien is folslein kwea. God soe de Israeliten de Torah jûn hawwe om harren te learen hoe't se it kwea oerwinne koene. Yn 'e Midsiuwske joadske filosofy kaam rûnom it tema foar dat minsken dy't goed dogge, dêrfoar beleanne wurde sille yn it libben nei de dea.

 
Jezus Kristus mei de duvel, dy't yn 'e kristlike kontekst respektivelik goed en kwea fertsjintwurdigje, op it skilderij De Ferlieding fan Jezus (nei Mattéus 4), fan Ary Scheffer (1854).

De teology fan it kristendom hellet syn ideeën oangeande goed en kwea út it Alde en it Nije Testamint fan 'e Bibel. De dogma's fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke berêste behalven op 'e kanon fan 'e Bibel ek op 'e lear fan 'e dominikaanske teolooch Tomas fan Aquino, dy't it kwea yn syn wurk Summa Theologica omskriuwt as "de ôfwêzigens fan it goede". De Frânsk-Amerikaanske teolooch Henri Blocher omskriuwt it kwea yn teologyske sin as "in reäliteit dy't net te ferantwurdzjen is."

Yn it mormonisme wurdt it stjerlike libben beskôge as in beproeving fan it leauwe, wêrby't jins dieden bepale wat der nei jins dea mei jins siel barre sil. It kalvinisme feroardielet wol it kwea, mar leaut tagelyk yn 'e predestinaasjelear, wat ynhâldt dat alles foarbestimd is. Dêrút folget dat neat dat in minske yn it libben docht, ek mar it minste feroarje kin oan it lot fan syn siel nei de dea. Christian Science leart dat it kwea fuortkomt út in misbegryp fan 'e reäliteit fan God, dat minsken derta bringt en kies derfoar om ferkearde dingen te dwaan. Dêrút folget dat God it kwea net skepen hat en ek dat der gjin selsstannich operearjende macht is dy't de boarne fan it kwea wêze kin (lykas Satan). Yn 'e optyk fan Christian Science is it skynbere kwea it resultaat fan it misbegryp fan it goede.

Yn 'e islaam bestiet gjin konsept fan it absolute kwea, yn 'e sin fan in fûneminteel universeel begjinsel dat op gelikense hichte stiet mei it goede. Fanwegen it tige strange monoteïsme fan 'e islaam is it nammentlik essinsjeel om te leauwen dat alles fan God komt, oft it (troch minsken) no beskôge wurdt as goed of as kwea. Alle saken dy't kwea of min of ferkeard binne, wurde yn 'e islaam sjoen as natuerlike foarfallen (lykas natoerrampen of sykten) of as dingen dy't feroarsake binne troch de frije wil fan 'e minskheid om 'e befellen fan God oerhearrich te wêzen. Sadwaande is Iblis, de duvel, yn 'e islaam ek gjin personifikaasje fan it absolute kwea, mar in fallen ingel dy't mei goedkarring fan God nei de ierde kommen is om 'e minsken by wize fan beproeving yn ferlieding te bringen.

Neffens de ahmadiyya-streaming fan 'e islaam hat it kwea gjin eigen bestean, mar is it inkeld de ôfwêzigens fan it goede, krekt sa't tsjuster it gefolch is fan 'e ôfwêzigens fan ljocht.

It sikhisme leart dat de beskôging fan it kwea feroaret ôfhinklik fan 'e posysje fan 'e beskôger op it paad nei de befrijing fan 'e siel. Yn 'e iere stadia fan spirituële groei lykje goed en kwea faak dúdlik faninoar skaat te wêzen. Neigeraden dat jins geast him ûntjout, sil lykwols it idee fan it kwea ferdwine en de wierheid ûntbleate wurde. Yn syn teksten skreau goeroe Arjan dat, om't God de boarne fan alle dingen is, wat minsken sjogge as kwea ek fan God komme moat. En om't God de boarne fan absolute goedheid is, kin neat dat wier kwea is fan him útgean.

Nettsjinsteande dat ken it sikhisme wol in list fan sûnden dy't lijen, korrupsje en negativiteit yn it algemien feroarsaakje. Dat binne moh (it hechte reitsjen oan dingen), lobh (deunens), krodh (lulkens), kaam (lust) en hankaar (egoïsme). Dy begripen steane bekend as de Fiif Dieven, om't se de leauwenden 'bestelle' fan harren rjochtskepenens. Immen dy't oan 'e Fiif Dieven tajout, is in manmukh, dy't egoïstysk en sûnder deugd libbet, wylst de gurmukh in rjochtskepen libben liede en boppe de sûnde út riizje troch deugdsumens.

It bahaïsme leart dat kwea it ûntbrekken fan goed is en op himsels net bestiet. De bahaïstyske foaroanman ’Abdu’l-Bahá (1844-1921) skreau: "Nettsjinsteande dat komt jin in twifel tebinnen – nammentlik: skorpioenen en slangen binne giftich. Binne hja goed of kwea, want it binne dochs besteande wêzens? Ja, in skorpioen is kwea yn ferhâlding ta de minske; in slange is kwea yn ferhâlding ta de minske; mar yn ferhâlding ta harsels binne se net kwea, want harren gif is harren wapen en troch harren stek ferdigenje se harsels." Kwea is sadwaande mear in yntellektueel konsept as in wiere reäliteit. Mei't God goed is en om't er nei de skepping befêstige dat dy goed wie (Genesis 1:31) kin it kwea gjin wiere reäliteit hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.