Star Trek: First Contact

Star Trek: First Contact is in Amerikaanske science fiction-film út 1996 ûnder rezjy fan Jonathan Frakes, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, Frakes sels en Brent Spiner. It wie de achtste film út 'e Star Trek-filmsearje, en de twadde dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Earste Kontakt". It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se werom yn 'e tiid reizgje om 'e ferovering fan 'e Ierde troch de grizelige, sybernetyske, bûtenierdske ras fan 'e Borg tsjin te kearen. Star Trek: First Contact krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste Star Trek-films dy't ea makke is. Yn 'e bioskopen wie de film ek in kommersjeel súkses. Star Trek: First Contact wûn trije Saturn Awards en waard nominearre foar de Oscar foar bêste fisazjy.

Star Trek: First Contact
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jonathan Frakes
produsint Rick Berman
Marty Hornstein
Peter Lauritson
senario Brannon Braga
Ronald D. Moore
basearre op Star Trek: The Next Generation
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Matthew F. Leonetti
muzyk Jerry Goldsmith
Joel Goldsmith
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Patrick Stewart
Jonathan Frakes
Brent Spiner
byrollen Michael Dorn
Marina Sirtis
LeVar Burton
Gates McFadden
Alice Krige
James Cromwell
Alfre Woodard
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 novimber 1996
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 111 minuten
budget en resultaten
budget $45 miljoen
opbringst $146 miljoen
prizen 3 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Star Trek (filmsearje)
● foarich diel Star Trek: Generations
● folgjend diel Star Trek: Insurrection

Plot bewurkje seksje

Yn in nachtmerje werbelibbet kaptein Jean-Luc Picard syn assimilaasje, seis jier earder, troch de Borg, in bûtenierdsk ras fan sybernetyske wêzens dy't biologyske en masinale skaaimerken kombinearje. (Dy assimilaasje wie te sjen yn 'e ôflevering The Best of Both Worlds fan Star Trek: The Next Generation.) Hy wurdt wekker yn syn kapteinshut oan board fan it romteskip de USS Enterprise-E. Koarte tiid letter siket admiraal Hayes út it haadkertier wei fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten kontakt mei him. De admiraal fertelt Picard dat de langferwachte oanfal fan 'e Borg op 'e Federaasje einlings kommen is: ien reuseftige Borg-kubus is it domein fan 'e Federaasje binnenkrongen, hat in koloanje ferwoastge en leit no op koers nei de Ierde. De Stjerrefloat lûkt dêr in grutte float gear om 'e Borg tsjin te kearen. Picard kriget lykwols befel om mei de Enterprise by de Neutrale Sône lâns te patrûljearjen, foar it gefal dat de Romulanen fan 'e omstannichheden gebrûk meitsje om in wraam op 'e Federaasje te dwaan. De lieding fan 'e Stjerrefloat is nammentlik fan betinken dat it belûken fan Picard by it konflikt mei de Borg, syn eardere ûnderfinings mei dy soarte yn acht nommen, "it yntrodusearjen fan in ynstabyl elemint yn in kritike sitewaasje" wêze soe.

Fan fierrens fangt de USS Enterprise de audiokommunikaasjes fan 'e float op, en as de striid yn it foardiel fan 'e Borg liket út te pakken, negearret Picard syn oarders en lit syn skip koers sette nei de Ierde. Dêr arrivearret er krekt op 'e tiid om 'e bemanning fan 'e slim skansearre USS Defiant te rêden troch harren oerstriele te litten nei de Enterprise. De befelfierend ofsier fan 'e Defiant is luitenant 1e klasse Worf, in Klingon dy't by de Stjerrefloat tsjinnet en in âld-bemanningslid fan 'e USS Enterprise. As it flaggeskip fan admiraal Hayes troch de Borg-kubus fuort dêrnei ferneatige wurdt, nimt Picard de lieding oer de float oer. Mei't er de ûnderlinge kommunikaasje fan 'e Borg yn syn holle hearre kin (nei't men oannimme mei in restearjend effekt fan syn eardere assimilaasje), befellet er de hiele float om it fjoer te iepenjen op in skynber ûnbelangryk diel fan 'e kubus, dy't dêrtroch ûntploft.

Op it lêste stuit foar de eksploazje ûntkomt lykwols in relatyf lyts, bolfoarmich Borg-skip út 'e grutte kubus yn 'e rjochting fan 'e Ierde. De Enterprise set de efterfolging yn. De Borg-bol wekket in tiidtwirre op en wurdt dêryn wei. De Enterprise wurdt yn it sok fan 'e bol yn deselde twirre beskerme tsjin 'e ynfloed fan 'e feroarings yn it ferline, en sjocht dêrtroch sûnder sels te feroarjen hoe't it oansjen fan 'e Ierde ynienen oars is: no wurdt de wrâld folslein befolke troch Borg en bestiet de minskheid net mear. Picard beseft dat de Borg-bol nei it ferline reizge is en dêr dingen útheeft hawwe moat dy't de rin fan 'e skiednis oanpast hawwe, sadat de Ierde yn it ferline al troch de Borg assimilearre is. Hy jout befel om 'e USS Enterprise de ynstoartende twirre yn te farren, om 'e Borg nei it ferline te efterfolgjen en tsjin te kearen wat se dêr fan doel binne te dwaan.

As de Enterprise út 'e twirre komt, wurdt oan 'e hân fan 'e stân fan 'e stjerren en de planeten fêststeld dat it 4 april 2063 is: de deis foar't it útfiner Zefram Cochrane yn 'e opbouperioade nei de Trêde Wrâldoarloch as earste minske slagge om in lyts stikje flugger-as-ljocht te reizgjen. Dat loek de oandacht fan in passearjend bûtenierdsk romteskip en late noch dyselde deis ta it earste kontakt fan 'e minskheid mei in bûtenierdske beskaving. De Borg-bol besjit de lokaasje yn Montana dêr't Cochrane syn histoaryske romteskip de Phoenix boude, en Picard jout opdracht om it fjoer te iepenjen. De Borg-bol wurdt sûnder swierrichheden ferneatige. It is no dúdlik dat de Borg besochten om it earste kontakt foar te kommen, dat der is Picard alles oan gelegen om derfoar te soargjen dat dat trochgiet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn mids ienentweintichste-iuwske momkape bejouwe hy, de androïde luitenant Data en adviseur Deanna Troi harren nei it ierdoerflak yn Montana, dêr't se yn it raketkompleks net Cochrane oantreffe, mar wol syn assistinte, de swarte frou Lily Sloane. De Phoenix sels is by de besjitting skansearre rekke en lekt radio-aktive strieling, dêr't Lily har sûnens troch oantaast is. Skipsdokter Beverly Crusher evakuëarret har foar in yngeande behanneling nei de sikeboech 'e USS Enterprise. In team fan technisy ûnder lieding fan kaptein-luitenant William T. Riker, de earste ofsier fan 'e Enterprise, en luitenant Geordi La Forge, de masinist, wurdt nei de Ierde roppen om 'e skea oan 'e Phoenix op te nimmen en reparaasjes te meitsjen.

Underwilens begjint de temperatuer oan board fan 'e Enterprise om ûnferklearbere redens op te rinnen, wylst ferskate bemanningsleden ferdwine. Nei't er Borg-stimmen yn syn holle heart, draacht Picard de lieding op it ierdoerflak oer oan Riker en keart dêrnei mei Data halje-trawalje nei syn skip werom. Luitenant Worf, dy't it befel oer it skip fierde yn ôfwêzigens fan Picard en Riker, rapportearret mear ûntrêstgjende nuverichheden, dêr't Picard út konkludearret dat de bemanning fan 'e Borg-bol himsels op 'e iene of oare wize ûngemurken oerstriele hawwe moat nei de Enterprise. De Borg binne úteinset mei de assimilaasje fan it skip en syn bemanning. Wannear't se de Enterprise ienris yn 'e hannen hawwe, sille se it skip sûnder mis brûke om 'e Ierde te feroverjen. Underwilens binne de Borg al opkrongen oant de sikeboech, dêr't dokter Crusher en ferpleechkundige Alyssa Ogawa mei harren pasjinten, ûnder wa Lily Sloane, troch in lûk en in ûnderhâldstunnel útnaaie moatte, wylst de holografyske needdokter de earste Borg-wurkers ôfliedt.

Yn Montana hat Deanna Troi ûnderwilens de grutte Zefram Cochrane opspoard. Ynstee dat er him nei de besjitting nei syn raketbunker ta hastige hie om 'e skea oan 'e Phoenix op te nimmen, wied er persiis de oare kant út draafd. It docht bliken dat Cochrane, dy't troch Riker, La Forge en harren manskippen as in legindaryske held sjoen wurdt, eins in leffe, egoïstyske sûplap is. Se kinne inkeld syn meiwurking krije troch him de wierheid te fertellen: dat se lju binne dy't út 'e takomst werom yn 'e tiid reizge binne om him te helpen syn plannen yn 'e praktyk te bringen, om't syn dwaan en litten fan krúsjaal belang is foar de ûntwikkeling fan net allinne de minskheid, mar it hiele bekende hielal. En dat de besjittings it wurk wiene fan in ras fan heal-biologyske cyborgs dy't krektlyk werom yn 'e tiid reizge binne om him tsjin te hâlden. Cochrane leaut dêr fansels neat fan, oant Riker him troch syn eigen tilleskoop de Enterprise yn in baan om 'e Ierde sjen lit.

Oan board fan 'e Enterprise ûntdekt Picard dat de Borg de kontrôle oer it kommunikaasjesysteem fan it skip oernommen hawwe, sadat er Riker-en-dy net fan harren nuodlike sitewaasje op 'e hichte stelle kin. As de Borg ek de oare skipssystemen oernimme wolle, lit er Data fluch-fluch safolle mooglik fan 'e skipskompjûter op 't slot sette efter in ûnbrekbere befeiligingskoade. It docht bliken dat de Borg harren basis fêstige hawwe yn 'e masinekeamers, dat Picard fettet it plan op om dêr binnen te kringen en ien fan 'e kuolplasmatanks stikken te slaan. It korrosive kuolplasma sil dan alle organyske stoffen fuortfrette, en al hoe'n grut part fan 'e Borg ek út masinale ûnderdielen bestean mei, sûnder har biologyske parten kinne se net trochlibje. De misje ûnder lieding fan Picard, Data en Worf draait lykwols út op in fiasko as blykt dat se de masinekeamers net binnenkomme kinne, wylst Data troch de Borg finzennommen wurdt. Hy wurdt fêstset yn 'e masinekeamer, dêr't er in wêzen moetet dat úthâldt de keninginne fan 'e Borg te wêzen. As Data dêrnei trochfreget, seit se dat se net de liedster fan it Borg-kollektyf is, mar dat se it Borg-kollektyf sels is.

Underweis werom nei de brêge wurdt Picard yn 'e krochten fan it skip oer it mad kommen troch de bange Lily Sloane, dy't op 'e flecht út 'e sikeboech by Crusher-en-dy wei útnaaid wie. Sy bedriget him mei syn eigen laserwapen (dat ûnbrûkber is tsjin 'e Borg), mar hy wit har fertrouwen te winnen troch har sjen te litten dat se har oan board fan in romteskip yn in baan om 'e Ierde befynt. Tegearre ûntkomme se út in troch de Borg oernommen part fan it skip troch op it holodek yn in holografyske neibearing fan in misdieroman oer de 1920-er jierren de feilichheidsprotokollen út te skeakeljen, sadat sels holografyske kûgels deadlik wurde. Picard brûkt dêrnei in Tommygun om in pear Borg-wurkers mei kûgels te trochsingeljen, wêrnei't er ien fan harren syn automatisearre ûnthâld ôfnimt. Sa komt er oan 'e weet dat de Borg fan doel binne om 'e deflektorskûtel fan 'e Enterprise om te bouwen ta in reuseftich beaken dêr't se kontakt mei sykje sille mei de Borg dy't yn dizze tiid libje. Ek al befine dy harren noch yn it fiere Delta Kwadrant, dochs sille se sûnder mis fersterkings stjoere sadree't se har fan 'e sitewaasje bewust wurde.

Op 'e Ierde hat Cochrane ûnderwilens sa syn nocht fan 'e ferearing troch it Stjerrefloatpersoniel, de ferhalen oer syn heldestatus, de skoallen dy't nei him ferneamd binne en it reuseftige stânbyld dat op dit plak foar him boud wurde sil, dat er besiket út te naaien. Riker en La Forge ferspylje kostbere tiid mei in klopjacht troch de wyldernis fan Montana. Uteinlik hat Riker gjin oare kar as om 'e útfiner mei syn laserwapen te ferdôvjen.

Oan board fan 'e Enterprise geane Picard, Worf en luitenant Hawk, de roerman fan it skip, yn romtepakken op in romtekuier oer de bûtenkant fan it skip. Se bejouwe harren nei de deflektorskûtel, dêr't de Borg dwaande binne mei de bou fan harren beaken boppe-op de dieltsjesgenerator yn it sintrum fan 'e skûtel. Picard-en-dy beslute de dieltsjesgenerator simpelwei los te keppeljen fan 'e rest fan 'e skûtel. By dy operaasje wurdt Hawk assimilearre troch de Borg. As er neitiid Picard oanfalt, wurdt er delsketten troch Worf. De dieltsjesgenerator wurdt loskeppele en driuwt de romte yn, mei de Borg-wurkers dy't mei it beaken dwaande binne der noch op. As it ding fier genôch fan 'e Enterprise ôf is, ferneatiget Worf it mei in inkeld skot út syn lasergewear.

Neitiid sette de Borg harren assimilaasje fan 'e USS Enterprise en syn bemanning troch. Om't de wurkers ymmún binne foar de laserwapens fan it Stjerrefloatpersoniel, kin de bemanning net folle dwaan om dat tsjin te kearen. Worf en dokter Beverly Crusher steane der sadwaande by Picard op oan om it skip, en dêrmei de Borg, te ferneatigjen, mar de kaptein, dy't trochfjochtsje wol oant de bittere ein, wol dêr neat fan witte en reägearret mei de suggestje dat Worf in leffert is. Nei dy útbarsting kinne de Stjerrefloatofsieren har net mear tsjin 'e oarders fan Picard fersette. Mar Lily Sloane leit har der net by del. Se konfrontearret Picard mei syn bernige, yrrasjonele hâlden en dragen, dat se ferliket mei kaptein Ahab út 'e ferneamde roman Moby-Dick, fan Herman Melville, in njoggentjinde-iuwske seekaptein dy't de libbens fan syn bemanning op it spul sette om wraak te nimmen op 'e wite walfisk dy't him syn skonk ôfbiten hie. Dy wurden kringe einlings ta Picard troch, en hy beseft dat se gelyk hat: hy hat him liede litten troch syn eigen ferlet om wraak te nimmen op 'e Borg foar wat dy him seis jier lyn oandien hawwe.

Picard ûntskuldiget him foar Worf oer, en hy, Worf en Crusher stelle it selsferneatigingsmeganisme fan 'e Enterprise yn wurking. De bemanning en Lily Sloane ferlitte it skip yn rêdingssloepen, wêrmei't se omleech gean sille nei it ierdoerflak. Dêr sille de bemanningsleden harren libbens yn in ôfhandich diel fan Noard-Amearika útlibje. Picard wol lykwols noch besykje om Data te rêden. Yn 'e masinekeamer hat de Borg-keninginne ûnderwilens besocht om Data te ferlieden ta it priisjaan fan 'e befeiligingskoade, sadat se tagong ta de folsleine skipskompjûter krije kin. Dat docht se troch biologyske hûd op syn masinale binnenste te kweken. Foar Data, waans doel altyd west hat om minskliker te wurden, binne de sensaasjes fan gefoel dy't er dêrtroch foar it earst belibbet, tige wichtich. Picard besiket om himsels oan 'e Borg-keninginne te jaan yn ruil foar de frijlitting fan Data, mar de keninginne makket him dúdlik dat se gjin ferlet mear fan him hat, om't se yn Data in bettere partner fûn hat. Data befêstiget dat troch syn befeiligingskoade yn te fieren en de skipskompjûter frij te jaan.

Op 'e Ierde is Cochrane, nei't er wekker wurden is, bepraat om dochs troch te setten mei syn flugger-as-ljochtflecht. Mei Riker en La Forge as ko-piloaten en Troi dy't lieding jout oan it ûnderstypjende personiel op 'e grûn set de lansearring fan 'e Phoenix ûnder begelieding fan lûde rockmuzyk útein. Oan board fan 'e Enterprise folgje Picard, Data en de Borg-keninginne it opstigen fan 'e raket. Nei't dy de romte binnenkrongen is, mar foar't de flugger-as-ljochtflecht begjinne kin, jout de Borg-keninginne Data de opdracht om 'e Phoenix te ferneatigjen. Data fjurret, ta ôfgriis fan Picard, sûnder te wifeljen trije romtetorpedo's ôf. Dy misse lykwols de Phoenix om't Data de Borg-keninginne bedragen hat: wylst er har taropt: "Ferset is sinleas" (it biedwurd fan 'e Borg), slacht er ien fan 'e kuolplasmatanks lek, sadat de masinekeamer folstreamt mei it korrosive plasma, dat lykwols deunby de flier bliuwt om't it swierder is as lucht. Picard klimt gau-gau oan keabels boppe de plasmalaach út, en Borg-keninginne grypt syn skonken beet om mei omheech, mar Data skuort har werom nei ûnderen.

Nei't it plasma fuortsûgd is de romte yn, docht bliken dat fan 'e Borg-keninginne inkeld noch in fan knipperjende ljochtsjes foarsjoene roboatyske plasse en rêchbonke oer binne. Picard brekt de rêchbonke midstwa, wêrnei't de ljochtsjes útgeane. Mei de dea fan 'e Borg-keninginne, falle ek alle Borg-wurkers derhinne. Data is yn 'e plasmalaach alle nije biologyske hûd kwytrekke. Hy fertelt Picard dat er him "in skoft lang" op in hier nei ferliede litten hat troch it oanbod fan 'e Borg-keninginne. Dêr wurdt Picard al kjel fan, mar as er witte wol hoe lang dan, antwurdet Data: "0,68 sekonde."

De flugger-as-ljochtflecht fan Cochrane-en-dy ferrint sûnder fierdere swierrichheden, en de spoaren dy't dy flecht neilit, lûke yndie de oandacht fan in passearjend bûtenierdsk romteskip. Dat wykt dêrtroch ôf fan syn koers en set him dyselde jûns noch del by Cochrane syn raketkompeks yn Montana. It is eefkes nei midsnacht op 5 april as dêr in Vulcaniër út stapt, dy't troch Cochrane, dêrta oantrune troch Riker, begroete wurde. No't de skiednis reparearre is, beslút de bemanning fan 'e Enterprise ta in diskrete eksit. Picard nimt ôfskie fan Lily Sloane en wurdt mei de oare bemanningsleden wer opstriele nei syn skip. La Forge past it bôgefaasjefjild fan 'e Enterprise oan 'e foarm fan 'e troch de Borg-bol feroarsake tiidtwirre oan, en it skip reizget troch de tiid werom nei de fjouwerentweintichste iuw.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Sir Patrick Stewart.
 
Jonathan Frakes.
 
Brent Spiner.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Jean-Luc Picard sir Patrick Stewart
kaptein-luitenant William T. Riker Jonathan Frakes
luitenant 1e klasse Data Brent Spiner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant 1e klasse Worf Michael Dorn
kaptein-luitenant adviseur Deanna Troi Marina Sirtis
luitenant 1e klasse Geordi La Forge LeVar Burton
kaptein-luitenant dokter Beverly Crusher Gates McFadden
de Borg-keninginne Alice Krige
Zefram Cochrane James Cromwell
Lily Sloane Alfre Woodard
luitenant Hawk Neal McDonough
luitenant Reginald Barclay Dwight Schultz
ferpleechkundige Alyssa Ogawa Patti Yasutake
stim fan 'e skipskompjûter Majel Barrett
holografyske needdokter Robert Picardo (cameo)
haadober yn holodeknachtklub Ethan Phillips (cameo)
luitenant Daniels Michael Horton
admiraal Hayes Jack Shearer
stim fan 'e Borg Jeff Coopwood
Vulcaniër Cully Fredricksen

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Preproduksje bewurkje seksje

Yn febrewaris 1995, twa moannen nei't Star Trek: Generations, de foargeande film út 'e Star Trek-filmsearje, út kommen wie, joech filmstudio Paramount Pictures opdracht foar de produksje fan in nije, achtste film, dy't op 'e tiid klear wêze moast foar de kryst fan 1996. Dat soe mei-iens de twadde film wurde dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation (de earste seis films wiene basearre op Star Trek: The Original Series). Brannon Braga en Ronald D. Moore, dy't ferantwurdlik west hiene foar it senario fan 'e foargeande film, waarden ynhierd om ek it skript fan 'e nije film te skriuwen.

Braga en Moore woene in film oer de Borg meitsje, in grizelich ras fan bûtenierdske cyborgs mei ien grut kollektyf ferstân, dy't eltsenien dy't se tsjinkomme assimilearje en ek ta Borg meitsje wolle. De Borg hiene har net folle mear oppenearre sûnt de ôflevering The Best of Both Worlds, út it fjirde seizoen fan Star Trek: The Next Generation. Foar in part kaam dat troch de beheinings fan it budget fan in tillefyzjesearje, mar ek spile in rol dat de tillefyzjeprodusinten benaud wiene dat de Borg harren grizeligens ferlieze soene as se tefolle toand waarden. Filmprodusint Rick Berman woe lykwols dat de nije film oer tiidreizgjen gean soe. Yn oerlis waard besletten en ferwurkje beide eleminten yn it ferhaal. Earst wiene se fan doel om 'e USS Enterprise efter de Borg oan te stjoeren nei de Renêssânse, mar út soarch dat sokt te "kitscherich" lykje soe (en om't haadrolspiler sir Patrick Stewart by heech en by leech wegere om in maillot te dragen), waard besletten om ynstee nei de twadde helte fan 'e ienentweintichste iuw werom te reizgjen.

Nei't it skynt waarden Ridley Scott en John McTiernan frege as regisseur, mar allebeide sloegen se it oanbod ôf. Patrick Stewart hie, sa fertelde er letter, in moeting hân mei in kandidaat-regisseur (dy't er net by namme neamde), mar kaam ta de konklúzje dat dy persoan "neat fan Star Trek ôfwist." De produsinten besleaten dat de regisseur immen wêze moast dy't de franchise begriep, dat doe't Jonathan Frakes him oppenearre, waard dy oannommen. Frakes wie de akteur dy't de rol fan earste ofsier William T. Riker spile, en hy hie al ferskate ôfleverings fan Star Trek: The Next Generation regissearre. As filmprodusinten wiene behalven Berman ek Marty Hornstein en Peter Lauritson foar studio Paramount by it projekt belutsen. Der wie foar de film in budget beskikber fan $45 miljoen, in ferheging fan $10 miljoen yn ferhâlding mei Star Trek: Generations.

Casting bewurkje seksje

Utsein Wil Wheaton, dy't yn Star Trek: The Next Generation de jonge Wesley Crusher spile hie, wie de hiele cast fan 'e searje fan 'e partij. Ferskate oare akteurs dy't yn 'e searje figurearre hiene, wiene ek (hiel koart) yn Star Trek: First Contact te sjen, lykas as Dwight Schultz as luitenant Reginald Barclay en Patti Yasutake as ferpleechkundige Alyssa Ogawa. Whoopi Goldberg, dy't yn 'e searje en ek yn 'e foargeande film Star Trek: Generations de rol fan 'e wize barkeepster Guinan spile hie, kearde lykwols net yn dy rol werom. Sy moast út 'e kranten fernimme dat se út it senario skreaun wie. Robert Picardo en Ethan Phillips, dy't ta de fêste cast fan 'e searje Star Trek: Voyager hearden, hiene cameo's yn Star Trek: First Contact.

Alice Krige, dy't de rol fan 'e Borg-keninginne spile, hie hiel wat te stellen mei har rol, mei't har kostúm te nau wie en blierren feroarsake, wylst se har pynlike sulveren kontaktlinzen mar fjouwer minuten efterinoar drage koe. Hja soe letter nochris yn deselde rol weromkeare yn Endgame, de slotôflevering fan 'e tillefyzjesearje Star Trek: Voyager. De rol fan Zefram Cochrane waard oan James Cromwell taparte nei't de earste kar fan 'e filmmakkers, Tom Hanks, dy't in grut fan fan Star Trek wie, ûnbeskikber bliek te wêzen fanwegen oare ferplichtings (te witten: de opnamen fan That Thing You Do!). Aktrise Alfre Woodard, dy't alris nonimearre west hie foar in Oscar, waard foar de rol fan Lily Sloane frege troch Frakes, dy't goed mei har befreone wie. Woodard fertelde letter dat se Lily beskôge as it meast op harsels lykjende personaazje dat se ea spile hie.

Opnamen en postproduksje bewurkje seksje

De opnamen foar Star Trek: First Contact fûnen oan 'e ein fan 'e maityd en it begjin fan 'e simmer fan 1996 plak, en setten útein mei twa wiken fan filmjen op lokaasje yn Arizona en Kalifornje. Pas dêrnei ferhuze de hiele produksje nei de studio foar de binnendoarsênes. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew F. Leonetti. De opnamen einigen op 2 july, twa dagen oer skema, mar noch altyd binnen it budget.

De filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith, dy't dêrfoar omreden fan tiidneed gearwurke mei syn soan Joel. Oars as by eardere Star Trek-films it gefal wie, omfette de soundtrack fan Star Trek: First Contact twa bekende lieten: Ooby Dooby fan Roy Orbison en Magic Carpet Ride fan Steppenwolf.

De Borg waarden troch kostúmûntwerpers en fisazjisten Deborah Everton, Michael Westmore, Scott Wheeler en Jake Garber hielendal op 'e nij ûntwurpen om it lykje te litten as waarden libbene wêzens fan binnenút yn masines feroare. It duorre fjouwer kear sa lang om alle make-up oan te bringen as by de 'âlde' Borg yn Star Trek: The Next Generation. De special effects waarden útbestege oan Industrial Light & Magic (ILM) fan George Lucas, dêr't men allinne al fiif moannen besteld wie mei it koarte shot wêryn't de holle en sybernetyske rêchbonke fan 'e Borg-keninginne yn in masinaal lichem sakje litten wurde.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Trek: First Contact waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 18 novimber 1996 yn Mann's Chinese Theater yn Hollywood yn premiêre, om dêrnei op 22 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen te iepenjen. It byhearrende soundtrackalbum (Ooby Dooby en Magic Carpet Ride ynbegrepen) waard op 2 desimber 1996 útbrocht troch platemaatskippij GNP Crescendo. Star Trek: First Contact waard ein 1997 útbrocht as VHS-keapfideo. It wie ien fan 'e earste films dy't op dvd útkaam, yn 1998. De earste blu-ray-edysje fan 'e film datearre út 2009.

Untfangst bewurkje seksje

Star Trek: First Contact krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa skreau Kenneth Turan yn 'e Los Angeles Times: "First Contact docht alles dat je wolle dat in Star Trek-film docht, en dizze film docht dat ek noch fleurich en stylfol." Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times neamde Star Trek: First Contact ien fan 'e bêste films fan 'e franchise, en James Berardinelli fûn it de fermaaklikste Star Trek-film yn in desennium. Neffens him hie de film "eigenhandich de Star Trek-filmsearje nij libben ynblaasd, teminsten út in kreätyf perspektyf wei besjoen."

Wat it aktearjen oanbelange, wie der benammen lof foar it wurk fan Brent Spiner as Data, James Cromwell as Zefram Cochrane, Alfre Woodard as Lily Sloane en sir Patrick Stewart as kaptein Jean-Luc Picard. Data syn ynteraksje mei de Borg-keninginne waard rûnom beskôge as ien fan 'e ynteressantste ferhaallinen fan 'e film. Richard Corliss, fan it tydskrift Time, wie benammen te sprekken oer it aktearjen fan Stewart, dêr't er oer skreau: "As Patrick Stewart in regel tekst útsprekt mei de majestueuze grimmitigens dy't in earder lid fan 'e Royal Shakespeare Company wurdich is, falt it publyk de mûle iepen fan ûntsach foar in special effect dat ymposanter is as lykfol hokker optinksel fan ILM. Dit is wier aktearjen! Yn in Star Trek-film!"

In inkeling hie net folle mei Star Trek: First Contact op. Sa skreau Janet Maslin yn The New York Times dat "foar de omslachtich yngewikkelde plot fan 'e film alle sjoggers útsein de meast trochwintere oanhingers fan 'e searje tebekskrilje sille." Hja fûn ek dat de Star Trek-filmsearje sûnder de cast fan Star Trek: The Original Series "no […] in grut diel fan syn eardere trochsettingsfermogen misse moat. De rige is feroare yn eat dat minder ûnskuldich en mear neibearend is as it foarhinne wie, eat dêr't immen dy't net ta de Star Trek-sekte heart folle minder gau fan genietsje sil."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Star Trek: First Contact in heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 60 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't fans fan 'e searje [dizze film] perfoarst wurdearje sille, is First Contact ek spannend, meislepend en fisueel oantreklik genôch om lju te fermeitsjen dy't neat fan Star Trek ôfwitte." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek: First Contact in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 18 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Star Trek: First Contact brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $92,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $54,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $146 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $45 miljoen betsjut dat in winst fan $101 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Star Trek: First Contact wie bûten de Feriene Steaten de bêste prestearjende Star Trek-film oant Star Trek, de earste film fan 'e reboot-filmsearje, yn 2009 útkaam.

Prizen bewurkje seksje

Star Trek: First Contact waard yn 1997 nominearre foar de Oscar foar bêste fisazjy, mar ferlear fan it Eddie Murphy-fehikel The Nutty Professor. By de Saturn Awards waard de film nominearre foar prizen yn tsien kategoryen, wêrûnder bêste science fiction-film, bêste akteur (sir Patrick Stewart) en bêste regisseur (Jonathan Frakes). Star Trek: First Contact wûn trije Saturn Awards, foar bêste byrol fan in akteur (Brent Spiner), bêste byrol fan in aktrise (Alice Krige) en bêste kostúmûntwerp (Bob Blackman en Deborah Everton). Jerry Goldsmith wûn in BMI Film Music Award foar syn filmmuzyk. Star Trek: First Contact waard ek nominearre foar de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)