Shropshire (somtiids ôfkoarte ta Shrops) of Salop is in greefskip yn de Ingelske regio West Midlands, en bestiet nei alle gedachten al sûnt de 10e iuw. It hat 283.173 ynwenners en it oerflak berint 3197,3 km². Greefskipshaadstêd is Shrewsbury.

Wapen
Lizzing Shropshire yn Ingelân

Shropshire grinzet oan Cheshire, Staffordshire, Worcestershire, Herefordshire en de Welske greefskippen Powys en Clwyd.

Demografy bewurkje seksje

Fan de befolking is 18,1 % âlder as 65 jier. De wurkleazens is 2,5 % fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001).

It oantal ynwenners naam ta fan likernôch 268.700 yn 1991 nei 283.173 yn 2001.

  • befolking= 283.173
  • befolkingtichtens= 89 km²
  • blank= 99,1 %
  • kristen= 79,9 %
  • hindoe= 0,1 %
  • moslim= 0,3 %
  • gjin religy= 12,2 %

Yndustriële revolúsje bewurkje seksje

 
The Iron Brige yn Ironbridge

Fan Shropshire wurdt wol sein dat dêr de widze fan de Yndustriële Revolúsje stie, omdat dêr paadsljochtsjende ûntjouwings op dat mêd plak fûn hawwe yn de 18e iuw. Shropshire hat in grut ferskaat oan geologyske formaasjes mei sawat alle stiensoarten dy't der yn Noard-Europa te finen binne. Der wurdt stienkoal, laai, koper en izererts fûn. Teffens koe de ekonomy profitearje fan de rivier Severn, dy't in natuerlike transportwei foar de mynbouprodukten foarme.

Bysûndere bouwurken yn Shropshire binne de Iron Bridge ( ±1780) en de Ditherington Flax Mill (± 1800).

Distrikten bewurkje seksje

 
De Severn, meast wichtige wetterwei fan Shropshire
Distrikten Detailkaart
  1. Shropshire Council (Unitary authority)
  2. Telford and Wrekin (Unitary authority)
 

Grutste plakken bewurkje seksje