Tiidreizgjen
Tiidreizgjen is it konsept dat eat of immen him bewege kin tusken twa ferskillende punten yn 'e tiid, krekt sa't men jin bewege kin tusken twa ferskillende punten yn 'e romte. Om't men dêrby altyd yn it hjoed begjinne moat (want de tiid dêr't men yn libbet is ommers altyd it hjoed) besteane der twa farianten fan tiidreizgjen: it tebekreizgjen yn it ferline en it foarútreizgjen yn 'e takomst. Tiidreizgjen is in standertgegeven yn in oansjenlik diel fan 'e literêre sjenres fan 'e science fiction en de fantasy. Yn 'e science fiction wurdt tiidreizgjen ornaris oannimlik makke troch der in technologysk apparaat of fehikel foar te brûken, wylst it yn 'e fantasy faak berêst op in magyske poarte dy't bygelyks foarme wurde kin troch in stiensirkel lykas Stonehenge.
It idee fan tiidreizgjen waard yn 1895 foar it earst popularisearre troch de novelle The Time Machine, fan 'e Ingelske skriuwer H.G. Wells. Oare bekende foarbylden út 'e literatuer binne bgl. it koarte ferhaal Rip Van Winkle, fan 'e Amerikaanske auteur Washington Irving, wêryn't de haadpersoan by fersin tweintich jier 'sliept' en sa nei de takomst reizget, en de Outlander-romansearje fan 'e Amerikaanske skriuwster Diana Gabaldon, wêryn't in tweintichste-iuwske frou fia in magyske poarte yn it Skotlân fan 1745 bedarret. Yn har Thessaly-trilogy makket de Kanadeeske skriuwster Jo Walton ek yngeand gebrûk fan tiidreizgjen. Yn har tankbetsjûging by it lêste diel, Necessity, fertelt se oer de problemen dy't dat foar har opsmiet by it skriuwen fan it boek. Hja riedt har lêzers sadwaande oan: "Sis gewoan nee tsjin tiidreizgjen. Je tinke dat it al je problemen oplosse sil, mar úteinlings sitte je mei al deselde problemen oantangele, mei as iennichste ferskil dat dy alhiel fertize sitte yn 'e tiid."[1]
Hoewol't tiidreizgjen yn fiksje en ek yn 'e filosofy in erkend idee is, kin it yn 'e teoretyske natuerkunde mar tige beheind wittenskiplik ûnderboud wurde. De ûnderbouwing dy't er is, stipet benammen op kwantumeganika of Einstein-Rosenbrêgen. Los dêrfan is 'tiidreizgjen' yn 'e sin fan ienrjochtingsferkear nei de takomst fia tiiddilataasje in bewiisd natuerkundich ferskynsel. Dêrby soe de bemanning fan in romteskip 'foarút nei de takomst reizgje' om't de tiid ûnder beskate omstannichheden oan board fan it skip stadiger giet as op in planeet. Om in romteskip in ôfstân fan ienige betsjutting yn 'e takomst op reizgje te litten, moat it lykwols in faasje ûntwikkelje dy't deunby de fluggens fan it ljocht leit, en dat is totaal ûnmooglik mei it technologyske ûntwikkelingsnivo sa't dat hjoed de dei bestiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side. |