Jo Walton
Jo Walton (folút: Josephine Walton; Aberdare, 1 desimber 1964), is in Britsk-Kanadeesk skriuwster, dichteresse, essayiste en kollumniste. Hja is hikke en tein yn Wales, mar emigrearre yn 2002 nei Kanada ta, dêr't se yn Montreal wennet. Se hat in tsiental romans skreaun dy't ta it sjenre fan 'e fantasy en it alternative skiednis-subsjenre fan 'e science fiction hearre. Fral Tooth and Claw, de Small Change-trilogy en Among Others waarden tige goed ûntfongen. Mei dat lêste boek wûn Walton sawol in Nebula Award as in Hugo Award, wat de beide meast prestizjeuze Amerikaanske science fiction- en fantasyprizen binne.
Jo Walton | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Josephine Walton | |
nasjonaliteit | Britsk Kanadeesk | |
berne | 1 desimber 1964 | |
berteplak | Aberdare (Wales) | |
etnisiteit | Welsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, SF, poëzij, essay's, kollumns, blôch | |
bekendste wurk(en) |
Tir Tanagiri-boeken Tooth and Claw Small Change-trilogy Among Others The Just City | |
útjouwer | Tor Books | |
prizen | World Fantasy Award 2004 Mythopoeic Award 2010 Hugo Award 2012 Nebula Award 2012 | |
jierren aktyf | 2000 – no | |
offisjele webside | ||
www.jowaltonbooks.com |
Libben
bewurkje seksjeWalton waard yn 1964 berne yn Aberdare, yn 'e Welske Cynondelling, dêr't se opgroeide yn in Ingelsktalich gesin (al wie har beppe in Welsktalich oersetster fan namme). Walton kin wol Welsk prate, mar neffens eigen sizzen hat se dêrby de grammatikale behearsking en de wurdskat fan in bern fan tsien jier. Se genoat har oplieding yn Aberdare en de Welske haadstêd Cardiff, doe oan in kostskoalle yn it Ingelske Shropshire en úteinlik oan 'e Universiteit fan Lancaster. Se wenne in jier yn Cardiff, twa jier yn Londen, sette har yn 1997 nei wenjen yn it Welske Swansea, en ferfear yn 2002 nei Kanada, dêr't se sûnt wennet yn Montreal, yn 'e Frânsktalige provinsje Kebek, mei har man Emmet A. O'Brien, dy't oarspronklik út Ierlân komt. Se hat earder troud west mei Ken Walton, en hat ien bern, in soan dy't fan Sasha hjit.
Walton sette al útein mei te skriuwen doe't se noch mar trettjin jier wie, mar brocht har earste roman pas út yn 2000. Foartiid hie se in pear oanfollings op role-playing games skreaun, foar it meastepart yn gearwurking mei har doetiidske man, Ken Walton. Fierders publisearre se gedichten en wie se belutsen by it fantasy- en science fiction-fandom op it ynternet. Har earste beide romans, The King's Peace (2000) en The King's Name (2001), spylje yn in optochte wrâld dy't fierhinne basearre is op it arthuriaanske Ingelân, mei as wichtichste ferskil dat froulju der in maatskiplike rol hawwe dy't yn alle opsichten gelyk is oan dy fan manlju. It is eins in trilogy, mei't The King's Peace út twa dielen bestiet: The King's Peace en The King's Law, dy't lykwols nea los faninoar publisearre binne. Walton har trêde boek, The Prize in the Game, dat yn 2002 útkaam, is in prequel dy't yn deselde wrâld spilet, mar dan yn it buorlân, dat basearre is op it Ierlân út 'e tiid fan 'e fiif keninkriken. Datselde jiers wûn se de John W. Campbell Award for Best New Writer, in priis foar begjinnende skriuwers.
Walton har fjirde roman, Tooth and Claw (2003), dêr't se de World Fantasy Award mei wûn, wie in tige atypysk boek foar it fantasysjenre: it wie skreaun nei foarbyld fan 'e romans fan Jane Austen, Anthony Trollope en oare njoggentjinde-iuwske skriuwers, mar dan yn in wrâld dy't befolke wurdt troch draken ynstee fan minsken. Yn 2008 publisearre Walton ferskate haadstikken op it ynternet fan in ûnfoltôge ferfolch op Tooth and Claw, mei as titel Those Who Favor Fire.
Farthing (2006), it earste diel fan 'e Small Change-trilogy, wie Walton har earste science fiction-roman. It ferhaal is pleatst yn in alternative skiednis fan 'e tweintichste iuw, wêrby't Churchill yn 1940, op it hichtepunt fan 'e Slach om Ingelân, ôfset is troch in kliber Britske faksisten, dy't de befolking wiismakke hawwe dat om in "earfolle frede" mei Hitler te sluten de iennichste útwei út 'e oarloch is nei de Fal fan Frankryk. Trochdat de Britten net mear yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa behelle binne, reitsje de Feriene Steaten der nea by belutsen en hawwe de Dútsers de hannen frij om 'e Sovjet-Uny oan te pakken. Farthing waard nominearre foar in stikmannich prizen, mar wûn der gjint. It twadde diel fan 'e trilogy, Ha'penny, kaam yn 2007 út en wûn in Prometheus Award (as dield earste plak mei de roman The Gladiator, fan Harry Turtledove). De trilogy besleat yn 2008 mei Half a Crown, wat algemien as it swakste diel beskôge wurdt.
Sûnt hat Walton noch trije op harsels steande romans publisearre. Lifelode waard yn 2009 publisearre yn in beheinde hardcover-oplaach fan 800 eksimplaren. Mei Among Others, út 2011, wûn Walton sawol in Nebula Award as in Hugo Award, wat de beide meast prestizjeuze Amerikaanske fantasy- en science fictionprizen binne. Among Others is fierders ek ien fan mar sân boeken dy't ea nominearre west hawwe foar sawol in Nebula Award, in Hugo Award as in World Fantasy Award. Yn 2014 ferskynde My Real Children, in roman oer in frou, Patricia Cowan, dy't opnommen is yn in psychiatrysk sikehûs om't se dingen ferjit dy't se witte moatte soe en har dêrfoar yn 't plak ûnmooglike dingen tebinnenbringe kin. Sa wit se noch dat se mei Mark troude en fjouwer bern mei him krige, mar ek dat se net mei Mark, mar mei Bee troude en trije bern mei hìm krige. Se wit noch hoe't presidint Kennedy yn 1963 by in bomoanslach om it libben kaam, mar ek hoe't Kennedy yn 1964 ôfseach fan in twadde termyn as presidint nei't de Kubakrisis útrûn wie om in nukleêre oarloch wêrby't Miami en Kiëv mei de grûn lyk makke wiene. Yn My Real Children beskriuwt Walton in frou dy't yn twa ferskillende wrâlden, twa ferskillende ferzjes fan 'e skiednis tagelyk libbet, en lit se sa sjen hoe't elts inkeld libben de hiele wrâld feroarje kin.
Jannewaris 2015 kaam fierders fan Walton The Just City út, in roman wêryn't de tiidreizgjende goadinne Pallas Atene beslút om Plato syn filosofy op 'e proef te stellen. Sadwaande skept se yn 'e fiere Prehistoarje op in eilân yn 'e Middellânske See syn ideaalbyld fan de Rjochtfeardige Stêd, dat se befolket mei tsientûzen bern en in pear hûndert ferneamde lju út alle tiidrekken fan 'e skiednis. Har healbroer Apollo, dy't yntrigearre rekke is troch it minsklik bestean, sjocht dit as de útlêzen kâns om it sels ris te prebearjen, en pleatst himsels dêrom yn 'e foarm fan in stjerlik bern yn 'e Stêd. Al rillegau, lykwols, begjint Plato's ideaal yn syn foegen te kreakjen as nimmen oars as Sokrates ferfelende fragen begjint te stellen. Yn The Philosopher Kings (juny 2015) wurdt dit ferhaal ferfolge as Apollo as folwoeksene minsklik leed en lijen ûnderfynt en der mei in boatfol frijwilligers op útgiet om him te wreitsjen.
Sûnt 2008 skriuwt Walton ek in kollem foar de webside fan útjouwerij Tor Books (www.tor.com). Foar it meastepart giet it dêrby om kritiken op âldere útjeften.
Wurk
bewurkje seksjeFiksje
bewurkje seksjeRomans en novelles
bewurkje seksje(It giet yn ûndersteande list om romans, of it moat oars oanjûn wurde.)
- Tir Tanagiri-boeken
- 2003 – Tooth and Claw
- 2008 – Those Who Favor Fire (ûnfoltôge ferfolch; ferskate haadstikken publisearre op it ynternet)
- Small Change-trilogy
- 2006 – Farthing
- 2007 – Ha'penny
- 2008 – Half a Crown
- 2014 – Escape to Other Worlds with Science Fiction (novelle spyljend yn deselde wrâld)
- 2023 – Small Change: The Complete Trilogy (omnibusedysje fan Farthing, Ha'penny en Half a Crown)
- 2009 – Lifelode (publisearre yn in beheinde hardcoveroplaach fan 800 eksimplaren)
- 2011 – Among Others
- 2014 – My Real Children
- 2014 – Sleeper (novelle)
- Thessaly-trilogy
- 2015 – The Just City
- 2015 – The Philosopher Kings
- 2016 - Necessity
- 2017 - The Rebirth of Pan (novelle)
- 2017 - A Burden Shared (novelle)
- 2018 – Poor Relations
- 2019 – Lent
- 2020 – Or What You Will
Koarte fiksje
bewurkje seksje- 2018 - Starlings (ferhalebondel)
- 2020 – Nevertheless She Persisted (ferhalebondel fan it Flash Fiction Project y.g.m. Charlie Jane Anders, Brooke Bolander, Amal El-Mohtar, Maria Dahvana Headley, Kameron Hurley, Seanan McGuire, Nisi Shawl, Catherynne M. Valente, Carrie Vaughn en Alyssa Wong)
Poëzij
bewurkje seksje- 2001 – Muses and Lurkers
- 2009 – Sybils and Spaceships
- 2013 - The Helix and the Hard Road (mei Joan Sloncewski)
Oare fiksje
bewurkje seksje- 1995 – GURPS Celtic Myth (oanfolling op in roleplaying game, mei Ken Walton)
- 2002 – Realms of Sorcery (oanfolling op in roleplaying game, mei Ken Walton)
Non-fiksje
bewurkje seksje- 2013 – Story behind "Ha'Penny" by Jo Walton (essay)
- 2014 – What Makes This Book So Great (bondeling fan kollumns)
- 2017 – An Informal History of the Hugos (skiednis fan 'e Hugo Awards)
- 2020 - Visiting Friends (reisferslach oer Walton har reis yn 2019 by de wenten fan har freonen lâns, ûnder wa Voltaire, Diderot en Pico della Mirandola)
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2002 | John W. Campbell Award for Best New Writer | wûn | n.f.t. | The King's Peace |
2004 | World Fantasy Award | wûn | bêste roman | Tooth and Claw |
2007 | John W. Campbell Memorial Award | nominearre | n.f.t. | Farthing |
Nebula Award | nominearre | bêste roman | Farthing | |
Quill Award | nominearre | bêste science fiction/fantasy/horror-roman | Farthing | |
Sidewise Award for Alternate History | nominearre | bêste lange fiksje | Farthing | |
2008 | Lambda Literary Award | nominearre | bêste science fiction-, fantasy- of horrorroman | Ha'penny |
Prometheus Award | wûn (dield earste plak) | n.f.t. | Ha'penny | |
2010 | Mythopoeic Award | wûn | bêste fantasyroman | Lifelode |
2012 | Hugo Award | wûn | bêste roman | Among Others |
Nebula Award | wûn | bêste roman | Among Others | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | Among Others | |
2014 | James Tiptree, Jr. Award | wûn | bêste boek | My Real Children |
2015 | World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | My Real Children |
2016 | Prometheus Award | nominearre | bêste boek | The Just City |
2017 | Mythopoeic Award | nominearre | bêste fantasyboek | Thessaly |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |