Star Trek (film)
Star Trek is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 2009 ûnder rezjy fan J.J. Abrams, mei yn 'e haadrollen Chris Pine, Zachary Quinto en Zoe Saldana. De titel betsjut "Stjerretocht". De film wie it alfde diel út 'e Star Trek-filmsearje, en it earste diel fan 'e reboot-filmsearje, wêryn't de franchise wer fan foarren ôf oan begjint. It ferhaal foarmet sadwaande in prequel fan Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren en giet oer de haadpersoanen fan dy tillefyzjesearje as se foar it earst mei-inoar yn 'e kunde komme. Star Trek fynt lykwols plak yn in oare reäliteit, om't de Romulaan Nero en de oarspronklike Spock mei harren tiidreizgjen de takomst fan it hielal bliuwend feroare hawwe. De makkers fan 'e film keazen dêrfoar om har net hâlde te hoegen oan 'e Star Trek-kanon sa't dy him sûnt 1966 ûntjûn hie. Star Trek waard troch de filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûnthelle en groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses en de meast opbringende Star Trek-film oant doe ta. De film wûn in Oscar, in Screen Actors Guild Award, twa Saturn Awards, in Satellite Award en in Empire Award en waard nominearre foar in grut tal oare prizen. Yn 2013 kaam de ferfolchfilm Star Trek: Into Darkness út.
Star Trek | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | J.J. Abrams | |
produsint | J.J. Abrams Damon Lindelof Bryan Burk | |
senario | Roberto Orci Alex Kurtzman | |
basearre op | Star Trek: The Original Series fan Gene Roddenberry | |
kamerarezjy | Dan Mindel | |
muzyk | Michael Giacchino | |
filmstudio | Spyglass Entertainment Bad Robot Productions K/O Paper Products | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Chris Pine Zachary Quinto Zoe Saldana | |
byrollen | Karl Urban Simon Pegg John Cho Anton Yelchin Eric Bana Leonard Nimoy Bruce Greenwood | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 7 april 2009 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 127 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $150 miljoen | |
opbringst | $385,5 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × SAG Award 2 × Saturn Award 1 × Satellite Award 1 × Empire Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Trek | |
● foarich diel | Star Trek: Nemesis | |
● folgjend diel | Star Trek: Into Darkness |
Plot
bewurkje seksjeYn 'e trijeëntweintichste iuw ûndersiket de USS Kelvin, in Ierdsk romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, eat dat derút sjocht as in "swierwaarbui yn 'e romte". In Romulaansk romteskip, de Narada, ferskynt út 'e "bui" en falt de USS Kelvin oan. As oan it Federaasjeskip swiere skea tabrocht is, easket Ayel, de Romulaanske earste ofsier, dat kaptein Richard Robau fan 'e USS Kelvin oan board fan 'e Narada komme sil om oer in sjitferbod te ûnderhanneljen. Nei't er dêr oankommen is, wurdt Robau lykwols troch Nero, de kaptein fan 'e Narada, ûnderfrege oer in "ambassadeur Spock", fan wa't er noch nea heard hat, en oer de hjoeddeistige stjerredatum. As syn antwurd op dy lêste fraach Nero net befalt, deadet dy him, om dêrnei de oanfal op 'e USS Kelvin te ferfetsjen.
George Kirk, de earste ofsier fan 'e USS Kelvin, jout opdracht ta de evakuaasje fan it skip. Under de opfarrenden is syn frou Winona, dy't op datseldichste stuit yn 'e weeën leit. Hja wurdt halje-trawalje oerbrocht nei in medyske shuttle, dêr't Kirk him by har jaan sil. As er de brêge fan 'e USS Kelvin ferlitte wol, blykt lykwols dat de automatyske piloat stikken is. Om syn frou en bern en alle oare opfarrenden te rêden, beslút Kirk oan board fan it skip te bliuwen en hânmjittich in raamkoers op 'e Narada yn te setten. Hy libbet langernôch om fia in radioferbining it earste gûlen te hearren as syn soan te wrâld komt, dy't nei syn beide pakes James Tiberius Kirk neamd wurdt.
Santjin jier letter wurdt op 'e planeet Vulcanus de jonge Spock, de healbloed-soan fan 'e Vulcanyske diplomaat Sarek en dy syn minsklike frou Amanda Grayson, talitten ta de Vulcanyske Akademy fan Wittenskippen. Spock is in karakteristike Vulcaniër, mei't er war docht om eltse emoasje te ûnderdrukken en yn alles de logika te folgjen. Dat slagget him altyd wûnderwol, mar hy hat ien swak plak: krityk op syn minsklike mem kin er min ferneare. As er foar it ferstân kriget dat de Vulcanyske autoriteiten him ta de akademy talitten hawwe "nettsjinsteande syn beheining", dêr't men syn mem mei bedoelt, betanket er foar de ear en nimt er ynstee tsjinst by de Stjerrefloat.
Fiif jier dêrnei is Jim Kirk op 'e Ierde opgroeid ta in yntelliginte mar rebelske jongeman, dy't allegeduerigen dwerse en domdryste dingen docht. Yn in kroech dêr't in protte kadetten fan 'e militêre akademy fan 'e Stjerrefloat komme, besiket er de tsjeppe Nyota Uhura te fersieren. Hja hat dêr gjin belangstelling foar en poeieret him ôf, wêrnei't er slaanderij kriget mei in stikmannich manlike kadetten. De fjochtpartij wurdt in ein oan makke troch kaptein Christopher Pike fan 'e USS Enterprise. As dyselde foar it ferstân kriget dat Kirk de soan is fan syn âlde maat George Kirk, fiteret er him oan om tsjinst te nimmen by de Stjerrefloat. Kirk liket dat earst wol nei fleanen, mar nei't er der in nachtsje oer sliept hat, beslút er Pike syn útdaging oan te nimmen. Hy skriuwt him yn foar de militêre akademy, dêr't er fuortendaliks al yn 'e kunde komt mei de pessimistyske dokter Leonard McCoy, dy't meitiid syn bêste freon wurdt.
Noch wer trije jier letter stiet de lichting fan Kirk, McCoy en Uhura op it punt om ôf te studearjen oan 'e militêre akademy. Kirk, dy't min tsjin syn ferlies kin, pakt noch altyd om mei de ûnwinbere gefjochtssimulaasje mei it romteskip de Kobayashi Maru. Hy hat in oanfraach dien om 'e simulaasje foar de trêde kear dwaan te meien. Diskear hackt er yn 't foar it kompjûterprogramma fan 'e simulaasje, dêr't er sadanige feroarings yn oanbringt dat er diskear sûnder swierrichheden winne kin. Neitiid beskuldiget Spock, de gearstaller fan 'e simulaasje, Kirk fan falskspyljen. Kirk ferwarret him mei it argumint dat er dêrta twongen waard om't de simulaasje mei opsetsin ûnwinber makke wie. De formele harksitting oer de saak wurdt ûnderbrutsen as der in alaarmsinjaal opfongen wurdt dat fan Vulcanus komt. Mei't de primêre float fier fuort op oefening is, wurde de kadetten mobilisearre, en Kirk, McCoy en Uhura, dy't in romantyske relaasje mei Spock blykt te ûnderhâlden, komme allegear op 'e USS Enterprise telâne, dêr't Spock ek tsjinnet as earste ofsier ûnder kaptein Pike.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As de float ôfset nei Vulcanus, begiet kadet Hikaru Sulu, de piloat, troch ûnûnderfûnenens in flater dy't makket dat de USS Enterprise pas in stikmannich minuten letter fuortkomme kin. Underweis praat navigator Pavel Chekov de bemanning fia it kommunikaasjesysteem fan it skip by oer harren misje. Hy fertelt dat der by Vulcanus in nuver ferskynsel waarnommen is dat wol in "swierwaarbui yn 'e romte" liket. Kirk beseft oan 'e hân fan dy omskriuwing dat it gean moat om in Romulaanske oanfal sa't dy 25 jier lyn ek de USS Kelvin ferneatige hat. Hy ferbrekt it Stjerrefloatprotokol yn syn haast om kaptein Pike te warskôgjen dat se op in oarlochssitewaasje ta geane. Pike beslút it wisse foar it ûnwisse te nimmen en de enerzjyskylden fan 'e USS Enterprise te aktivearjen foar't er út bôgefaasje weromfalt nei de reële romte. As de Enterprise by Vulcanus arrivearret, komt it skip telâne yn in grut fjild fan brokstikken besteande út 'e restanten fan 'e rest fan 'e kadettefloat, dy't troch de Narada oan gruzeleminten sketten is.
Underwilens is de Narada úteinset mei it boarjen fan in gat yn it oerflak fan Vulcanus nei de planetêre kearn. De Narada falt de USS Enterprise oan en blykt in folle mear avansearre bewapening te hawwen, sadat kaptein Pike syn skip oerjaan moat. Krekt as fiifentweintich jier earder mei kaptein Robau fan 'e USS Kelvin barde, wurdt Pike ûntbean oan board fan 'e Narada. Sawol Kirk as Spock besykje Pike dat te ûntpraten, mar de kaptein sjocht der in kâns yn om syn wichtichste doel te berikken. Hy lit de USS Enterprise efter ûnder lieding fan Spock en nimt Kirk, Sulu en masinist Olson mei yn 'e shuttle dêr't er mei nei de Narada fljocht. Underweis lit er de trije mannen in parasjutesprong meitsje by de planetêre boar. Olson komt om, mar Kirk en Sulu witte it boarplatfoarm te berikken en dat te sabotearjen. Se binne lykwols te let, mei't it boargat al oan 'e planetêre kearn ta rikt. Nero lansearret in drip fan in saneamde 'reade matearje' yn it gat, dat in swart gat kreëarret yn 'e kearn fan Vulcanus. Yn luttele minuten wurdt de folsleine planeet mei de hiele Vulcanyske beskaving yn it swarte gat sûcht en finaal ferneatige. Spock wit syn heit Sarek en in diel fan 'e Vulcanyske Hege Ried, de hoeders fan 'e Vulcanyske kultuer, te rêden, mar syn mem Amanda komt om.
Nei it fergean fan Vulcanus set de Narada mei kaptein Pike noch oan board ôf nei de Ierde. Nero is fan doel om ek de Ierde te ferneatigjen en martelet Pike om 'e definsjekoades fan 'e Stjerrefloat los te krijen. Spock, dy't no kaptein fan 'e USS Enterprise is, beslist dat it skip him by de primêre float fan 'e Stjerrefloat foegje moat. Kirk, dy't troch Pike foar't dyselde ôfsette, oansteld is as earste ofsier, is it dêr folslein net mei iens en stiet ynstee in efterfolging fan 'e Narada nei de Ierde foar. De rûzje eskalearret ta it punt dat Spock Kirk fan 'e brêge ferwiderje lit. As Kirk him fysyk ferset tsjin 'e befeiligingslju dy't dat befel útfiere, lit Spock him efter op 'e iisplaneet Delta Vega.
Dêr moetet Kirk in Spock op jierren, dy't útleit dat hy en Nero fan 129 jier út 'e takomst komme. Yn syn tiid waard de planeet Romulus bedrige troch in supernova; hy (Spock) waard útstjoerd om mei saneamde 'reade matearje' in keunstmjittich swart gat te skeppen dêr't de supernova yn ferdwine soe foar't er de planeet berikke koe. Mar Romulus, de thúsplaneet fan 'e Romulanen, waard ferneatige ear't Spock dat foarkomme koe. Nero, dy't by dy ramp syn hiele famylje kwytrekke, joech Spock dêr de skuld fan en foel Spock oan doe't er (te let) dochs noch in swart gat skoep om 'e supernova te ferswolgjen. Sawol de Narada as it skip fan Spock kamen fêst te sitten yn 'e ûnbidige swiertekrêft fan it swarte gat en waarden deryn opsûgd om 129 jier yn it ferline wer útspuid te wurden. Om't de Narada it earst yn it swarte gat ferdwûn, kaam er der ek it earst wer út, 25 jier lyn, doe't Nero de USS Kelvin ferneatige. Sûnt dy tiid wachte er op 'e oankomst fan Spock, dy't pas in dei lyn yn (foar him) it ferline oankaam. Nero, dy't in fearnsiuw hân hie om him hjirop ta te rieden, naam Spock finzen en pakte him syn skip en de 'reade matearje' ôf, wêrnei't er him op Delta Vega efterliet, sadat er tsjûge wêze kinne soe fan 'e ferneatiging fan syn thúswrâld Vulcanus.
Tegearre berikke Kirk en de oarspronklike (âlde) Spock in bûtenpost fan 'e Stjerrefloat op Delta Vega dêr't se de geniale masinist Montgomery Scott moetsje, dy't letter yn syn libben ûntdekke sil hoe men jinsels oerstrielje kin nei in romteskip dat mei bôgefaasje ûnderweis is troch de romte. Om't se dêr no net op wachtsje kinne, spilet Spock falsk troch Scott de oplossing fan dat probleem yn te skunen. Hy drukt Kirk op it hert om yn gjin gefal de jonge Spock oer him te fertellen. Dêrnei strielje Scott en Kirk harrensels nei de USS Enterprise, dêr't Kirk, advys opfolgjend dat de âlde Spock him jûn hat, de jonge Spock sa ferget dat er in emosjonele útbarsting kriget dy't oantoant dat er troch de ferneatiging fan Vulcanus foarearst net mear geastlik stabyl genôch is om kaptein te bliuwen. Kirk nimt it befel oer it skip oer en lit it omkeare en nei it Sinnestelsel fleane, efter de Narada oan. Nei't er mei syn heit Sarek sprutsen hat, beslút Spock om Kirk nei syn bêste kinnen te helpen yn 'e hoedanichheid fan earste ofsier.
Wylst de USS Enterprise himsels ferberget yn 'e gaswolkens fan Titan, de moanne fan Saturnus, strielje Kirk en Spock harrensels oan board fan 'e Narada. Kirk bynt de striidt oan mei Nero en dy syn earste ofsier Ayel, wêrby't er dy lêste deadocht en kaptein Pike wit te rêden. Spock stelt ûnderwilens it ienmansskip fan 'e âldere Spock, dêr't de boardkompjûter him bergroetet mei de wurden "Wolkom werom, ambassadeur Spock." De jonge Spock liedt dêr syn eigen konklúzjes út ôf. Hy brûkt it skip om 'e boar fan 'e Narada, dy't al begûn is mei it boarjen nei de planetêre kearn fan 'e Ierde, te fernielen. Dêrnei lokket er de Narada út it Sinnestelsel wei en set syn skipke op raamkoers mei it Romulaanske skip. De USS Enterprise ferskynt op it toaniel en strielet Kirk, Spock en Pike oan board, wêrnei't by de botsing tusken de Narada en it skip fan 'e âldere Spock troch alle restearjende 'reade matearje' in nij swart gat ûntstiet, dy't it Romulaanske skip opsûcht. Kirk biedt Nero help oan, mar dy stegeret him ôf en tekenet dêrmei syn eigen deafûnis.
Yn 'e neisleep fan alle ferwikkelings wurdt Kirk befoardere ta kaptein fan 'e USS Enterprise yn it plak fan Pike, dy't sels promoasje makket ta skout-by-nacht. De jonge Spock moetet syn âldere sels, dy't him útleit dat syn opdracht oan Kirk om net oer syn bestean te praten, bedoeld wie om Kirk en syn jongere sels sûnder tuskenkomst fan him ûntdekke te litten hoe goed oft se gearwurkje kinne. No't der noch mar in 10.000 Vulcaniërs oer binne (al dyjingen dy't tafallich net op harren thúswrâld oanwêzich wiene doe't dy fergie), is de jonge Spock fan doel om út 'e Stjerrefloat ôf te swaaien om te helpen by it oerlibjen fan syn soarte, ek al soed er sels leaver in karriêre as ofsier yn 'e Stjerrefloat neistribje. Syn âldere sels ûntpraat him syn plannen troch derop te wizen dat hy de seldsume lúkse hat dat er op twa plakken tagelyk wêze kin. Spock beslút dan yn 'e Stjerrefloat te bliuwen en wurdt Kirk syn earste ofsier oan board fan 'e USS Enterprise. Dat skip set ôf op in fiifjierrige misje om 'e Molkewei te ferkennen.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
James T. Kirk | Chris Pine |
Spock | Zachary Quinto |
Nyota Uhura | Zoe Saldana |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
dokter Leonard McCoy | Karl Urban |
Montgomery Scott | Simon Pegg |
Hikaru Sulu | John Cho |
Pavel Chekov | Anton Yelchin |
Nero | Eric Bana |
de oarspronklike Spock | Leonard Nimoy |
kaptein Christopher Pike fan 'e USS Enterprise | Bruce Greenwood |
George Kirk | Chris Hemsworth |
kaptein Richard Robau fan 'e USS Kelvin | Faran Tahir |
Winona Kirk | Jennifer Morrison |
Sarek, Spock syn heit | Ben Cross |
Amanda Grayson, Spock syn mem | Winona Ryder |
Ayel | Clifton Collins jr. |
masinist Olson | Greg Ellis |
Gaila | Rachel Nichols |
Keenser (assistint fan Scott) | Deep Roy |
kompjûterstim fan 'e USS Enterprise | Majel Barrett |
James T. Kirk (12 jier) | Jimmy Bennett |
Spock (12 jier) | Jacob Kogan |
baraklieder | Paul McGillion |
luitenant Kyle | Chris Doohan |
haad fan 'e Vulcanyske Wittenskipsried | W. Morgan Sheppard |
styfheit fan Kirk | Greg Grunberg (as stimakteur) |
admiraal Richard Barnett | Tyler Perry |
Romulaanske kaptein-luitenant | Pasha Lychnikoff |
Romulaanske kommunikaasje-ofsier | Lucia Rijker |
ferskate Romulanen | Wil Wheaton |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeFoarskiednis
bewurkje seksjeIt idee foar in prequel fan Star Trek: The Original Series wêryn't de personaazjes út dy tillefyzjesearje folge wurde soene by harren oplieding oan 'e militêre akademy fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco, wie net nij. Star Trek-betinker Gene Roddenberry liet soks yn 1968 al yn him omgean en it konsept kaam yn 'e 1980-er jierren op 'e nij op 't aljemint doe't filmprodusint Harve Bennett it oppenearre as in mooglike ferhaalline foar wat úteinlik de film Star Trek VI: The Undiscovered Country wurde soe. Nei de krityske en kommersjele mislearring fan 'e lêste Star Trek-film, Star Trek: Nemesis út 2002, en it stopsetten fan 'e (op dat stuit) lêste Star Trek-tillefyzjesearje Star Trek: Enterprise yn 2005, skreaune útfierend produsint Rick Berman en senarioskriuwer Erik Jendresen in skript foar in film dy't Star Trek: The Beginning komme moast te hjitten en dy't nei Star Trek: Enterprise en foàr Star Trek: The Original Series plakfine moast.
Yn 2005 waard it âlde Viacom, de memme-ûndernimming fan filmstudio Paramount Pictures, dy't de rjochten op 'e Star Trek-franchise yn besit hie, opspjalten yn twa nije bedriuwen: De CBS Corporation, dy't eigner waard fan 'e CBS Television Studios, en it nije Viacom, dat eigner waard fan Paramount. Dêrtroch hie CBS neitiid it filmmerk fan Star Trek yn it besit, wylst Paramount de rjochten op 'e eardere Star Trek-films behold en ek it produksjerjocht foar eventuele takomstige films. (Yn desimber 2019 soene de beide bedriuwen wer ûnder ien eigner komme troch de oprjochting of weroprjochting fan ViacomCBS.) Tsjin dy eftergrûn hierde Paramount senarioskriuwers Roberto Orci en Alex Kurtzman en filmprodusint J.J. Abrams yn om 'e Star Trek-franchise op 'e nij út te finen.
Der waard besletten ta in reboot fan 'e hiele franchise mei in nije oarspronklike USS Enterprise (NCC-1701) en in nije oarspronklike bemanning besteande út jonge akteurs dy't de rollen fan Kirk, Spock, Uhura, McCoy, Scott, Sulu en Chekov fertolkje soene. Boppedat waard keazen foar in plot wêryn't troch tiidreizgjen de foarskiednis fan dy personaazjes yngeand feroare waard, mei as gefolch dat der in alternative tiidline yn in parallel hielal kreëarre waard. Op dy manear soene de filmmakkers in prequel fan Star Trek: The Original Series meitsje kinne mei de bekende en populêre personaazjes, en dochs net bûn hoege te wêzen oan 'e Star Trek-kanon sa't dy sûnt 1966 fêstlein wie.
Produksje
bewurkje seksjeStar Trek waard regissearre troch J.J. Abrams nei in senario fan Roberto Orci en Alex Kurtzman. As produsinten wiene njonken Abrams sels ek Damon Lindelof en Bryan Burk by it projekt belutsen foar de filmstudio's Spyglass Entertainment, Bad Robot Productions en K/O Paper Products. Foar de film wie in budget beskikber fan $150 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dan Mindel, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino. De opnamen setten op 7 novimber 2007 útein en duorren oant en mei 27 maart 2008. Neitiid waarden der yn april 2008 noch bykommende opnamen dien by Bakersfield (Kalifornje), dat trochgean moast foar de lânsdouwe yn Iowa dêr't Kirk opgroeide.
Behalven yn 'e studio's fan Paramount Pictures waard der ek op lokaasje filme, û.o. yn it stedhûs fan Long Beach (Kalifornje) en by de San Rafael Swell yn Utah. De kampus fan 'e Steatsuniversiteit fan Kalifornje, Northridge gie troch foar de militêre akademy fan 'e Stjerrefloat, Vasquez Rocks yn Súdlik Kalifornje figurearre as it oerflak fan 'e planeet Vulcanus, in Budweiser-bierbrouwerij yn Van Nuys waard brûkt as de masinekeamer fan 'e USS Enterprise, en in elektrisiteitssintrale yn Long Beach gie troch foar de masinekeamer fan 'e USS Kelvin. Yn 'e postproduksje waarden by de filmmontaazje mear as tûzen special effects tafoege, dy't makke wiene troch ferskate bedriuwen, wêrûnder Industrial Light & Magic (ILM) en Digital Domain.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Star Trek waard fersoarge troch Paramount Pictures. Oan it útbringen fan Star Trek gie in moannenlange marketingkampanje foarôf. Foarpremiêres fûnen plak yn ferskate stêden, lykas Austin yn Teksas, Sydney yn Austraalje en Calgary yn Kanada. De wrâldpremiêre fûn plak op 7 april 2009 yn it Opera House yn Sydney. De film iepene dêrnei op 8 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum waard op 5 maaie 2009 útbrocht troch platemaatskippij Varèse Sarabande. Op 17 novimber 2009 kaam Star Trek út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Star Trek oer it algemien tige loovjende resinsjes. Sa parte Ty Burr, fan 'e Boston Globe, de film 4 fan 4 stjerren ta en omskreau him as "alderraarste befredigjend" en "de bêste prequel aller tiden". Ek bgl. Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly, Peter Travers fan Rolling Stone en Manohla Dargis fan The New York Times wiene tige goed oer de film te sprekken. Benammen it aktearjen fan Chris Pine en Zachary Quinto en de special effects waarden priizge.
Keith Phipps fan The A.V. Club fûn lykwols dat de film in ferskowing fertsjintwurdige fan "wêr't Star Trek foar stiet, wêrby't de klam ferpleatst wurdt fan […] dúdlik útsprutsen humanistyske deugden yn it foardiel fan sikestûkjende aksje ôfwiksele mei útbarstings fan emoasje." Dêr heakke er oan ta dat de film "miskien wol net iens daliks werom te kennen is [as Star Trek] foar langjierrige fans." Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, wie it dêrmei iens en joech de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "De jierren fan Gene Roddenberry, doe't de ferhalen omboartsje koene mei fraachstikken op it mêd fan wittenskip, ideälen of filosofy, binne ferfongen troch ferhalen dy't werombrocht binne ta lûde en kleurrike aksje."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Star Trek in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 339 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] blaast in klassike franchise nij libben yn mei aksje, humor, in sterk ferhaal, en briljante special effects, wêrmei't er it sawol tradisjonele Trekkies as nije fans nei it sin meitsje sil." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 46 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeStar Trek brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $127,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $257,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $385,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $235,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Star Trek in grut kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende Star Trek-film oant doe ta, en de op seis nei meast opbringende film fan 2009.
Prizen
bewurkje seksjeYn 2010 waard Star Trek by de Oscars nominearre foar prizen yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste fisuele effekten. De film wûn ien Oscar, foar bêste fisazjy en hierstylearring (Barney Burman, Mindy Hall en Joel Harlow). De film wûn ek de Screen Actors Guild Award foar bêste team stuntlju yn in spylfilm en de Satellite Award foar bêste blu-raypublikaasje. By de Saturn Awards waard Star Trek nominearre yn seis kategoryen, wêrûnder bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste senario, bêste produksje-ûntwerp en bêste special effects. De film wûn de Saturn Award foar bêste fisazjy en de (ta de Saturns hearrende) George Pal Memorial Award.
Star Trek waard by de Empire Awards nominearre foar bêste film en bêste regisseur en wûn de priis foar bêste science fiction- of fantasyfilm. By de Scream Awards waard Star Trek nominearre foar santjin prizen en wûn de film yn 'e kategoryen bêste science fiction-film, bêste regisseur (J.J. Abrams), bêste science fiction-akteur (Chris Pine), bêste cameo (Winona Ryder), slaanderijsêne fan it jier (Kirk tsjin Spock) en de ultime gjalp (ultimate scream). Star Trek waard ek nominearre foar in Grammy, in Hugo Award, twa BAFTA's, fiif Critics' Choice Awards, fjouwer People's Choice Awards, twa MTV Movie Awards en seis Teen Choice Awards.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Star Trek
- (in) Ynformaasje oer Star Trek yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|